De daam nei it Amelân (2)

GERBEN DE VRIES –

Yn febrewaris 1825 wiene der grutte oerstreamingen yn Fryslân, Grinslân en Oerisel. Ek eilannen as it Amelân stiene sawat hielendal ûnder wetter. It wetter fan de Noardsee soarge al ieuwen lang foar problemen. De Sudersee waard aloan grutter. Omdat dizze Sudersee ûndjip wie – faak net mear as ien meter djip – wie de farwei fan de Noardsee nei Amsterdam gauris tichtslibbe. Al yn de 17e ieu waard betocht dat in yntegrale oplossing fan dizze problemen lei yn de ôfslúting fan Suder- en Waadsee troch in stelsel fan diken fan de kop fan Noard-Hollân nei de ferskiedene waadeilannen en dan in lêste dyk dy’t ek de Lauwerssee yndamje soe. It bleau ynearsten net mear as in fisioen, want de technyk dêrfoar wie doe domwei noch net foarhannen. Ek de ferdieldheid fan de gewesten fan de Republyk makke dit idee folslein ûnmooglik.

Nei de ienwurding fan Nederlan begjin 19e ieu leine de saken ynienen oars. De ramp fan 1825 makke nochris dúdlik dat de seedefinsje fan it jonge keninkryk swak wie. Der kaam in nij elemint by: it lân wie earmer wurden, mar troch middel fan ûntginningen en lânoanwinningen koe der in soad fruchtber lân kreëarre wurde. Beide oplossingen waarden sjoen as in grut nasjonaal belang. Mei it ferskinen fan allegear populêre atlassen koe elkenien ek sjen wêr’t der in protte lân te feroverjen wie: op de Sudersee en op de Wadden. De lêste binnensee waard beskôge as in modderflakte dêr’t je einliks neat mei koene. Utsein dan foar de fiskers, mar dizze beropsgroep wie net al te grut en waard noait yn de diskusje belutsen.

Al rillegau kamen der plannenmakkers, somtiden mei de wyldste ideeën. Op basis fan kaarten en atlassen waarden grutte tekentafelprojekten betocht, want fjildûndersyuk waar noch net oan dien. Oant dy tiid wie de technyk it grutste probleem. Pas doe’t it yn 1840 begûn waard mei de droechlizzing fan de grutte Haarlemmermeer troch enoarme stoommasjines, bruts it besef troch dat ek de Waad- en de Sudersee echt betwongen  c.q. ynpoldere wurde koene. It reinde plannen.

Yn 1845 krige de Noard-Hollanner F. Groet c.s. in konsessy om Skiermuontseach mei diken nei Fryslân en Grinslân te ferbinen. Sa waard de Lauwerssee ynpoldere en koe tagelyk de ôfwettering fan sawol it Dokkumer Grutdjip as it Grinzer Reitdiep ferbettere wurde. Dit ‘Waddenplan’ wie finansjeel lykwols net helber. Ek it plan fan de Amsterdammers C.H. Frannssen c.s. om Skylge en it Amelân mei diken mei Fryslân oan te slúten helle it net. It plan fan de haadynsjeneur fan Provinsjale Wettersteat fan Fryslân, A.C. Kros, om it Amelân en Skiermuontseach mei lege dammen mei de Fryske en Grinzer kust te ferbinen like mear kânsen te hawwen. Troch opslibbing soene der kwelders ûntstean en koene der ôfslútdiken makke wurde. Mei it each op it Reitdjip moast de Lauwerssee wol iepen bleauwe. Grinslân wie lykwols benaud foar it tichtlibjen fan dit Reitdiep, dat yn iepen ferbining stie mei de stêd Grins, en wiisde de plannen of.

Underwilens hie de gouverneur fan Fryslan, M.P.D. baron van Sijtzama, yn 1845 oan twa minsken opdracht jûn in rapport te skriuwen. It gong oer de fraach hoe’t in ‘meer stelselmatige zeedefensie’ krigen wurde koe en ek hoe’t safolle mooglik lânbougrûn wûn wurde koe. Ynsjeneur by de Oeriselske wettersteat Bernard P.G. van Diggelen seach it grut. Syn rapport De Zuiderzee, de Friesche Wadden en de Lauwerzee, hare bedijking en droogmaking beschouwd út 1849 wie in moai staaltsje ynsjeneursmegalomany. De stân fan de technyk wie nammentlik noch hielendal net safier dat djippe seegatten as dy tusken Teksel en Flylân en tusken Flylân en Skylge tichtte wurde koene. Mar Van Diggelen tekene moai diken yn tusken dy eilannen en ek fan it Amelân nei Peasens, dyt dan maklik ferlingd waard nei it Grinzer Hornhuizen Sa waard ek de Lauwerssee yndike. It soe hûnderttûsenen gûnen kostje moatte, mar dat soe mei it nije lân foar in grut part wer weromferstjinne wurde, tocht er.

Worp van Peijma, boer ut Ternaard, kaam mei in relatyf ienfaldige oplossing. Yndiking fan de hiele Waadsee koe faaks letter noch wol, earst moast der lân wûn wurde. Hij woe dêrfoar in daam oanlizze fan de Holwerterpolder nei it Amelân, ten easten fan Nes. Letter koe dan in daam fan West-Amelân nei Fryslân ten noarden fan Ferwert lein wurde en eventueel ek ien dy’t earst ten easten fan Amelân gong en dan by De Kalkman (Engelmansplaat) rjocht nei it suden, nei Peasens. Hy skreau it rapport yn 1846. Mei troch de ierdapelsykte koe er him yn Fryslan as boer net hanthavenje en derom emigrearre Van Peijma yn 1849 nei Amearika. Syn freonen joegen dit rapport yn 1850 út ûnder de titel Verslag over de aansluiting van Ameland aan den Vrieschen wal en de opslijking van het Wad. It wie in konkreet plan en it waard yn de parse tige goed ûntfongen. Der wie lykwols ien grut probleem by de útfiering derfan: de sinten. It ryk soe by dizze ‘partikuliere’ daam as dyk net meibetelje, dat wa soe by steat weze genôch jild byioar te skraapjen foar in projekt werfan’t de opbringsten ûnwis wiene?

Comments
Ien reaksje oan “De daam nei it Amelân (2)”
  1. Geke schreef:

    Bêste menear de Vries,

    Is jo bekend dat der oer dizze wetterfloed in tal nijsgjirrige brieven op de webside fan Warkums Erfskip stean?
    http://www.heidenskip.fr/id13.htm

    Myn stambeam fan memme’s kant is relatearre oan dizze kertiersteat.

    Mei fr. gr. Geke.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.