Coby

  • KAREN BIES – 

‘Nahup’ wurdt it wurd fan 2016, mei tank oan de nasjonale gymlearaar Hans van Zetten. Hast alle turnoefeningen einigje mei wat yngewikkelds as in trijedûbele skroef of in salto, en dan mei twa fuotten op ‘e grûn. Mar nei sa’n eksploazje fan sintrifugale krêften folget der meastal dochs in ‘nahup’. Dus doe’t Hans fjouwer jier lyn yn Londen rôp: ‘Hij staat, hij stáát. En ik sta ook. Wij staan allemaal!’ wisten we: goud foar Epke. Gjin nahup.

Dit jier foel Epke fan de rekstôk mei in klap op de matte. Ik tocht: ‘Hy falt! Hy falt! En ik fal ek! Wy falle allegear.’

Mei troch Hans van Zetten haw ik by de ôfrûne Olympyske Spelen in soad turnjen sjoen. Famkes fan amper oardel meter heech, dy’t de gek hawwe mei de swiertekrêft. Moai is it, mar ik fyn it ek grizelich. Dat komt troch myn eigen gimmestykferline. Bepaald gjin súksesferhaal, troch myn hichtefrees. As ik yn it wandrek klom, moast juf Coby my achternei klimme. Op de balke stie ik bibberich – ek te heech. Eins kaam ik noait fierder as wat hinne-en-wer slingerje oan de brêge. Of in fûgelnestje yn de ringen, dêr’t ik dan hong te prakkesearjen hoe’t ik ek alwer weróm moast. It leafst die ik de radslach op de lange matte, feilich op de grûn. Ek ‘de Arabier’ koe ik. Mar dy hie doe in hiele oare betsjutting as no.

It wie de jierlikse útfiering. De iene helte fan de lytse gymseal wie beset mei stuollen foar âlders en oare belangstellenden. Op de oare helte diene wy ús oefeningen, mei tuskentroch in rap changement fan tastellen. Wat de tastellen en my oanbelanget wie der dus al jierren net folle eare oan te beheljen foar juf Coby. Mar diskear hie se wat aardichs en ûngefaarliks foar my betocht: in lintoefening op muzyk.

Juf Coby drukte op de play-knop fan de cassetterecorder en dêr klonk in fleurich stikje Händel. Fanút de klaaikeamer huppele ik de seal yn, mei it wibeljend lint as in oranje slang achter my oan. Yn in swart-mei-oranje gympakje sprong en dûnse ik troch de seal, makke moaie figueren mei it lint. En wat fielde ik my feilich op de flier, en sa elegant op myn balletskuontsjes! Alle angsten dy’t ik al dy jierren op gimmestyk trochstien hie, foelen fuort wylst ik spiralen draaide en troch myn eigenmakke oranje hoepels sprong. It slimste wat der ommers gebeure koe, wie dat it lint yn ‘e tiis rekke, wat seker soarge hie foar ‘een punt aftrek’. Mar nee Hans, dat gebeurde net. Op de lêste maten fan de muzyk trippele ik mei it oranje lint de klaaikeamer wer yn. Dêr stie juf Coby en sy fong my yn har earmen op.

Dit jier foel Epke fan de rekstôk mei in klap op de matte. Ik tocht: ‘Hy falt! Hy falt! En ik fal ek! Wy falle allegear.’

Even mar. Trije sekonden lei Epke, doe kaam er oerein. Hy befielde syn noas, sei wat tsjin syn coach, sprong op nei de rekstôk, ferfolge syn oefening, fleach troch de loft, die syn ôfsprong. En stie. Gjin nahup. Gjin medalje ek. Mar wat izersterk. Stie syn coach ek klear mei iepen earmen? Ik wit it net, mar ik hoopje it sa.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.