Das finstere Tal

Publisearre op 29 januari 2016

HENK WOLF – 

Begjin april ferline jier haw ik in slim ûngemak hân. Der is my in merkel yn it gesicht flein, dwars troch it rút fan ‘e auto hinne. Ik haw in wike yn it sikehûs lein en koe de earste pear moanne net lêze. Yn dy tiid wie ik oanwiisd op harkboeken. Freonen, kollega’s en sels ûnbekenden ha my harkboeken jûn of liend. It earste boek dat ik yn myn ‘bline’ wiken beharke ha, wie ‘Das finstere Tal’ fan Thomas Willmann.

It boek is in soarte fan Alpewesternkrimy, De tekender Greider komt yn in doarpke yn ‘e Alpen oan. De sfear is fijannich, de doarpelingen ha it dúdlik net op frjemden. In rike boerefamylje mei in soad soannen, de famylje Brenner, fiert in wiere terreur yn it doarp en Greider wurdt op ‘e earste dei al geweken naam. Hy bliuwt stoïsynsk, fynt in keamer yn it doarp en slacht de tiid dei mei it meitsjen fan sketsen. Stadichoan wenne de minsken deroan dat er dêr is.

 

Yn lange sliepeleaze nachten ferdreau it spannende ferhaal fan Greider foar my de benaudens dat ik noait wer sjen kinne soe.

 

Nei moannen komt ien fan ‘e jonges fan Brenner om. Dan de twadde. Ien foar ien stjerre se allegear. De harker komt der stadichoan achter dat heit Brenner it doarp syn eigen wetten foarskreaun hat. Ien fan dy wetten soarget derfoar dat it doarp noait tsjin him opstean sil. Stadichoan komt de harker der ek achter wêrom’t Greider it doarp opsocht hat en wêrom’t er de Brenners sa lang gewurde lit. De ein is typysk ien fan in cowboyfilm: de iensume frjemdling soarget foar gerjochtichheid.

It ferhaal wurdt ferteld troch Matthias Brandt, in man mei in opfallend lûd. Hy lêst oars as de measte harkboekfoarlêzers, rêstich, ûnderkuolle. Haadfiguer Greider hat dy ûnderkuolle rêst ek, de aksje wurdt heeltyd útsteld en de oanhâldende rêst bout in grutte spanning op. Dat makket ‘Das finstere Tal’ gjin heel bysûnder boek. It ferhaal is yn ferskillende farianten wol faker ferteld, mar ik ha dernei harke yn de tiid dat ik oan slankjes op in sikehûsbêd lei en neat sjen koe. Ik haw it ferhaal dêrtroch oars ûntholden as in ferhaal út in papieren boek. Ik kin de sênes sa helder foar my krije as hie ik de ferfilming sjoen ynstee fan it boek beharke. Yn lange sliepeleaze nachten ferdreau it spannende ferhaal fan Greider foar my de benaudens dat ik noait wer sjen kinne soe.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels