In daam nei it Amelân (1)

GERBEN DE VRIES –  

Dit jier is it fyftich jier lyn dat de feriening De Fryske Waedrinners oprjochte waard. Dat barde op 15 septimber 1963. Al hûnderten jierren rûnen der by gelegenheid  minsken op it waad. Bygelyks nei de Kalkman (Engelsmanplaat), Skiermuontseach of it Amelân. Dat barde benammen by ekstreem lege wetterstannen of yn ‘e winter, as minsken ‘skoskerinnend’ oer it iis gean koene. It waadrinnen as sport wie lykwols noch in jonge sport.

Yn Dútslan waard al foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch waadrûn. Dat sil foar de Grinzer studint Derk Schortinghuis it foarbyld west ha en mei trije oare studinten rûn er yn 1939 nei Rottumereach. Ek op it Fryske waad toarke doe al ris in frjemde fûgel om. Dirk van Dijk (1894-1976) wie griffermeard dominy yn Hollum op it Amelân. Hy makke tochten op it waad yn 1929, 1939 en 1947. Yn earste ynstânsje om’t er de ôfslach fan it eilân oan de westkant besjen woe. Hy fernaam ek dat de doe noch ûnregelmijittich farrende fearboaten meastentiids net troch rillen nei it Amelân ta giene. Dat koe better en dêrom rjochte er yn 1951 it Comité tot verbetering van de verbinding tussen Friesland en Ameland op. It doel wie dat de fearboat tenei op fêste oeren farre koe en net mear ôfhinklik wêze soe fan it tij. Mei sukses, want nei it trochgraven fan twa ûndjippe stikken waard yn 1957 in fêste boatferbining realisearre. De dominy, doe al mei emiritaat woe dêrnei noch fierder gean en pleitte sels foar in daam nei it eilân.

Begjin jierren sechstich waarden der foar dy tiid spektakulêre waadtochten rûn. Derk Schortinghuis, dan wettersteatsjurist yn Den Haech, gie july 1962 fan Grynd nei de fêste wâl. De Grinzer studinten Jaap Buwalda en Jan Abrahamse op har bar wiene Schortinghuis yn oktober 1962 krekt foar doe’t hja de swiere waadrintocht fan Teksel nei Flylân makken. De eilannen leine mar trije kilometer faninoar ôf, mar de twa oankommend sosjaal-geografen moasten in omreis meitsje fan yn totaal 30 kilometer. Dêr diene se njoggentjin oeren oer. Foar de measte lju doedestiids wie dat noch dom en ûnferantwurdlik gedrach. De waadrinners fan doe lieten har eins ek net út werom’t hja sa stommegraach oer it waad kuieren. Mei natuerbelibbing hie it noch net safolle te krijen, mear mei it leverjen fan in bêste prestaasje. Yn de strange winter fan 1962-1963 – der waard ek in Alvestêdetocht rieden – waarden sawol yn Grinslân as Fryslân waadrintochten oer it iis makke. Dominy Van Dijk wie der ek by, lykas ek de studint Technyske Hegeskoalle te Delft Henk Kroes.

Yn dat ramt past ek de oprjochting fan de Fryske Waedrinners – noch mei ae – troch Goasse Groustra en Pieter Boomsma yn 1963. Benammen Groustra wie in singuliere én in hiel aparte man. Hy wie sûnt syn jeugd in echte Frysk Beweger en lieder fan de Fryske Federalistyske Jongerein en organisator fan de ‘Fryslân-reizen’ nei it Dútse East- en Noard-Fryslân. Nei de befrijing, doe’t Groustra sjoernalist by ûnder oare it Frysk Deiblêd wurden wie, pakte er dat wer op. Yn dy oare Fryslannen sil er ek mei it waadrinnen yn ‘e kunde kommen wêze.

It wie eins de bedoeling dat de feriening, lykas dat ek yn Grinslân dien waard, waadrinekskursjes organisearje soe, mar de leden diene yn ’t earstoan benammen semi-wittenskiplik ûndersyk. Yn de noch iepen Lauwerssee sochten se bygelyks nei it legendaryske Esonstêd. Letter namen hja ûnder mear Amerikaanske militêren, patiënten fan de psychiatryske ynrjochting fan Frjentsjer en personielsferienigingen fan Philips mei nei de Kalkman en benammen it Amelân. De weromreis fan it eilân gie mei de fearboat nei Holwert dêr’t ek it startpunt fan it waadrinnen wie. De waadrinners moatte faak de restanten fan in âlde daam sjoen hawwe, dy’t fanút de feardaam fan Holwert yn in frij rjochte line yn de Waadsee oanlein wie. De daam rûn nei it Amelân en wie yn 1872 ôfmakke, mar waard tsien jier letter alwer oan de eleminten oerlitten. Midden jierren sechtstich wiene der yn Fryslân lykwols op ‘e nij plannen foar in daam nei it Amelân.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.