‘De brimstige ingel’

NIENKE JET DE VRIES – 

Flarden, raffels fan lang ferlyn en fan oaren
Klaas Rusticus (1942) is gjin bekende namme yn de Fryske literatuer. Hy is wol tige bekend as regisseur yn de teater-, film- en tillevyzjewrâld. De âld-Snitser hat in soad produksjes op syn namme stean, yn Nederlân benammen foar de NCRV. Letter wurke hy yn it bûtenlân, û.o. yn Tsjechië en East- en West-Dútslân. Rusticus debutearre yn 2010 as skriuwer, mei Simen de Jong as ko-auteur, mei it Nederlânsktalige boek Twee, oer in freonskip tusken twa jonges. De brimstige ingel is Klaas Rusticus’ Frysktalige debút. De ferhalebondel is opboud út trije dielen mei de prikeljende dieltitels: Wynpûsten by in iepen finster, De Snitser tiid en De wide, wide wrâld.

Rusticus nimt de lêzer mei op reis, yn tiid, romte en ferbylding. Yn it earste diel wurde yn fiif ferhalen East-Europeeske lannen, lannen dêr’t Rusticus yn syn wurk as regisseur ek west hat, en bibelske plakken oandien. Wy reizgje mei nei Albanië, belibje de skepping en sjogge om it hoekje yn it tintekamp fan Tarsus, dêr’t it mearke fan Dorcas en de tintemakker foar ús opfierd wurdt. Ek Postoloptry makket yndruk, om ien ferhaal derút te nimmen. Dat ferhaal is optekene út de mûle fan in oerlibjende fan in Tsjechysk konsintraasjekamp, dy’t beskriuwt hoe’t fjouwer jonge jonges fergees besochten te flechtsjen en doe foar de eagen fan de oaren fernedere, mishannele en úteinlik fusillearre waarden. It barren op himsels makket yndruk, mar de wize fan beskriuwen fersterket dat gefoel. Jo sjogge it foar jo, krekt as wienen je derby. It is oft Rusticus de film regissearret dy’t de lêzer yn syn holle ôfspilet.

It twadde diel, De Snitser tiid, makket mei acht ferhalen it grutste part fan de bondel út. Yn dit diel nimt de auteur de lêzer mei nei syn jeugd. Hy groeide op yn in tradisjonele húshâlding yn Snits, mei Vader, Moeder en Omoe, dy’t by harren yn ʼe hûs wenne. De ferhalen binne gronologysk oardere, fan 1949 oant 1962. Yn alle ferhalen komt it religieuze libben fan de protestantske famylje oan de oarder. Mar ek hjir komt East-Europa oan bar. Yn it ferhaal Imre Kádár is Klaas fjirtjin jier wurden en hat er foar syn jierdei radio-oansluting krigen, as alderlêste fan de klasse. Einlings koe hy meiprate oer de ferskate radioprogramma’s en it lêste nijs. It lêste nijs wie dat Hongarije yn opstân kaam wie tsjin de Sovjet-oerhearsking, ein oktober 1956. It live-ferslach út Hongarije klinkt ek troch yn de Snitser húshâlding. Omoe, tige leauwich en poer op radio tsjin, sei:

Ut is furskrikkulluk dat we dit allegaar hore mutte. Hoe’t Satan dit hús in syn besit krijt. Ut is asof de tenks deur it hús ride. Oeh Here, geef ons de kracht om dit alles te dragen.’ (s. 68)

It radioferslach fan de sitewaasje yn Hongarije brocht Klaas lykwols op in idee: wat soe it moai wêze at in Hongaarske weesjonge by harren yn ʼe hûs kaam te wenjen. Imre Kádár soe it jonkje hjitte. Klaas fantasearre der wakker op troch en sloep as yn in film om klokslach tolve oere hoasfuotlings it hús út, om mei help fan hegerhân Imre persoanlik op te heljen út it flechtlingekamp. Ferbylding spilet in grutte rol. De lêzer belibbet it ferhaal fan Klaas syn waarnimming, tinzen en fantasije. Ek yn de ferhalen dy’t wat realistysker binne, bgl. hoe’t Klaas yn 1962 nei de kweekskoalle giet en hoe’t er letter op ʼe nij keurd wurde moat foar militêre tsjinst, wurdt de fantasij fan de lêzer prikele om de tekst te ferbyldzjen.

Yn it tredde part fan de bondel wurdt de lêzer meinaam de wide wrâld yn. De ferhalen binne in miks fan Rusticus’ persoanlike libben, syn libben as regisseur en wat fantasije. Yn it lêste ferhaal, dat de titel draacht fan it foarste diel fan it boek, Wynpûsten by in iepen finster, is de ik-persoan de okse út it bekende Gilgamesj-epos. It Gilgamesj-epos is tagelyk mei bibelske passaazjes en fragminten út de roman en opera The turn of the screw (1954) ferfrissele yn it reizgjende libben fan in regisseur en spilet him ôf yn de moderne tiid, oeral op ʼe wrâld en yn it Heitehûs. It lêste ferhaal omfiemet wol eleminten dy’t ek yn de oare ferhalen werom te finen binne, mar is nettsjinsteande dat in net maklik te trochgrûnjen ferhaal wurden, dêr’t je trochhinne bite moatte.

It lêste ferhaal is it dreechst te trochsjen, mar ek de oare ferhalen freegje derom om aktyf lêzen te wurden. Rusticus syn eftergrûn as regisseur is goed te fernimmen yn it boek. It is him slagge om op in eigen wize bylden te fangen yn tekst. Dat freget ek fan de lêzer ferbyldingskrêft. De ferhalen op harsels binne bytiden fragmintarysk en slute net hiel goed opinoar oan, mar lêzendewei ûntdekke je in ferskaat oan weromkommende tema’s. Mei de fokus op it kwetsbere fan de minske spilet it bibelferhaal in grutte rol, mar ek neakenens, seksuele aard en it nazybewâld binne tema’s dy’t mear as ienris weromkomme. It dekor dêr’t de ferhalen har yn ôfspylje is wikseljend, dat fariearret fan Snits oant East-Europa en Amearika, fan in húslike sitewaasje oant in filmsetting.

Rusticus hat in opfallende skriuwstyl. Hy skriuwt yn tige koarte, bytiden poëtyske sinnen, en hy omskriuwt de setting fan it ferhaal útwreidich en detaillearre. Dêrtroch foarmet de lêzer him in byld fan de romte dêr’t it ferhaal him yn ôfspilet. Sa wurdt yn it ferhaal In deistige dei (diel twa) it moarnsbrochje omskreaun:

‘Op ʼe kokenstafel stiet de hjouwermout.

Sûker, waarme molke. Leppel levertraan.

Kopke tee. Boppe it oanrjocht toskpoetse.’ (s. 88)

Der stiet gjin wurd tefolle yn dy sinnen, mar wy hawwe allegear in byld krigen fan hoe’t de broggetafel der by Rusticus-en-dy útseach.

Opfallend is de lay-out fan de tekst, om’t dy werjûn is yn twa kolommen. Ek is der in ferskaat oan swart-wyt foto’s en platen yn it boek opnaam, faaks om it byld dat it ferhaal by de lêzer opropt te ûnderstypjen. It is in fersoarge boek, dat drukt is op moai glêd papier, dêr’t de foto’s en de tekst goed op útkomme. Guon foto’s binne naam yn East-Europa, oaren komme út it privee-album fan de auteur. De brunige en foar in part pointillistyske skildering op it omslach is, sa’t út ien fan de ferhalen bliken docht, troch Opa Klaas Rusticus (1867-1944) makke. Hy wie kleureblyn en skildere mei tee yn wikseljende oplossings.

Dizze ferhalebondel moat lêzen wurde mei Rusticus syn regisseurskip yn de efterholle. It binne gjin ferhaaltsjes foar it sliepengean. De ynhâld is serieus, mei in knypeach hjir en dêr, en de lêzer moat it ferhaal bytiden nochris oerlêze om it goed te begripen. Mei dizze bondel hat Rusticus syn nammekaartsje ôfjûn yn de Fryske literatuer. Troch it lêzen fan de ferhalen witte wy wa’t Klaas Rusticus is en wat him dwaande hâldt. Yn syn wurk as regisseur hat hy grif in soad meimakke. Wa wit ynspirearret him dat nochris ta in roman.

 

Klaas Rusticus, De Brimstige Ingel, Hispel, Wiuwert 2014, €15,00

Comments
Ien reaksje oan “‘De brimstige ingel’”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.