De dea yn eigen hân?

Publisearre op 8 augustus 2014

 PIER BERGSMA – 

 

Ik freegje my ôf oft der eins in fêste grûn en boaiem bestiet dêr’t wy al sa lang om sykje en oft it net ús lot is om ivich op iepen see te driuwen (Alexis de Tocqueville)

 

Nei op non-aktyf steld te wêzen en wylst der in strafrjochtlik ûndersyk nei him rûn, makke húsdokter Nico Tromp út Tuitjenhorn yn oktober ferline jier in ein oan syn libben. Hy hie in deasike man út syn lijen holpen, mar sûnder achtslaan fan de wetlike foarskriften.

Ein jannewaris ferline jier ferstoar myn mem, 91 jier âld. Oant in pear moannen foar har dea aktyf nei lichem en geast. Se wenne selsstannich, mei ien kear yn ’e wike in pear oeren húshâldlike help. Gjin famylje yn ’e buert, wol in soad kunde. Op fragen as ‘Hoe moat it no at jo net mear op josels wenje kinne?’, of ‘At jo slim siik wurde, hoe moat it dan?’, wie steefêst har antwurd: ‘Dat sjogge wy dan wol wer’. Doe’t it in pear moannen foar har dea dúdlik waard dat se ûngenêslik siik wie, hat se dôchs in eutanasyferklearring tekene. Oan it begjin fan wat letter har lêste wike bliek te wêzen, moast ik de beide katten ophelje. De tongersdeis moast ik komme en doe sei se tsjin my en tsjin har eigen húsdokter dy’t roppen wie: ‘Ik kin net mear en ik wol net mear.’ Op dy wurden kom ik werom. Se wie stjerrende en doe is yn goed oerlis palliative sedaasje tapast. Se is fredich fuortgliden yn de dea. Der hoegde gelokkich gjin juridysk trajekt oan te pas te kommen. Ek de fraach oft God it goedfine soe, kaam by ús net oan bar. Mar beide, sawol it godlik oardiel as de wetlike foarskiften, binne nei de oertsjûging fan de measten fan libbensbelang at men de dea yn eigen hannen nimme wol.

It kin ek oars. Sa’t yn de midsieuwen de duvel en syn maten it minskdom meinamen nei helske ôfgrûnen, lykas ôfbylde op it rjochterpaniel fan “It Lêste Oardiel”, sa hat it duvelske Al Qaida it fersjoen op ús moderne maatskippij. Yn de betide moarn fan moandei 2 maaie 2011 waard harren grutste duvel Osama Bin Laden troch in spesjale kommando-ienheid fan it Amerikaanske leger deasketten. Neffens guon hie it ta in rjochtsaak komme moatten. De Amerikanen sieten dêr net mei. De deastraf is in legale straf yn in grut part fan de 50 Amerikaanske steaten. Sûnt 1976 hawwe dêr mear as 400 minsken de deastraf krigen. Yn ús lân waard de deastraf yn 1860 foar it lêst útsprutsen en tsien jier letter ôfskaft. Nei de twadde wrâldkriich binne noch 40 oarlochsmisdiedigers deasketten. Dêrnei wie it definityf ôfrûn. Dôchs fine sawol steaten as yndividuën it blykber yn guon gefallen rjochtfeardich en goed om oaren fan it libben te berôvjen of oan har ein te helpen.

 

Himelske dissiplinearring

Sûnt 1998 publisearret Arjan Visser syn “Tien geboden” yn deiblêd Trouw. Op it seisde gebod “Gij zult niet doden” jout André Hazes silger as antwurd datst berneferkrêfters sa tsjin de muorre sette kinst, “… en ik schiet ze met plezier dood”. Seksueel misbrûk fan bern wie op it stuit fan it petear mei kardinaal Ad Simonis noch net yn de iepenbierheid kaam, mar hy wit te melden dat wy ek sûnder kunde fan dy misdieden yn in sûndige tiid libje: ‘Ik vind het wel een teken van deze tijd dat er zo losjes over dit zesde gebod wordt nagedacht met betrekking tot euthanasie en abortus. Je moet beslissingen over leven en dood aan God overlaten. Het is net als met de seksualiteit die in twintig jaar verworden is tot een industrie. Alles maakt deel uit van één groot moreel verval. Euthanasie is een zeer versluierd woord. We noemen het een “goede dood”, maar het is een heel erg kwaaie dood. Daar hebben we van af te blijven. God is de heer van ons leven”.

It is opfallend dat sykte en dea sels yn it moderne sekularisearre Europa ferbûn bliuwe mei tradysjes fan leauwen. De foarige paus fersette him yn 2008 tsjin it beëinigjen fan it tatsjinjen fan fieding oan Eluana Englaro. Dy 38-jierrige frou lei nei in auto-ûngelok santjin jier yn koma. By einbeslút krige har heit dôchs syn sin en op 9 febrewaris 2009 is se ferstoarn.

Koart foar Peaske 2011 beändere Benedictus XVI inkele fragen dy’t him steld wienen. Troch it Italiaanske publyk. De mem fan in 40-jierrige man dy’t al twa jier yn koma lei, frege de doetiids 84-jierrige tsjerkelieder oft de siele fan har soan him al ferlitten hie of dat dy noch oanwêzich wie. Neffens de paus wie it lêste it gefal. De siel stiicht pas op as it lichem it net mear docht.

 

Yntermezzo: Hoe dea is dea?

Net allinne de paus wit sokke dingen, kardiolooch Pim van Lommel blykt ek saakkundich te wêzen. Yn syn boek “Eindeloos bewustzijn” wit er te melden dat it minsklike bewustwêzen fuortlibbet nei de dea, mar bûten de harsens. Ik freegje my ôf at soks ek jildt foar oare sûchdieren, of allinne foar minsken. It grutte sukses fan it boek is te tankjen oan it feit dat guon net libje kinne mei de gedachte dat it nei de dea ôfrûn is. Se skeppe moed út de “wittenskiplike bewizen” fan libben nei de dea. Van Lommel basearret him op de “bijna-doodervaringen” dy’t er ûnder oaren yn syn wurk tsjinkaam.

Neffens wiere leauwenden jout dat in bewiis foar it ferhaal fan de opstanning fan Jezus, dy’t ommers nei trije dagen opstie út it grêf. Al yn syn libben liet Er syn krêft sjen troch minsken út de dea op te wekjen, lykas syn freon Lazarus en it dochterke fan Jaïrus. De kristenen dy’t dy ferhalen letterlik nimme, realisearje har net dat dy Bibelske stakkers twa kear stoarn binne. De útspraak fan Jezus: “Wa’t yn my leaut, sil ivich libje, ek al is er stoarn” is foar de ûnstjerlike Fosca – yn it boek fan Simone de Beauvoir “Tous les hommes sont mortels” – in flok. Wa soe ivich libje wolle, ik alteast net.

Van Lommel stiet yn in lange tradysje. Ik behein my ta in pear oansprekkende foarbylden. Yn 1633 stjert Sara, it achtjierrige famke fan Joost van den Vondel. In jier earder hie er Constantijntje ferlern. Syn soantsje is no “in engeltje van ’t hemelrijck”. As in jier letter  Vossius syn soan oan de dea ferliest, skriuwt Vondel in treastliet foar syn freon troch it foar te stellen as dat de jonge no de einbestemming berikt hat. De mooglikheden fan de medyske wittenskip yn de santjinde ieu wienen sa lyts dat der oars net folle oerbleau as berêsting. De lêste rigels fan it gedicht binne: “Gelukkig is een vast gemoed dat in geen blijde weelde smilt, en stuit, gelijk een taaie schild, de onvermijdbre tegenspoed”.

Twa ieuwen letter stean de saken der oars foar. Op woansdei 23 april 1852 stjert Annie, de leavelingsdochter fan Charles Darwin, noch mar tsien jier âld. Dat wie foar Darwin de reden om God farwol te sizzen. Om syn djipleauwige frou en de omjouwing net foar de holle te stjitten, hâlde hy syn ûnleauwe ferburgen.

 

Medyske macht

Erasmus koe yn syn “Lof der Geneeskunde” (1518) sûnder problemen yn ’e pleit gean foar it godlike wurk fan dokters. It minsklik bestean wie kwetsber en fragen oer wat wol of net mocht yn de genêskeunst kamen net oan bar. Treast koe in dokter biede, gjin genêzing. It ierdske bestean waard sjoen as in trochgongshûs nei it ivige libben. Pas yn de rin fan de sechtjinde ieu begjinne se wat sicht te krijen op it minsklik lichem en pas yn de tweintichste ieu wurde de mooglikheden om wêzentlik wat te dwaan wat langer wat grutter. Dêrmei dûke ek de fragen op wat wol of net tastien wurde kin.

Ien fan de earsten dy’t yn ús lân de medyske etyk oan ’e oarder stelde, wie de Leidske heechlearaar en senuwdokter Jan Hendrik van den Berg (1914 – 2012). Hy waard yn de jierren fyftich benammen bekend troch syn “Metabletica”. Tsien jier letter kaam it boek “Medische macht en medische ethiek” út. Op side 29 toant Van den Berg in foto fan in earnstich mismakke bern as gefolch fan it middel softenon. Under oaren nei oanlieding fan sok lijen skriuwt er: “(…) daarom richt ik mij tot mijn collegae, artsen, specialisten, met het verzoek deze wreedheid te staken, door de consequentie te nemen van hun medische macht. Ik vraag de familie van de patiënt de arts daarin te steunen (…) en de verpleegster om geen weerstand te bieden. (…) Voor de patiënt zelf is mijn laatste woord. Want voor hem schreef ik deze bladzijden. Aan hem de bepaling hoe hij wil sterven, waardig of onwaardig. Het recht om te sterven is er op elk moment”.

Dokters hawwe de neiging om safolle mooglik troch te behanneljen. Der is in enoarme fokus op sûnens. Krekt as in religy hat ek de sûnenssoarch syn prysters (dokters en ferpleechkundigen), syn lear (de medyske wittenskip), syn kultusplakken (de sikehuzen), syn riten (jierlikse check-ups). Bedriuwen biede “total bodyscans” oan. Jo moatte jo ôffreegje wat dat allegearre oplevert, en wat noch te dwaan by ien fan 85 dy’t fersliten is troch âlderdom. In kar om net mear te behanneljen soe net allinne út it eachpunt fan kosten ferstannich wêze kinne, mar is ek út it eachpunt fan kwaliteit fan libjen in kar. En at it wier net mear giet, wêrom soenen âlde minsken dan net sels beslute meie oer harren libben en dea.

Der bestiet tsjintwurdich in wetlike regeling oangeande begelate en medyske selsdeading. Yn it foarste plak moat de sike oer langere tiid en út himsels oanjûn hawwe net langer libje te wollen. Dat moat skriftlik fêstlein wêze. Yn it twadde plak moat oannimlik wêze dat de pasjint by it folle ferstân in beslút nommen hat en de gefolgen dêrfan oersjen kin. De behanneljende dokter moat de oertsjûging hawwe dat it lijen sûnder útsjoch is en net mear op in oare manier lichter makke wurde kin. Dan moat ek noch in oare ûnôfhinklike dokter yn in petear mei de pasjint ta deselde konklúzje komme. Dêrnei moat rapport útbrocht wurde oan in spesjale ûnôfhinklike kommisje dy’t neigiet oft alles oan de easken fan soarchfâldigens foldocht. Dat alles liket foar de hân te lizzen by in selskeazen dea dêr’t oaren mei ferantwurdlik foar binne. Dy strange regels hawwe somtiden ta gefolch dat in eardere eutanasyferklearring net mear brûkber is. Ommers at ien net mear by steat is, om hokker reden dan ek, om sels dúdlik oan te jaan dat er ôfskie nimme wol fan it libben, dan kin in dokter neat dwaan. Sa kom ik werom op ús mem, dy’t dat gelokkich noch wol freegje koe.

 

In demokratisearre moraal

“Libje sille jim deaden” is ien fan de lieten yn de moaie bondel “De gitaar by it boek” fan Fedde Schurer, en yn it midsieuske Egidius-liet “Egidius, waar bestu bleven. Mi lanct na di, gheselle mijn”, fynt de skriuwer treast omdat syn freon no “in den troon verheven” is. Hy is by God. Mar in soad minsken hawwe sok leauwen ferlitten. Dat jildt ek foar de oertsjûging dat de wetten oangeande libben en dea fan God komme.

Wy litte ús hieltyd minder liede troch de tsjerke, troch útspraken fan de paus of fan guon dy’t boppe ús steld binne, of troch útsjoch op it ivige libben. De fertikale dissipline is ferfong troch in horizontale dissipline, net mear it gesach fan God, mar it gesach fan de minsken en wetjouwing is liedend foar ús bestean. Wy libje yn in tiid fan in demokratisearre moraal.

Prenatale diagnostyk, it ôfskaffen fan de deastraf en takomstige technyske mooglikheden sille de dea net bûten de doar hâlde. “Het refrein is Hein” is in boektitel fan ferpleechhûsdokter en skriuwer Bert Keizer. Yn ’e takomst sil it grif mooglik wurde om minsklike organen te meitsjen en te ferfangen. Sokke ûntjouwingen freegje om nije wet- en regeljouwing, allinne al út it eachpunt fan jild. Dêr wurdt it net makliker fan en it sil net foar elts probleem in oplossing biede. Dôchs moatte wy ús ôffreegje hoe’t nije medyske technology stal krije kin út in eachpunt fan goed en kwea, nut en ûnnut.

It skilderij “It Lêste oardiel” fan Lucas van Leyden waard skildere yn in tiid dat se noch leauden yn sa’n oardiel. De minsken hienen fêste oertsjûgings dy’t basearre wienen op it godlik wurd. Yn de santjinde en achttjinde ieu ûntstiet wat langer wat mear twivel, sa as útsprutsen troch De Tocqueville: “Is it net ús lot om ivich op iepen see te driuwen sûnder fêste boaiem…” En, sis ik derby: mei as iennige kompas de wetten en regels dy’t wy sels betinke en twong binne om sa no en dan te feroarjen. Wy sille hieltiid fierder gean mei it behâld fan it libben, mar wy bliuwe kwetsbere sûchdieren yn in ûnferskillich hielal, allinne oanwiisd op de freonskip en leafde fan de minsken om ús hinne, sa as ferwurde yn “Oan him” fan Rixt (H.A. van Dorssen, 1887 – 1979) út 1952.

 

Do bist foar my wêr’t tûz’nen stjerren blinke

mei súvre glâns yn ’t hege himelblau,

do bist yn al wat grut en goed en wier is,

wêr’t foar my God is, leafste, dêr bisto.

 

 

Earder publiseard yn de Moanne, 13 (2014), 3 (juny) s. 56-59.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels