De daam nei it Amelân (7)

GERBEN DE VRIES – 

Yn 1918 wist minister Cornelis Lely de Zuiderzeewet troch it parlemint te loadsjen. It haaddoel wie de ferkoarting fan de hûnderten kilometers kustline fan de Sudersee troch it oanlizzen fan in ôfslútdyk. Al yn 1891 hie Lely, doe yn syn funksje as ynsjeneur, oanjûn wêr’t dizze dyk it bêste lizze koe en tweintich jier letter koe der mei begûn wurde. De earste hanneling fan de Dienst Zuiderzeewerken wie it lizzen fan in dyk tusken it Amsteldiep en it eilân Wieringen yn 1924. Nei tal fan tariedings op in soad fronten waard yn 1927 út d’ein set mei de oanliz fan de echte Ofslútdyk. Dy soe earst by Piaem op de Fryske kust oankomme. Ut undersyk fan in steatskommisje die no bliken dat de ‘getijslag’ (it ferskil tusken heech- en leechwetter) dan sterk tanimme soe. De streamsnelheid soe tanimme en dat makke it oanlizzen fan in dyk dêr in stik dreger. Dêrom waard besletten dat der in knik yn de dyk kaam en him oanslúte te litten by Koarnwert. Yn 1932 wie de Ofslútdyk klear en in jier leter koe it autoferkear der oer hinne. Lely hie dat lykas Abraham mei it Beloofde Lâan net mear meimakke, want yn 1929 wie er ferstoarn.

De Sudersee wie ek net mear en it Iselmar kaam derfoar yn it plak. Der waard no fierder wurke oan it droechlizzen fan in stik as wat polders, mei de Noard-Eastpolder yn 1942 as earste resultaat. De Sudersee wie feitlik in diel fan it Waad west, reden wêrom’t Arjen Draisma de Vries noch yn 1921 foarstelde om tagelyk ek it Waad ôf te sluten en dêrnei yn te polderjen. De kosten fan it oanlizzen fan de Ofslútdyk wiene lykwols al gigantysk en de oerheid hat it yn dy jierren nea serieus oerwege. Neidat yn 1929 de grutte krisis útbruts waard benammen de boerestân sterk rekke en yn’t earstoan wie der net safolle ferlet fan mear lânbougrûn. Ynpoldering fan it Waad wie dus alhiel net opportuun.

Der tocht in oannimmer mei de hast Bordewijkiaanske namme Salomon ten Bokkel Huinink (1869-1946) oars oer. Hy wie oprjochter fan de Nederlandsche Maatschappij voor Havenwerken, direkteur fan de East Asiatic Dredging Company en fierde oeral yn de wrâld sivile wurken út. Ek die er foarstellen foar de oanliz fan allegear autosnelwegen yn Europa. It slagge syn bedriuw oars net om wurk te krijen by de oanlis fan diken by de Lemmer, as opmjitte foar de Noard-Eastpolder. Miskien woe er foar syn ‘baggermaatskippy’ yn de takomst dochs wurk generearje en kaam er om dy reden yn 1937 mei de brochure Afdamming der noordelijke zeegaten (drooglegging van het waddengebied): het landsbelang eischt ter voorkoming eener nationale ramp ‘handelen vóórdat het te laat is’.

As echte ûndernimmer wyst Ten Bokkel Huinink it eigenbelang te bringen as nasjonaal belang. Hy wie oars in âlde bekinde op dit mêd, want hy wie belutsen by de feriening ‘De Amelandsche Polder’ fan dr. L.A. Sanders, dy’t yn 1915 in konsesje oanfrege foar it lizzen fan twa diken nei it Amelân. Dat wie úteinliks yn 1925 ôfblaasd. Hy koe en woe no wize op it feit dat by de stoarmen fan ein 1936 by Makkum it wetter noch noait sa heech stien hie en dat der dus wier sprake wie fan ‘landsbelang’. No hie Ten Bokkel Huinink in grand design foar it hiele waadgebiet betocht. Gewoan de seegatten tusken de eilannen tichtmeitsje, fan Teksel oan’t en mei it Amelân en dan letter ek it wetter tusken Skiermuontseach de Fryske kust, ynklusyf de Lauwerssee ynpolderje.

De Haarlemmer hie gjin kosteplaatsje oan syn ferhaal ferbûn, mar hie wol troch dat der wat tsjinoer stean moast. Autodiken dus! Gewoan oan de binnenkant fan de dyk, dan koene de minsken yn it westen hiel hurd nei de strannen fan Skylge of it Amelân ride. Sterker noch, sa waard in snelle ferbining mei Grins en sels Dútslân realisearre. As ynsjeneuer hied er ek al betocht hoe: gewoan grutte kaissons mei fallûken meitsje en dy lêsten allegear tagelyk te sluten. Dan wie it gefaar fan de sterke seestreamingen letterlik yndamme en it kostte ek de helte minder as it systeem dat by de oanliz fan de Ofslútdyk brûkt wie.

It wie allinnich spitich dat der yn Nederlân mar twa kranten reagearren op syn ferhaal. It katholike De Tijd hie it oer in ‘grootsch plan’. Yn Fryslân skreaune de Ljouwerter en it Deiblêd der net iens oer. It Leeuwarder Nieuwsblad neamde it noch wol in ‘merkwaardig plan’, mar einige mei de kosten fan  320 oant 360 miljoen gûne. Dat wie wol in hiel protte jild foar in feredele wurkferskaffingsprojekt. Boppedat liet Ten Bokkel Huinink sûnder te ferblikjen de fargeul fan Harns nei de iepen see ynpolderje en dat wie foar Fryslân fansels net te akseptearjen.

Ten Bokkel seach noch ienris syn kâns. Neidat de Wehrmacht yn maaie 1940 Nederlân besette, kaam de ynsjeneur trije moannen letter wer mei syn plan yn de media. De Ljouwerter naam it berjocht fan de NRC oer, dêrt’t er nochris wiisde op it belang fan de autowei fan it westen fan it lân nei Dútslân. Boppedat koe syn âldere plan fan de ynpoldering tusken it Amelân en de Fryske kust sa ek syn gerak krije. Yn oarlochtstiid krige it plan no in wol hiel oare betsjutting. De Dútsers hiene oare besonjes en dêr hearde in trochgeande dyk tusken de eilannen net by. Ten Bokkel Huinink wie trouwens fout yn de oarloch.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.