Breuker-Boazum-Greidhoeke-Fryslân

Publisearre op 23 september 2013

GERBEN DE VRIES – 

Lang lyn studearre in goede maat mei my skiednis. Yn it tredde jier fan ús stúdzje hiene wy in wurkkolleezje ‘Ferset yn Europa’, oer de foarmen fan ferset tsjin it nazirezjime yn ferskate besette lannen. Hy soe it ferset yn Hongarije, Roemenië en Tsjecho-Slowakije ûndersykje. Omdat er ek oare dingen belangryk fûn, beheinde er him mar ta it ferset yn twa fan dy trije lannen. It ferset yn it tredde lân (Roemenië) soe nei syn ynsicht wol ûngefear itselde wêze. Dêr moast ik oan tinke doe’t ik it lêste boek fan Philippus Breuker lies. Ik boek hjit dan wol De Greidhoeke. Lân en minsken fan 800 oant 1800 en letter, mar yn dizze stúdzje wurdt de wrâld fan de Greidhoeke eins hielendal besjoen fanút Breukers wenplak Boazum.

Wat is de Greidhoeke eins krekt? It is gjin suver geografyske of politike ienheid, mar dochs is de eigen aard fan dit, miskien wol moaiste, stikje Fryslân dúdlik sichtber. Dit gersgebiet op ’e klaai tusken Snits en Ljouwert, tusken Boalsert en Frjentsjer is it lân fan de lytse doarpen bleaun. Lytse mienskippen dêr’t sawat allinnich mar fee holden wurdt. In terp, in tsjerke al as net mei sealtek en inkelde kop-hals-romppleatsen. Dêrmei wie it doarpke hûnderten jierren lyn wol beskreaun, mar ek hjoed-de-dei noch altiten. In lân fan diken en dykjes ek, fan lytse perselen en ekers. En dwers troch de Greidhoeke slingert de no bekendste dyk fan Fryslân, de Slachte.

Ek Boazum leit oan de Slachtedyk. Dat sjogge wy bygelyks oan de omslach fan it boek, dêr’t de bekende kaart fan de Slachte troch Pieter Idzerts Portier fan rûn 1750 op ôfbylde is. De skiednis fan it gebiet, lês Boazum, is dan ek de âldste leafde fan Breuker. As ûnderwizer noch, oan de legere skoalle fan dat doarp, begûn er mei in boek oer de lokale skoalmasters en dêr kaam ûnder mear ek in toponomy fan Boazum by. Sûnt 1976 wie Breuker meiwurker fan de Fryske Akademy en letter heechlearaar yn Leiden en Amsterdam en hold er him benammen dwaande mei mear kulturele en literêre ûnderwerpen. Al dy tiid hold er wol oantekens by oer syn doarp en omkriten, de Greidhoeke dus.

Sa út en troch publiseaarre hy hjiroer yn Klaaikluten, de nijsbrief fan de Stifting ArgHis, ofwol de Argeologyske-Historyske Rûnte fan Littenseradiel. De helte fan de tritich stikken yn De Greidhoeke hat dan ek al earder yn dit blêd stien. Dat jout it boek daliks al in fragmintarysk karakter. Dêrmei hat it ek wol wat fan in omfallen boekenkast of kaartenbak. It giet oer it lânskip, de fearten en diken, de doarpen en de adel, tsjerken en merken. En fansels oer de grutte Boazumer ds. Eelco Alta. De globale opset is in geakunde fan de Greidhoeke, mar sûnder in systematyske of yntegrale opbou. Sa rint Breuker yn it foarste haadstik troch it lânskip, mar komt er yn it twadde en tredde haadstik faak deselde himmen, fearten en diken tsjin. Dêr stiet wer tsjinoer dat it boek neffens de ûndertitel oer ‘lan en minsken’ giet, mar wy misse eins wol de gewoane boeren, it tsjerkefolk en raar genôch ek de skoalmasters. De Greidhoeke is in feegebiet, mar de auteur skriuwt deagemoedereard dat dêr al genôch oer skreaun is.

Ien fan de opmerklikste dingen dy’t Breuker fûn hat, is it ferskil tusken de eardere gritenijen Baarderadiel en Hinnaarderadiel. Yn Baarderadiel waarden hurddraverijen en merken organisearre, wylst Hinnaarderadiel krekt ortodoks wie of waard. Yn de earste gritenij sloegen de pattriotten foar master op, yn de lêste de oanhingers fan Oranje. It like my nijsgjirrich út te finen wêr’t dy ferskillen tusken dizze twa gritenijen troch feroarsake waarden, mar dêr krije wy gjin antwurd op. Dat hie faaks foar Boazum (Baarderadiel) ûndersocht wurde kind. Op oare fronten giet Breuker krekt wiidweidich yn op de sitewaasje yn Boazum en ferûnderstelt dan wat al te maklik dat de konklúzjes foar de hiele Greidhoek jilde. Dat neam ik mar de Roemeenske falkûle, want it lei dêr dochs krekt oars. En at der te min gegevens binne oer oare doarpen, dan makket de skriuwer listen fan dykhuzen, states of tsjerkestiftingen.

Dochs is De Greidhoeke in moai boek en net allinnich troch de yllustraasjes en de kreaze útfiering. Op plakken dêr’t Breuker wat minder Boazum-o-sintrysk is en mear fiergesichten sjen lit, wurdt it fuort in stik better. Dat jildt bygelyks foar de stikken oer de Slachte, it ynentsjen tsjin de feepest en de útfier fan hea. De definitieve skiednis fan de Greidhoeke oant 1800 is it net wurden, mar foaral as boarneboek sil it syn wearde hâlde. En wêr fine jo hjoed-de-dei noch sokke wurden as ‘fleardyk’, ‘gibbeflecht’, ‘witing’ en ‘merser’?

 

Ph.H. Breuker, De Greidhoeke. Lân en minsken fan 800 oant 1800 en letter. Stichting ArgHis, Wijdemeer 2012. 25 euro.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels