De Babushka-film bestiet net

ARJAN HUT – 

It is ien fan de films dêr’t yn de tsjustere krochten fan it ynternet it botst om socht wurdt. Guon minsken beweare dat se him sjoen ha, op in âlde FBI-ynstruksjebân, of dat se de identiteit fan de filmster kenne.

It giet om de Babushka-film, in amateurfilmke sketten op 22 novimber 1963 yn Dallas. It lit de moard op president Kennedy sjen, krekt fan de oare kant as de ferneamde Zapruder-film. Yn dy Zapruder film is in frou te sjen mei in holledoekje en in kamera foar har gesicht. Sy wurdt de Babushka Lady neamd (Babushka is Russysk foar bepke) en har identiteit bliuwt in mystearje. Mar nei fyftich jier is it mystearje omtrint har film oplost. Mei tank oan in âlde foto en wat minsken op in foarum.

 

Dealey Plaza
22 novimber 1963. Kleanmakker Abraham Zapruder stiet op in ferheging yn in parkje dat Dealey Plaza hjit, oan de râne fan de binnenstêd fan Dallas. Hy hat op it lêste momint noch syn kamera helle en wachtet op de autokolonne mei President John F. Kennedy en syn frou Jackie. Achter Zapruder stiet syn sekretaresse, dy’t him beethâldt, sadat er net wibelet en falt.

 

Morissette wol mei syn ûntdekking graach in ferhaal skriuwe foar de Amearikaanske media. It soe my neat ferbaze as hy op dit stuit yn Dallas is, of earne oars yn Texas, op jacht nei Beverly Oliver.

 

Minsken swaaie en roppe en knippe foto’s as ‘JFK’ en Jackie fan Main Street by it krúspunt Houston Street opride. De kolonne remmet ôf en makket dan nochris in koarte bocht, nei links, Elm Street op. Sadree’t de auto mei Kennedy te sjen is, knipt Zapruder syn kamera oan. In pear dagen letter is er stjonkende ryk. Hy leit fêst hoe’t de presidint ûnder fjoer nommen wurdt en stjert yn de earms fan syn frou. Zapruder is net fallen en hat mar in bytsje wibele.

Der wiene folle mear filmers en fotografen yn Dealey Plaza. Orville Nix en iene Charles Bronson (net de akteur, AH) stienen oan Main Street en filmen part fan de sjitterij op ôfstân. Yn de film fan Bronson is Zapruder te sjen. De profesjonele fotografen yn de parsewein wienen spitigernôch sa fier mooglik nei achteren skoot en se kamen allegear te let om de oanslach fêst te lizzen. Oars riden se altyd deun op de presidint, mar krekt dizze kear net.

In soad films en foto’s binne no noch te sjen, en de makkers dêrfan binne bekend. Men kin yn de bylden ek amateurfotografen gewaarwurde, waans nammen en bylden spitigernôch nea bekend wurden binne. De bekendste is de ‘Babushka Lady’.

Yn Zapruder syn film is oan de oare kant fan de dyk in frou te sjen dy’t in kamera foar har gesicht hat. Se hat in holdoekje om en draacht in beige jas. Se beweecht har kamera mei de presidintiële limosine mei. Is se oan it filmjen? Wylst de kleanmakker fuortendaliks risselwaasje makket om syn film ûntwikkelje te litten, en in massa minsken op it parkje tastreame, de dyk oerstekke en achter in houten stek oan de noardkant om de skutter(s) sykje sille, bliuwt de frou mei har kamera stokstiif stean.

 

webAllenBABUSHKA

 

Oplichtster
Ut en troch dûke der noch nije foto’s en filmkes op dy’t (in part fan) de fatale reis fan Kennedy troch Dallas fêstlein ha. Yn 2002 dûkte der in roltsje kleuredia’s op fan in menear (Jay Skaggs, doe 83 jier) dy’t tocht dat syn foto’s net nijsgjirrich wêze soenen, omdat alles der op stiet, behalve de moard. Op ien fan de foto’s is tsjûge Charles Brehm te sjen. Brehm stie (mei syn soantsje) in meter foar de Babushka Lady en dus mei syn noas op de limosine doe’t dy ûnder fjoer lei. In soad minsken harkje nei syn ferhaal. Hy hat it it bêste sjoen. Oer syn skouder is in kleurich holledoekje te sjen, fan in gesichtsleaze mefrou dy’t in foto nimt fan de Texas School Book Depository. De plysje is dan krekt dwaande dat gebou ôf te sluten.

Beverly Oliver is in mefrou út Texas dy’t yn 1970 nei foarren kaam en fertelde dat sy de Babushka Lady wie. Sy wie santjin yn 1963 en gie mei in ekspearimintele 8mm filmkamera (fan in freon krigen) nei Dealey Plaza. In pear dagen letter waard it filmke troch de FBI yn beslach nommen. It filmke is nea weromkommen. Letter skreau Oliver in boek oer har libben en har tsjûgenis (Nightmare in Dallas, 1994). Yn de jierren njoggentich die se har tsjûgenis nochris (ûnder de eed) foar in spesjaal ynstelde regearingskommisje, de Assassination Records Review Board.

Net elkenien leaut Oliver, dy’t har hjoed de dei fanatyk dwaande hâldt mei stichtlik frijwilligerswurk. Der binne ek in soad minsken dy’t har krekt wol fertrouwe. Har ferhaal komt sadwaande werom yn guon sênes fan de súksesfolle film JFK (Oliver Stone, 1991). De tv-film Jack Ruby (1992) is foar in grut part op har avontoeren basearre. Mar krekt as de lju dy’t ha wolle dat sy op in obskuere FBI-tape de Babushka-film sjoen ha, docht no bliken dat Oliver in oplichtster is.

 

Foarum
In foto pleatst op in foarum krige it spul sawier yn beweging. Hy is fiif minuten nei de moard op Kennedy makke troch William Allen, dy’t doe foar in krante yn Dallas wurke. Babushka Lady is der op te sjen, sy stiet by in kloft minsken oan de noardkant fan Elm Street. De dyk is net ôfsletten en it ferkear rommelt nijsgjirrich foarby. Alwer is har gesicht net te sjen (har gesicht is nea te sjen) mar wol har linkerhân en yn dy hân draacht sy har kamera. Net hielendal dúdlik, lyts en yn swart-wyt. Mar immen mei ferstân fan âldere kamera’s moast er dochs sjen kinne hokfoar dinkje it wie? In lyts en fjouwerkant apparaat. In filmkamera, of in fototastel? Guon, sa as dy fan Charles Bronson, dêr koedest mei filmje èn fotografearje.

It wie ûndersiker D. Morissette út Frânsktalich Kanada dy’t reagearre, troch my in link nei in foto te stjoeren. Op de foto wie, yn immens iepen hân, yn kleur en folslein helder, deselde kamera te sjen as dy’t ‘Babs’ hie. Hy woe my fierder net in soad fertelle, mar wol dat it in Sears-kamera wie en de opmerking: Sjocht dit der út as in filmkamera? Beverly Oliver is der gleon by! Mei dy ynformaasje ha ik ûnder oaren de kamera-katalogi fan it Sears warehûs trochwest. Dy fan 1952 oant 1961. En dêr fûn ik de Babushka-kamera.

 

Fototastel
It is in saneamde Tower 120 Box Camera. Dat tastel waard ein jierren fjirtich, begjin jierren fyftich foar Sears makke troch de Dútske Bilora-fabryk en like op in soad oare Box Camera’s út dy tiid. It wie in echte begjinners-kamera en waard ek alsa oanpriizge: “Operation of the camera is very simple and can be readily mastered without special photographic knowledge …” (út it ynstruksjeboekje). Mei ien roltsje 120 mm-film koedest der acht foto’s mei nimme. It filmroltsje moastest net yn it folle ljocht omwikselje en foto’s it leafst mei de sinne yn de rêch meitsje, oars koene se wolris mislearje. Men koe der sawol swart-wyt as klearefoto’s mei sjitte.

De mysterieuze mefrou yn Dealey Plaza hie net in moderne, ekspearimintele filmkamera by har, mar krekt in frij âlderwetsk, simpel fototastel dat yn de jierren fyftich foar noch gjin fjouwer dollar te keap wie. (Foar noch gjin acht dollar hiedest der ek in learen tas en allerhanne babbelegûchjes by.) Sy hat minstens twa, mar miskien wol acht foto’s makke. Miskien hie se meardere roltsjes mei. Ien ding is wis: De Babushka ‘film’ hat noait bestien.

 

Kodak
Beverly Oliver wie dus net de Babushka Lady. No wie it, doe’t ik de foto en myn fraach op it foarum sette, net myn doel om wa dan ek as bedrager te ûntmaskerjen. Sjen oft de kamera identifisjearre wurde koe, dat ek net. Alteast, dat wie net it eindoel, mar in stap. No’t wy witte watfoar tastel sy hie, is it faaks makliker om in profyl op te stellen en de echte identiteit fan dizze mefrou dochs noch te achterheljen. Ek al hat se gjin film sketten dy’t ‘de skiednis feroarje kinne soe’. Mar om har ferhaal te hearren. En har gesicht te sjen.

Binne der no noch spoaren oer? No, ientsje yn alle gefallen.

Neffens Jack Harrison, doedestiids in Kodak-meiwurker yn Dallas, kaam der op 22 novimber 1963 in mefrou binnen dy’t in foto ûntwikkelje litte woe. Sy hie al mei de FBI praten en útlein dat sy fan Main Street oer it gers nei Elm Street rûn wie en dêr in foto naam hie fan de Kennedy’s, wylst der op de foargrûn noch in stel oare taskôgers te sjen wie. Harrison fertelde oan Gary Mack, konservator fan it museum dat no yn de Texas School Book Depository sit, dat de foto moai fan kleur wie, mar fierste dizich en foar de FBI net nijsgjirrich. De mefrou sette dêrnei ôf hat de foto wer meinommen. De FBI hie har gegevens blykber net notearre en sy is nea wer opdûkt. Mack hat it ferhaal trochdien (ek ûnder de eed) oan de Assassination Records Review Board.

Morissette wol mei syn ûntdekking graach in ferhaal skriuwe foar de Amearikaanske media. It soe my neat ferbaze as hy op dit stuit yn Dallas is, of earne oars yn Texas, op jacht nei Beverly Oliver. Ik ha him frege oft er my in seintsje jaan wol as er mei syn artikel klear is en ûnderwilens hoopje ik dat er it net slim fynt dat ik alfêst in stikje fan de holledoek optilt ha.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.