fotografy: Gatske Kraak

Boppeslach foar Janneke Spoelstra

ARJAN HUT – 

Dichteres Janneke Spoelstra reizget woansdei fan Fryslân nei Brussel om foar te dragen op it poëzyfestival Transpoesie. Sy is dêrmei de earste Fryske auteur dy’t op it ynternasjonale festival te gast is. Spoelstra sil op tongersdei 27 septimber har gedicht Altyd alve foardrage. Woansdei 26 septimber is de Europeeske Dei fan de Talen en begjint it festival.

 

It hoegde net in nij fers te wêzen. Dizze lei der al, al hat it noch net yn in bondel stien.

 

“Ik bin der moai op ‘e tiid. Woansdei ha wy om fiif oere ek al in evenemint, mar dêr mei ik eins neat oer sizze”,  ferklearret de Friezinne út Stiens wat mysterieus. Se kin inkeld fertelle dat it ‘op de dyk’ is en alle dielnimmende lannen dogge mei.

De Brusselske organisaasje woe hiel graach in Fryske dichter meidwaan litte, no’t Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa is. It Skriuwersboun die in oprop om wurk yn te stjoeren en Spoelstra har sândielige fers Altyd Alve waard útsocht. “It hoegde net in nij fers te wêzen. Dizze lei der al, al hat it noch net yn in bondel stien.” In fragmint (mei Frânske en Nederlânske oersetting) fan alle dielnimmende festivalgedichten is te lêzen yn de bussen, metro en trams yn Brussel.

Yn it fers wurde bylden oproppen út de jeugd fan de dichteres. De earste rigel is in gjalp, aa-û-á, dêr’t it doarp, de jeugd en de oantinkens mei wekker roppen wurde. “It wie de perioade fan de sechsde klasse, in oergongstiid, kantelpunt fan de bernetiid.” Wat dy bernetiid betsjut, wurdt sketst oan de hân fan de relaasje mei de minsken om it bern hinne; famylje, freonen en doarpsgenoaten. It sifer alve krijt suver in magyske klank. Spoelstra wiist op in fers fan Jacobus Smink. “Dat hjit fan Ik alve bin. Der is ek in filmke fan dat er it foardraacht.”

In dichter út de oare kulturele haadstêd, Valletta, is der net. “Nee, dat is skande. Ik mien dat de Malteeske ambassadeur it Malteesk klinke litte sil, ynstee fan in dichter.” Yn 2016 reizge Spoelstra mei Hein Jaap Hilarides yn it ramt fan it KH-projekt Poetic Potatoes foar in skriuwersbesite nei Malta. Ek al as earste Fryske auteurs.

De útnûging foar it festival hat foar it optreden sels al hiel wat opsmiten. Altyd alve is no yn meardere talen oerset. “Ik ha sels de Nederlânske oersetting makke. En Foppe Venema hat myn fers yn it Frânsk oersetten.” De Ingelske oersetting is makke troch Renée van Weringh. De ferskillende ferzjes binne op de webside fan it festival nei te lêzen. Fan har gedicht Fryske les (dat bestiet út hûnekommandos) makke Marc Kooij yn 2011 alris in filmke, dat no ek beskikber is mei Ingelske en Frânske ûndertiteling. Boppedat is it dichterskollektyf RIXT nei oanlieding fan Transpoesie oan it oersetten slein en it doel is om safolle mooglik eigen wurk beskikber te meitsjen yn de talen fan it festival.

Spoelstra is net de iennichste Fries dy’t nei Brussel giet. Spoelstra har foardracht sil op de konferinsje oer meartalich ûnderwiis wêze. Cor van der Meer (Fryske Akademy) en dosinte Frysk Rian Blokzijl hâlde letter op de middei in presintaasje oer trijetalich ûnderwiis yn Fryslân. Foardracht en presintaasje binne tongersdei fan 12.15 oere ôf te folgjen fia de livestream fan de Europeeske Kommisje.

Comments
2 reaksjes oan “Boppeslach foar Janneke Spoelstra”
  1. josse de haan schreef:

    Earder hat Elske Schotanus skreaun oer ‘De kar fan de klyk’. Hjoed binne der foardrachten yn minderheidstalen yn. Brussel. Baskenlân hat in swiergewicht stjoerd – Bernardo Atxaga (sjoch myn stik oer de Baskyske literatuer – ensfh nr 6, febrewaris ’18). Fan myn skriuwpartner hearde ik dat Kataloanje ( sij set oer ut it Katalaans yn it Baskysk) itselde dien hat. Fryslân komt mei in federgewicht, wylst der swiergewichten omrinne. As it persee in frou wêze moast – Albertine Soepboer, of Elske Kampen. Manlju – Tsead Bruinja, Elmar Kuiper, Abe de Vries, en noch wol mear. Dizze kar rint wer parallel mei ‘Oare wurden’. Yntusken is de antalogy ‘Swallows en Floating Horses’ publisearre, dêr’t us swiergewichten yn steane. Lokkich mar!

  2. Janneke Spoelstra schreef:

    Tankewol, Josse. Foar, bûten kwea, wat my oanbelanget.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.