De daam nei it Amelân (8)

GERBEN DE VRIES – 

De Dienst der Zuiderzeewerken liet yn 1940 de súdkant fan de nije Iselmarpolder ôfslúte en begûn dêrnei mei it droechmealen. De nije Noordoostpolder wie offisjeel droech op 9 septimber 1942, midden yn de besettingstiid. Nei de befrijing yn 1945 waard fierdergien mei de ynrjochting fan dizze polder, dy’t úteinlik net by de provinsje Fryslân kaam. Yn it tiidrek fan ‘herstel en wederopbouw’ wie der net safolle oandacht foar fierdere ynpolderingen bûten de ‘Zuiderzeewerken’. Oer in daam nei it Amelân waard al hielendal net mear sprutsen.

Pas yn 1949 waard der wer praat oer in mooglik ferfolch fan dit grutte wurk, de ynpoldering fan de Waadsee of dielen derfan. Direkteur en ‘landdrost’ fan de Noordoostpolder, de fan oarsprong Wytmarsumer Sikke Smeding, hold it yn maart 1949 yn in praatsje foar it ETIF (Economisch Technologisch Instituut voor Friesland) noch wat ôf. De âlde wize fan ynpolderjen parallel oan de besteande diken hie laat ta smelle poldertsjes (ek wol ‘rokkenpolders’ neamd) en dat wie planologysk gjin goede opset. Om dy reden, sa sei Smeding, waard der wol tocht oer partiële of totale ynpoldering fan de Waadsee.

Dêrby kamen lykwols noch gruttere problemen oan it ljocht, want de measte grûn yn dy nije Waadpolder soe dan bestean ut waadsân. Dat wie minne grûn, dat neffens him allinnich ferbettere wurde koe troch oanslibbing fan in nije kleilaach. It waadgebiet koe bygelyks troch dammen yn lytsere perselen ûnderferdield wurde en dan systematysk oanslibje. Haast hie it foar him net; earst moasten der mar ris yngeande stúdzjes oer de boaijem fan de Waadsee komme.

De natuerwittenskip fleach op dat stuit al foar him oer it waad. Noch datselde jier waard yn Grins in Waddensymposium holden, dêr’t in soad gelearden benammen de hydrografy en de heech- en leechwettersystemen besprutsen. Oan de oare kant waard ûntank de wurden fan Smeding gewoan trochwurke oan de oanlizz fan lytse poldertsjes. Yn oktober 1951 wie in dyk fan 5700 meter oanlein boppe Peasens en Anjum en wie de 340ha grutte Bantpolder ree. Ek foar it Noarderleech bûtenfjild waarden plannen makke foar fierdere ynpoldering fan de kwelders. Soe dit miskien de oanrin weze foar de yndiking fan de Lauwerssee dêr fuort neist? Of sels de hiele Waadsee? Minister fan Ferkear en Wettersteat Jacob Algera, berne yn Wurdum, sei ein 1952 yn de Twadde Keamer dat de ynpoldering fan de Waadsee noch net oan de oarder wie, omdat dêrfoar ynearsten in ‘uitvoerige studie’ nedich wie. In plan foar ynpoldering fan de Lauwerssee wie lykwols al yn stúdsje.

Al sûnt it midden fan de 19e ieu – deselde tiid dat minsken as Worp van Peyma ek in daam nei it Amelân betochten – wiene der plannen makke foar de ôfslúting fan de Lauwerssee. Dit wie net yn it foarste plak bedoeld om lân te winnen, mar om in bettere ôfwettering fan it Dokkumerdjip en de Dokkumer Ie oan Fryske en it Reitdiep oan Grinslanner kant te krijen. Yn 1896 wie der sels in steatskommisje ynsteld dy’t yn 1900 mei in wiidweidich rapport kaam. In ynterprovinsjale stúdsjekommisje kaam op syn bar fjouwer jier letter mei in eigen rapport. It probleem wie dat Fryslân en Grinslân in ferskil yn ôfwetteringspeil hiene fan 30sm en dat koe sa net oplosse wurde. De minister wiisde yn 1910 definityf de plannen ôf. Foar ferbettering fan de ôfwettering kamen der yn 1918 yn it Grinzer Lammerburen en yn 1920 by de Lemmer gemalen. It ir. D.F. Woudagemaal stiet no op de UNESCO Wrâlderfguod list.

Ein 1952 stie de yndiking en dêrnei de ynpoldering fan de Lauwerssee dus wer op de politike aginda. Dat wol sizze, op de aginda fan de ryksoerheid. De lanlike media spekulearren al drok oer de ynpoldering, mar Deputearre Steaten fan Fryslân holden begjin 1953 yn de Steaten fol dat hja offisjeel neat sizze mochten. Deputearre Harmen Martens Gerbrandy sei dat der in technyske kommisje dwaande wie mei stúdsje fan sawol de ynpoldering fan de Lauwerssee as de Waadsee. De sunige Gerbrandy wiisde der op dat it waad ryskdomein wie. Hy wie bliid dat de provinsje net oer de ynpolderingen hoechde te besluten, want allinne al dizze stúdsjes kostten in slompe jild. Twa Steatenleden fûnen dat mar in slappe hâlding. Hja seine (yn it Frysk): ‘Sa, mei tichte doarren, wurdt it nea in folkssaek.’ Undertusken gong de ôfslach by it Amelân mar troch…

En doe kaam de ramp. De wettersneedramp fan sneon 31 jannewaris op snein 1 febrewaris kostte oan 1835 minsken it libben en sljuchtwei 100.000 lju wiene dakleas. Dat feroare de saak drastysk, want it Nederlânske folk moast benammen better befeilige wurde. Nije diken en wetterkearingen en dêrmei eventueel ek nije grutte ynpolderingen waarden sa neist in rykssaak ek in folkssaak.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.