Byld, muzyk en ferhalen by SWALK-jûn yn Tresoar

MARRE SLOOTS – 

Wat moatte jo hjoeddedei dwaan om Fryske boeken oan de man te krijen? Gewoan âlderwetsk ferkeapje yn de winkel? Digitaal oanbiede yn de foarm fan e-books? Of mei de boeken yn de kroade by de doarren del? Neffens Wieke de Haan dogge je dat oars: organisearje in Frysk multymediaspektakel mei muzyk, gedichten en ferhalen.

 

We wolle graach dy âlde, fertroude doelgroep wer berikke, mar we soene ek sagraach in nij, jonger publyk lûke.

 

Woansdei 16 novimber organisearret Tresoar de saneamde SWALK-jûn. It is in inisjatyf dat trije jier lyn begûn is. Skriuwers, dichters en muzikanten lûke lans ferskate Fryske stêden en doarpen en biede in programma oan dat fol sit mei aktiviteiten wêryn’t de Fryske taal en kultuer sintraal stiet. Yn septimber wie der ek wer sa’n SWALK-toernee, mar troch it moaie neisimmerwaar foel de opkomst wat ôf.

Dêrom is no besletten it nochris oer te dwaan yn de foarm fan in multymediale literêre jûn by Tresoar. Foar de minsken dy’t it yn septimber mist hawwe. It tema fan de jûn is brieven. Der is ûnder oaren in ‘making of’ te sjen fan it kadoboek Neiskrift, wêryn’t skriuwsters Aggie van der Meer en Marga Claus brieven mei elkoar útwikselje.

Aktiviteiten as dizze binne in wichtige manier om Fryske boeken oan de man te bringen, seit projektlieder Wieke de Haan fan Tresoar. En dat is hurd nedich. It tradisjonele boek hat syn bêste tiid hân en dus moatte der oare manieren socht wurde om de belangstelling foar Fryske literatuer libjend te hâlden. “Skriuwers moatte net tinke: ‘ik ha it boek skreaun, no is it klear. No kin ik efteroer leune.’ Moatst dy sjen litte en nei eveneminten ta gean, soargje dat dyn boek bekindheid krijt,” seit De Haan.

De organisaasje hat flink har bêst dien, want de besiker hoecht him woansdeitejûn net te ferfelen. In lytse greep út it oardel oere duorjende programma: in muzykoptreden fan de band Wiebe, in foardracht fan dichter Arjan Hut út syn nij te ferskinen bondel Aurora bossanova en de bekindmakking fan de winner fan de wedstriid ‘sluvetugen’. Ek is der der in film te sjen oer it wurk fan Frysk-Ingelske keunstneresse Tjimsk Scarse en foar de jongsten is der in film oer it ta stân kommen fan ‘Wapper’, it aksjeboek foar bern, makke troch Yke Reeder.

De fraach is fansels altyd: lûke ditsoart eveneminten net krekt de minsken oan dy’t dochs al ynteresearre binne yn it Frysk? “We wolle graach dy âlde, fertroude doelgroep wer berikke dy’t it moai fynt om boeken te lêzen, dy’t bekind is mei it Fryske boek troch bygelyks de sútelaksje,” seit De Haan. “Mar we soene ek sa graach in nij, jonger publyk lûke. Dat is hiel dreech.” Oan it oanbod sil it yn elts gefal net lizze, tinkt De Haan. “We ha goed ús bêst dien.”

 

De SWALK-jûn is op woansdei 16 novimber yn Tresoar. It programma begjint om acht oere, de tagongspriis is 5 euro. Sjoch op www.swalk.nl en op harren Facebook-side foar mear ynformaasje en in wiidweidich programma.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.