De biblioteek fan Sytse ten Hoeve

ERNST BRUINSMA

Sytse ten Hoeve, fanôf 1976 wurksum as direkteur fan it Skipfeartmuseum yn Snits, naam op 17 desimber ôfskie. It wie in sfearfol barren. Wy praten mei him yn Nijlân, yn syn hûs ‘met vele kamers’, oer syn wurksume libben dat nei it ôfskie noch lang net ôfrûn is.

De besiker fan it hûs oan de Tramstrjitte wurdt fuortendaalk konfrontearre mei de belangrykste ynteresses fan Ten Hoeve en it kin net oars as de rigels fan de dichter Herman Gorter komme jin yn it sin: ‘t is vol van schatten hier’. Moai perslein en ierdewurk, boeken, muzyk en samlingen fan de meast útienrinnende saken. Wat fierder opfalt is oarder en rêst. Ten Hoeve wennet yn it hert fan Nijlân, net fier fan de skoalle, de tsjerke en de pastorij. ‘Hjir foar hûs rûn froeger de tram, dy’t oanlein is yn 1883. De Ald Sik neamden wy de tram hjir. De earste rit ûntspoarde der al en dat hat neitiid noch faak sa west.’ Sûnt 1968 wennet Ten Hoeve, berne yn Ljouwert, hjir al: ‘Ik fiel my hjir thús yn dizze doarpsmienskip’.

As bern wie Ten Hoeve al in nijsgjirrich jonkje. Sels gong er op syk nei allerhanne saken dy’t mei keunst en kultuer te meitsjen hienen. ‘Us heit lies in soad, hy koe Multatuli út de holle. En ik sitearje sels ek noch faak, ik wit net wat fan Multatuli. As jonkje wie ik al gek fan boeken, dat is ek sa bleaun. Etiketsjes plakke, boeken nûmerje, rubriseare. Ik wie frijwilliger yn de jeugdbibleteek en hie wakker kontakt mei juffrou Rienks dêr. Lêze as in gek. Doe’t ik 12 jier wie stapte ik op de fyts want ik woe alle Fryske doarpen kennen leare. Ik begûn de tsjerken en tsjerkhôven dy’t ik seach te beskriuwen. Yn 1965 ha ik myn earste stikje skreaun, oer de Westertsjerke; it oargel soe der útsloopt wurde en dat woe men ferkeapje. Dat is fansels ek bard. En no is der wer in probleem, mei teater Romein. De skiednis werhellet him.’

‘It ferline ynspirearret my en daacht my út.’

Ten Hoeve hat in grutte belangstelling foar tsjerken en tsjerkeskiednis. ‘Ja, mar dat is ek wat ferwûnderlik, ús heit wie in fûleindigen ateïst; moast hielendal neat fan it leauwe hawwe. Myn âlders wienen net sa jong mear doe’t se trouden. Us mem kaam fan Ealahuzen út in ortodokse famylje, ik bin der ek doopt. Wy binne letter by de tsjerke weirekke, mar om myn tweintichste hinne bin ik der wer by kaam. Der wie yn Ljouwert doe in dominee, dy’t my troch syn oangripende preken o sa oanspriek. Dominee Bos wie in hiel earnstige man, mei swiere depresjes en al preekjend besocht er him der boppe út te fjochtsjen. Dat sit ek wol slim yn mysels, dat swiersettige, dat earnstige. Ik sis wolris út gekheid: treurige muzyk is folle moaier as fleurige, in rekwiëm hear ik leaver as feestmuzyk. Ik moat der net mei koketteare fansels, mar myn belangstelling foar skriuwers wiist ek dy kant út. Sa lies ik graach yn de ‘Hollânske romans’ fol needlotsfielen fan Arthur van Schendel. Dat swiere sit ek yn wurk fan skriuwers dy’t út Fryslân komme, Piet Paaltjens en J.J. Slauerhoff. Op skoalle makke ik al in wurkstik oer Onno Zwier van Haren, dy is no ferjitten, mar wie yn syn tiid wol in ferneamd man. Syn libben siet fol tragyk, lykas dat fan syn broer Willem van Haren dy’t dat libben beskreau yn Het Menschelijk Leven: ‘Helaas! helaas! hoe vlieden onze dagen,/Hoe spoedt zich ieder uur met onzen luister heen!’ Onno Zwier dichtte oer syn tragysk libben yn syn Hekelzang. Mijn gepasseerd leven, mar dat libben is ek yndrukwekkend beskreaun troch E. Du Perron yn Schandaal in Holland. De skriuwer hie ek wol humor en hy brûkte gewoan moaie taal. Dêrom lês ik sa no en dan ek noch wolris yn de Camera Obscura, fanwegen de moaie taal. Ik bin fierder in grut leafhawwer fan it wurk fan Obe Postma. Der leit in eksimplaar fan it sammele wurk by myn bêd. Ik lês it suver altyd wer op ’e nij. Ik werken deselde omgong mei kultuer, skiednis en lânskip as by mysels. Dat is wat jin bynt. Ek wol mear persoanlike dingen. Hy beneamt wat ik sels fiel. Fierder lês ik wol in soad romans en wurk fan oare dichters. Jan Siebelink en F.B. Hotz fyn ik skitterend fan taal. Myn syktocht nei literatuer en skiednis ha ik sels meitsje moatten. Oangeande de muzyk hie ik wol in learaar op de kweekskoalle dy’t my ynspirearre, Jan Veninga, letter de sintrale man yn de koarwrâld yn Fryslân. Dêr bin ik by oan it sjongen rekke en dat hat in fantastyske erfaring west, foaral de útfierings mei de no sa ferneamde Ton Koopman. Wy hawwe ek mei-elkoar de ‘Leeuwarder Cantorij’ oprjochte. Muzyk, benammen Bach, betsjut in hiel soad foar my, al sjong ik no sels net mear yn in koar.’

As jo kennis oerdrage wolle oan oaren, dan is ynspiraasje tige belangryk, neffens Ten Hoeve. ‘Obe Postma seit yn  ‘As ik opdroegen wurdt’: ‘…. de jonkheit smyt wei it ferline…..’ It ferline ynspirearret my en daacht my út. Ik bin der hieltyd mear achter kaam dat it grutste plezier sit yn it sels útfinen fan dingen. Antwurden te finen op fragen dy’t jo hawwe, benammen oer it ferline, mar ik mei ek wol graach ferhalen fertelle. Ik fyn it moai om it ferhaal oan te klaaien, te kleurjen mei anekdoates. Ik bin der wolris bang foar dat der in soad weirekket as it net opskreaun of trochferteld wurdt. Ik ha hjir troch de tiid hinne op it doarp in freeslik soad dingen heard: histoaryske feiten, anekdoates, lânnammen en wat al net. Dat rekket allegear wei, útsein yn myn holle fansels. En as ik it net opskriuw giet it echt ferlern. Dêr sit ik wolris oer yn.’

‘Yn in museum wurdt de eigen kultuer bewarre en dy moat bestudearre en bekend makke wurde. Fansels moatte der ek besikers komme, mar it moat net allegear om oantallen draaie. Ynhâld stiet foarop.’

Yn jannewaris 1976 kaam hy yn tsjinst by it Skipfeartmuseum. ‘Ja, dêr hie ik gjin idee fan dat ik dêr bedarje soe. Ik fielde my o sa bûn oan Nijlân en it wie ek wol in hiele stap om út it ûnderwiis, mar ik krige fansels in geweldige kâns om fan myn hobby myn berop te meitsjen. It museum wie yn it foarste plak skipfeartmuseum en dêrneist streekmuseum, mar it ûnderskied wie net helder makke. Ik ha der doe in opset foar makke. De klam moast op de skipfeart lizze en it streekmuseum moast in plak krije troch stylkeamers yn te rjochtsjen. Fierder woe ’k de saak wat profesjoneler oanpakke, helderder en moaier ynrjochtsje en der foar soargje dat meiwurkers en besikers harren ferbûn fiele mei it museum. Ik ha ek altyd besocht, lykas Abraham Wassenbergh fan it Fries Museum en Nanne Ottema fan de Princessehof dienen, om te skriuwen oer de kolleksje, benammen yn kranten. Kinst yn wittenskiplike blêden en jierboeken skriuwe, dat moat ek wol, mar de lokale blêden binne hiel geskikt om minsken by de saak te heljen en te hâlden. It is net allinnich sjen, bewûnderje, mar benammen ynformaasje jaan. It publisearjen fûn ik it moaiste fan myn wurk. Yn in museum wurdt de eigen kultuer bewarre en dy moat bestudearre en bekend makke wurde. Fansels moatte der ek besikers komme, mar it moat net allegear om oantallen draaie. Ynhâld stiet foarop. Publikaasjes moatte der foar soargje dat de kolleksje foar in mienskip begjint te libjen. Dat is likefolle winst as besikersoantallen. Der moatte boeken ferskine, al binne der mar 100 lêzers foar. Der komt foar wichtige boeken ek subsydzje, omdat in mienskip of in ynstelling dat belangryk fynt. As jo allinnich dy boeken útjouwe dy’t harren sels bedrippe kinne, dan kinst eigen wittenskip en kultuer wol ferjitte.’

Gjin bombaarje gjin poppekast

It Skipfeartmuseum rint foaroan as it giet om it beskriuwen en digitalisearjen fan de eigen kolleksje, dat hat mei klam it belied fan Ten Hoeve west. ‘Meindert Seffinga, sûnt 1988 oan it museum ferbûn en no myn opfolger, hat him o sa ynset foar it digitalisearjen fan de kolleksje. Wat net te sjen is yn de eksposysjeromten, kinne jo fine op it skerm. Ik fyn it moai, no’t ik ophâld, dat je sizze kinne dat oan it ein fan it jier de hiele kolleksje te besjen en te lêzen is op ynternet. Der binne twa oare musea yn Nederlân dy’t op dit stuit like fier binne, it Joods-Historisch Museum en in museum yn Leiden. De opbou fan in moaie kolleksje, dêr giet it fansels om. Dingen drage safolle ynformaasje en emoasje yn har. By de dea fan jins âlders it hûs leechmeitsje moatte bygelyks, soks ropt hiel wat by jin op. Nicolaas Matsier hat dêr in moai boek oer skreaun: Gesloten huis. Hiel treffend. As foarwerpen yn it museum bedarje is der in grutte kans op dat in soad ynformaasje en emoasje ferlern giet, it is ús taak om dat foar te kommen. Gewoan feiten en gegevens registreare. Ik fyn it hiel slim dat der de lêste jierren op in soad plakken mar sa’n bytsje omtinken oan jûn is. De iene útstalling jaget de oare, tiid om de kolleksje goed te fersoargjen en te beskriuwen is der amper. Minsken soenen it healwiis fine as in bibletekaris seit: ja, dat boek sille wy hjir wol hawwe, mar ik kin it net fine. Fan in argyf wurdt dat ek net akseptearre. Mar by musea wurdt der wol in soad oer praat, mar in hiel lyts bytsje oan dien. Ik wie ris op in gearkomste yn Utert, dêr’t in heechlearaar tsjin museumminsken sei: “Een autodealer die niet weet wat hij in zijn magazijn heeft gaat dadelijk failliet. Ga aan het werk!” De oerheid as jildsjitter kriget faak de skuld, mar jo kinne as museum sels ek jo prioriteiten ferlizze. Stek wat minder yn allerhanne bombaarje en poppekast. It gefaar sit der yn dat as jo soks sizze, minsken dalik tinke dat jo tsjin moderne keunst binne, mar dat is net sa. Der moatte útstallingen holden wurde, dat leveret nije ynsichten, kennis en oanwinsten op. Mar dat moat dan wol barre om dyn museum hinne, troch de eigen kolleksje yn in breder kader te sette.’

‘Stek wat minder yn allerhanne bombaarje en poppekast.’

Medy van der Laan

Wy meitsje eefkes in útstapke nei de resinte plannen fan steatssiktaris Medy van der Laan yn har aksje tsjin ‘saaie stoffige’ musea. Har plannen, tinkt Ten Hoeve, kinne der op út rinne dat museumdirekteuren twongen wurde wer fierder fan har wêzenlike museumtaken ôf te kommen as al bard is: ‘Ferdivedaasje organisearje om besikers te lokjen en dingen presintearje dy’t neat of mar in bytsje mei de museumkolleksje te krijen ha. It rint út op kulturele ferearming. De omroporganisaasjes hawwe om hege hark- en sjochsifers te krijen har identiteit opjûn en yn de programma’s leit it aksint mear op it fermeitsjen as op it foarmjen. Hiel wat tsjerken hawwe út eangst om leden te ferliezen ek de wei fan ferdivedaasje keazen en opjûn wêr’t se de minsken echt mei bine, ynspirearje en ferrykje kinne. Der binne gâns mear foarbylden te neamen fan dizze driuw nei ferdivedaasje mei de tucht fan it getal as oanlieding. In maatskippij en dus har oerheid heart ek jild oer te hawwen foar dingen dêr’t gjin grutte publike belangstelling foar is, mar dy’t wol wichtich binne foar de eigen kultuer. Wat foar ferlet soe der wêze fan Mac-Musea mei in op in algemiene smaak rjochte oanbod?’

‘Ik fyn in polder moaier as in woest bosk’ 

As museumman wie Ten Hoeve net allinnich op de skipfeart rjochte, al komt er fan beide kanten út in famylje fan skûtsjeskippers. Syn belangstelling gong fral út nei de fraach hoe’t minsken foarmjouwe: arsjitektuer, kultuer en lânskip. ‘Ik fyn in polder moaier as in woest bosk. Wat meitsje de minsken fan de dingen, hoe rjochtsje se har huzen yn, wat foar klean drage se, hoe sit ‘t mei de technyk? Nanne Ottema is myn foarbyld hjiryn. Hy woe ek graach witte hoe’t minsken de sitewaasje om har hinne stal joegen.’

‘In maatskippij en dus har oerheid heart ek jild oer te hawwen foar dingen dêr’t gjin grutte publike belangstelling foar is, mar dy’t wol wichtich binne foar de eigen kultuer.’

Om de kolleksje sa kompleet mooglik te krijen hat in direkteur ek de taak om safolle mooglik jildlike boarnen oan te boarjen om projekten út te fieren en om it ien en oar oanskaffe te kinnen. ‘It hat my altyd rekke dat safolle minsken harren bydrage levere hawwe oan it Skipfeartmuseum. Sjochst om dy hinne in graaikultuer, dit fertsjinje, dat deklarearje, op it stuitsjende ôf. Ik bin it yn myn wurk lykwols net in soad tsjinkaam dat partikulieren ergens jild foar hawwe woenen. Dat fûn ik geweldich. Boust in fertrouwensbân mei minsken op, it museum wurdt bekend, se sjogge dat je de dingen mei leafde behannelje en dan wurde, soms nei jierren, dingen oan it museum skonken. Sa hie it Fries Museum eartiids kontakt mei de âlde adel. Dêr binne hiel faak fikse legaten út fuortkommen, âlde Wassenbergh wie altyd dwaande om kontakten te lizzen. It is oars ek ûnfoarstelber hoe’t hiel folle minsken as frijwilliger, dus om ’e nocht, wurkje yn musea en yn argiven.’

‘In museum is in kolleksje, is de skatkeamer fan in mienskip. It steurt my hiel bot dat direkteuren en gebouwen sa sintraal steane yn de museumwrâld. Al dy ego’s; it giet dochs om de kolleksjes. Nim no Grins. De measte minsken tinke dat ik neat fan it museum dêr ha moat, mar ik fyn dat in hiel bysûnder museum. Ik sjoch wol mei in bepaalde wurdearring nei de dingen dy’t dêr barre, mar ek dêr kriget it gebou in hiel swier, sa net it swierste aksint. Yn Ljouwert bin ik dêr ek bang foar. Do moast net mei it gebou begjinne, do moast begjinne mei watst sjen litte wolst. It Fries Museum hat in rike kolleksje. Net te leauwen wat dêr allegear yn sit en watst dêr allegear mei dwaan kinst. Moast fanút de kolleksje tinke en dêr in gebou by meitsje. De provinsje moat dêr no in ôfwaging oer meitsje. Oare maatskiplike belangen telle ek mei yn de ôfwaging. Ik fyn yn syn algemienheid dat der wolris tefolle krimmenearre en skriemd wurdt en dat minsken har net realisearje dat der yn de kulturele wrâld wol deeglik sprake is fan in behoarlike lúkse, foaral as men wat der barre kin ôfset tjsin de earmoedige omstannichheden dêr’t noch gâns minsken yn Nederlân yn libje moatte.’

‘It steurt my hiel bot dat direkteuren en gebouwen sa sintraal steane yn de museumwrâld. Al dy ego’s; it giet dochs om de kolleksjes.’

‘Hawwe Deputearre Steaten fan Fryslân in dúdlik belied? Hearsket net allinnich mar de wet fan it getal? Is der wol sprake fan in ynhâldlike ôfwaging? Ik ha grutte muoite mei dit provinsjaal bestjoer. De besunigingen dy’t yn de loft hongen dit jier, tsjin alle ôfspraken yn, makken dúdlik dat de oerheid bytiden ûnbetrouber is, har ôfspraken net neikomt en as it sa útkomt, troch de mûle fan har fertsjintwurdigers spikerhurd liicht. Sok dwaan driuwt minsken yn de earmens fan antydemokraten.’

Leafde en kennis mei-elkoar ferbûn

Men is in skoftlang op in frjemde manier mei skiednis omgongen, sa seit Ten Hoeve, der is in soad bard yn it ûnderwiis en it jin eigen meitsjen fan kennis stie lang net heech oanskreaun, mar gelokkich wurdt dat no foar in part wer weromdraaid. ‘Ik tink dat dát wol hiel belangryk is. Ik leau dat leafde en kennis yn wikselwurking mei elkoar ferbûn binne. As jo net mei dingen yn oanrekking komme, krije je ek net de kâns om der fan te hâlden. Ik leau dat je de minsken in bepaalde basis bybringe moatte, op alle mêden. Dan kinne se sels wer fierder. Fansels kinst no middels ynternet fan alles oan de weet komme. Ik sit noch net sa freeslik lang achter de kompjûter, mar ik bin ferbjustere wat der allegear mooglik is. Dat is fantastysk. Mar moast dy berch oan ynformaasje ek yn de kontekst pleatse kinne fan de dingen dy’tst dysels eigen makke hast. It is in oare wize fan learen.’

No’t hy mear frije tiid kriget, sil Ten Hoeve faker te finen wêze yn Tresoar om ûndersyk te dwaan foar syn nije boek. ‘Ik wol in boek skriuwe oer de Fryske wenkultuer yn de Súdwesthoeke, yn de twadde helte fan de achttjinde ieu, benammen oer betimmeringen, betegelingen en beskildere behangsels, dy’t yn in foar Fryslân bloeiende tiid ta stân kamen: in hiel bysûndere en eigen wenning-ynrjochting. Dêr is ferrassend folle fan oerbleaun. Sa’n lytse 200 ûnderdielen binne weromfûn en fotografearre. It Skipfeartmuseum hat der ek in soad fan. Dat wol ik aanst útwurkje. Fierder moat ik ôfwachtsje wat der op myn wei komt, mar in boek oer it ynterieur fan Fryske tsjerken soe ik ek graach meitsje wolle. Ik sil faak nei Tresoar ta gean om dingen út te sykjen. De lêste fyftich jier is der keunsthistoarysk sjoen, oer Fryslân net in soad skreaun. Bygelyks yn Grinslân is dat hiel oars. Dêr komme prachtige publikaasjes ta stân, foaral ek troch it wurk fan de tige florearjende Stichting Oude Groninger Kerken, dy’t ek ûnwittend folle jild fan stipers binnen hellet. Foar de oarloch hawwe Wasssenbergh en Ottema harren yn Fryslân wakker mei de regionale keunstskiednis dwaande holden, mar harren wurk is te min fuortsetten. Ik hoopje de gelegenheid te krijen dat in bytsje te dwaan, bygelyks troch te skriuwen oer arsjitekten, harren gebouwen en oer ambachtskeunstners. Persoanlike dingen sil ik net skriuwe. Dat kinne oare minsken better dwaan. As ik skriuw giet it faak mear oer feitlike gegevens. Allinnich as ik hiel lilk bin oer saken dy’t my emosjoneel reitsje, dan slagget it my wol om dêr oer te skriuwen. Dat ha ik dan inkeldris ek dien.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2005) 10 (desimber) s. 6-9.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.