Broodje Mahler

SJOERD BOTTEMA – 

Molwrot, sa hyt it nijste boek fan Piter Boersma. De ‘mol’ út de titel is de haadfiguer Seleina en ‘wrot’ slacht op wat se al wrottende yn it libben fan oaren fernield hat, har eangst dat der ek nochris in dei komt dat se sels pakt wurdt troch ‘in mollehûn’ en har gewrot om dat foar te kommen. Gelokkich hat Seleina oeral har kontakten, dat meastal is ien telefoantsje genôch om har of ien fan har freontsjes út de swierrichheden te helpen. Dat is foar de belutsenen noflik, mar it boek wurdt der net spannender fan.

 

De kut en de kul krije wiidweidich omtinken, mar noch folle mear plak wurdt ynromme foar de kultuer: der wurdt mar leafst 27 kear in liettekst fan Gustav Mahler sitearre.

 

Seleina is in superfrou. Bloedmoai fansels. Seksy en sensueel. Se mei der wol brij fan. Sels ûnder in konsert kin se der fan yn ’e besnijing reitsje: De tredde symfony fan Mahler ûndergiet se “as in ûneinige, hast net te fernearjen hearlike sekssesje. Har liif waard troch hûndert hannen oanrekke en de iene nei de oare man krong yn har.”

Seleina sit yn ’e wapenhannel. Se ken dêrby gjin skrupules en leveret wat frege wurdt, oant gifgas ta. En oan alle partijen: militêren, milysjeleden, rebellen en terroristen. Se fiert ek likwidaasjes út. Of lit dy útfiere. Se hat geheime ôfspraken mei hege fertsjintwurdigers fan regearing sus en sa en soms sels mei de allerheechste baas. Yn it boek wurket se gear mei Alexander Boban, in Serviër mei in oarlochsferline.

In moaie frou en in moaie man. Beide mei in ferline. Seleina makket har earste deade al as puber. “Doe’t wy beide fjirtjin wiene, fertelde myn nichtsje my de dei foar’t ik wer nei hûs ta soe, dat se jierrenlang misbrûkt wie troch in allinne wenjende man yn it doarp. Ik bin doe dy jûns nei dy man tagongen en ha him mei in mes deastutsen.” Alexander sjocht noch geregeld “de frou foar him dy’t syn maten en hy yn dat hûs oan ‘e ein fan it doarp de klean fan ‘e hûd roppe hiene en nei de tiid it genedeskot jûn hiene.”

Om redenen dy’t net hielendal dúdlik wurde hat Seleina opdracht krigen in Bosniër te likwidearjen, in opdracht dy’t se trochskoot nei Alexander, dy’t dat sûnder moederaasje foar har opknapt, want hy “hie faker yn ‘e eagen sjoen fan ien dy’t er in pear tellen letter deasjitte soe.” Uteinlik krije se beide it gefoel dat de oar him / har úteinlik fermoardzje sil, wêrom dat is in goeie fraach en ek oft dy driging oait útkomme sil, yn alle gefallen is der earst noch geregeld tiid foar in potsje fertier: “Seleina beweegde har mûle hieltyd krêftiger op en del om Alexander syn kul. Se liet him oant yn har kiel komme. (…) Doe spande Alexander syn spieren ta strakke kabels. Hy stinde, kronkele, doe joech er in gjalp wylst syn kul omheech skokte yn Seleina har mûle.”

De kut en de kul krije dus wiidweidich omtinken, mar noch folle mear plak wurdt ynromme foar de kultuer: der wurdt mar leafst 27 kear in liettekst fan Gustav Mahler sitearre: in strofe, in pear strofen of in hiel gedicht. Seleina is nammentlik gek op Mahler, benammen op syn Kindertotenlieder. Mar ek alles wat der fierder oer Mahler bekend is, hat har waarme belangstelling. Op side 200 oant en mei 205 lêst Seleina foar út en jout se kommentaar op it deiboek fan Mahler syn frou Alma. Tafallich wurdt yn de tiid dat it ferhaal him ôfspilet it komplete wurk fan Mahler, alle symfonieën en alle lieten, útfierd op in 10-daachs festival op Peaske-eilân. Seleina is der ek by fansels. Se beweecht har dêr yn in sophisticated fermidden fan Mahlerkenners dy’t net allinne alles witte fan Mahler syn muzyk mar dy ek witte te ‘duiden’. De ûnderlinge petearen binne navenant: “Dy trompetsolo oan it begjin en de úthalen fuort dêrnei fan benammen de striker- slachwurkseksje, it oernimmen troch de hoarnseksje, dat hinne en wer gean tusken sêft en lûd en de fynfielende ynsetten fan benammen de strikers, de werhellingen, dan nei seis minuten de trombone ynhâlden in pear maten solo en fuort dêrnei ien en al heftichheid en tempofersnelling troch it hiele orkest en dan de trompet wer solo en noch in kear de trombone.”

In rûnlieding oer Peaske-eilân wurdt de lêzer net ûntholden en ek dêrby is der romte foar nijsgjirrige ditsjes en datsjes. Sa wurdt Seleina en dêrmei ek de lêzer derop wiisd dat de grutte stiennen bylden op it eilân op guon selsportretten fan Oskar Kokoschka lykje, “de proporsjes, de hoekigens, it ûnbidige kakemint.” Fansels is Seleina op ‘e hichte mei it wurk fan Kokoschka, dus dy hoecht dat fierder net út te sykjen, en foar de argeleaze lêzer is der ynternet.

In boattochtsje oer de Seine nei Argenteuil docht Seleina tinken “oan Gustave Flaubert syn roman ‘L’éducation sentimentale – Histoire d’un jeune homme’, ‘Leerschool der Liefde’ hyt it yn it Nederlânsk. Dat boek begjint mei de ôfreis fan it haadpersonaazje mei de boat fan Parys streamop nei Nogent-sur-Seine.” No no, ju. “Wêrom hielendal nei Argentueil ta?” wol har reisgenoat witte. “Der hat de skilder Monet wenne.” Tsja …

Utstapkes en tripkes binne der ek yn België: it iepenloftmuseum fan de Earste Wrâldoarloch Ieper en it Geuldal by Epen. “By it hotel wei stutsen se de dyk oer nei it kuierpaard troch it stik greide. By de âlde folmole lâns – se seagen in skoftke nei it draaiend rêd – kamen se op in hollizzend asfaltdykje út en dêr lâns by fakânsjepleats Tergracht en kemping ’t Zinkviooltje. It kuierpaad rûn fierder oer it kempingterrein en dêrnei oer ôfrinnende stikken greide rjochtút parallel oan de rjochting fan de kronkeljende Geul op ‘e boaiem fan de delte, mar noch hieltyd in ein der ôf. Nei in kilometer gong it paad dêr net fierder mar wie der in brechje nei de oare kant, dêr’t in asfaltearre dykje wie.” Nei myn idee is dy rûtebeskriuwing typearjend foar de styl fan it hiele boek: hiel sekuer mar net nijsgjirrich.

Sa falt Molwrot dus útien yn twa parten: in seks- anneks sjittinte en in edukatyf Mahler-sintrum. Wat dy twa mei-elkoar te krijen ha, bliuwt (my alteast) ûndúdlik. Is dit bedoeld as in sandwichformule? Broodje Mahler? Wol Boersma op dizze wize de muzyk fan Mahler ûnder de oandacht fan in breed publyk bringe? Ofsjoen fan it feit dat it ‘spannende’ part net echt spannend is (ûndúdlike plot, maklike oplossings, ordinêre seks) en it kulturele part net meinimmend (útlizzerich en arrogant), lykje de beide helten fan it boek elkoar mear yn ‘e wei te sitten as dat se elkoar oanfolje en fersterkje.

 

Piter Boersma, Molwrot. Utjouwerij Hispel, Wiuwert 2017. €18,50

Comments
Ien reaksje oan “Broodje Mahler”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.