“Blauhaus is de blauwe loft”

ARJAN HUT – 

Blauhaus Producties is in produksjehûs foar jonge ‘makers’: skriuwers, tekeners, muzikanten, filmers, neam mar op. Johanneke Dijkstra en Aletta Top stiene yn 2011 oan de widze fan Blauhaus en de earste aktiviteit wie it organisearjen fan in opblaasboatrace yn de grêften fan Ljouwert. “It doel is om minsken bymekoar te bringen om wat te meitsjen. En wy dogge ek PR!”, seit Johanneke Dijkstra.

 

Blauhaus is de blauwe loft, einleaze mooglikheden.

 

“Yn dy begjintiid wie der hjir hast neat te belibjen. Dêrom ha wy in boatrace organisearre, dy’t goed oansloech.” Wy binne yn har wenning oan de Borneostrjitte yn Ljouwert. It is freedtemoarn en de sinne set it renovearre buertsje mei WC de Groot-huzen yn in waarm ljocht. Op de bank leit in eksimplaar fan it boek ‘Liefde’, it twadde diel út de autobiografyske cyclus ‘Mijn Strijd fan Karl Ove Knausgard’.

Ik wol earst wat witte oer de namme. Dy is wat betiizjend, want yn Ljouwert stiet der in echt blau hûs, mar dêr sit BUOG, Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen. “Yn 2011 stie it te keap en wy fûnen it wol nijsgjirrich om dêr ús honk fan te meitsjen, mar wiene te let. Wy ha noch wol socht om wat oars, mar by einsluten is dat der net fan kommen. Byldzjend keunstner Wies Noest advisearre dat wy ek gjin kantoar nedich wiene. Blauhaus is de blauwe loft, sei se, einleaze mooglikheden.”

Mei har koarte fantasij-film ‘Ritus’ makke Dijkstra as regisseur yn 2016 har debút op it ferneamde filmfestival fan Cannes. Earder wie ‘Ritus’ al te sjen op it Noardelik Filmfestival en op in festival yn Atlanta. It liket allegear al wer oin skoft lyn. Mar drokte hat sy genôch: allinnich al op de Academie voor Popcultuur, dêr’t sy lesjout en ynternasjonale projekten betinkt en regelet.

Stilsitte kin de út Aldwâld ôfkomstige tûzenpoat ek net. “Ik ferfeel my gau. Nee, net yn de sin dat ik nearne wat oan fyn, krekt oarsom, ik moat net te lang mei itselde dwaande wêze.” Aletta Top kin ek net stilsitte. “Aletta sit yn Austraalje, en sy besiket ûnder oaren om dêr in Blauhaus-eksposysje op te setten. Wy binne Blauhaus mei ús beiden begong, om mei oaren gear te wurkjen en te ekspearimintearjen.” Sy lit my grutsk it printeboek ‘Vogel en Mol’ sjen, ek in Blauhaus projekt, mei yllústraasjes troch Aletta Top en in ferhaal troch Marijke Keur.

In Blauhaus-projekt dat al wat langer rint is ‘Hashtag Genieten – jong, ambitieus en blut’. Johanneke. “Via produsinte Ilja Kok kaam de dokumentêre by ‘VPRO Dorst’ terjocht. Dat is in platfoarm foar jong talint, dat him benammen rjochten op it on-line produksjes, mar út en troch komt der ek it ien en oar op tv terjocht. Dêr wurdt op dit stuit oer praat. It soe moai wêze as dat slagget en dat Hashtag Genieten yn septimber op de televyzje te sjen is. Ilja is fan produksje bedriuw Copper View en is no myn manager.”

En dan wer fierder mei nije Blauhaus-projekten, rjochte op Ljouwert en Europa, en wa wit wat it Australyske avontoer opsmyt. Wy prate fierder oer martial arts, meditaasje, fotografy, tekenwurk en sels poezij-albums. Mar wat fynt Johanneke no self it moaiste om te dwaan, wêr leit har hert? “Films meitsje”, is it antwurd. Lang dêroer neitinke hoecht se net. “Regisearje fyn ik it leukst.”
Sjoch ek: www.hashtaggenieten.nl en http://www.blauhausproducties.nl/.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.