fotografy: Rene den Engelsman

Birds- en brasswrâld kruse mekoar yn Beetstersweach

TSJOMME DIJKSTRA – 

It is in ûnderfining dy’t los stiet fan elke oare útfiering fan orkesten, en as konsertbesiker witte je amper wat je oerkomt. De orkesten stean yn de sporthal fan Beetstersweach yn in U-foarm opsteld. De muzyk komt je fan links yn ’e mjitte, fan rjochts, fan efteren en dan, ynienen, fan alle kanten tagelyk. Der stiet ek pop en R&B op it programma, dat foar in grutste part troch de orkesten gearstald is.

Soms kinne je de muzyk, it nûmer, miskien nei in pear klanken thúsbringe, dochs klinkt dat grif oars as eardere kearen. As finale wurde der twa minimalistyske komposysjes útfierd. De stiken dy’t spile wurde hawwe allegear te krijen mei it lânskip en/of fûgels.

 

Oan de iene kant is it konsert in oade oan it lânskip en lit de muzyk minsken de rykdom fan it lânskip heare en fiele. Mar dêrmei hoecht der noch mar in lytse stap set te wurden om de oandacht te ferlizzen nei wat der misgiet mei dat lânskip.

 

Njoggen HaFaBra-orkesten
“Ik fyn it echt in te gek projekt. Der komt hjir in soad by elkoar,” seit inisjatyfnimmer Sytze Pruiksma, dy’t him, as wie hy ferkearsregeler op ien fan de drokste krúspunten fan de provinsje, it ferrin fan in konsert foarstelle moat wêrby’t leafst 250 muzikanten fan njoggen HaFaBra-orkesten út Opsterlân mei-elkoar in muzikaal aventoer oangean.

Pruiksma is as artistyk lieder by it boargerynisjatyf Kening fan ’e Greide belutsen, dat aksjes op priemmen set om op te kommen foar it behâld fan it greidelânskip. Hy makket aksjeplannen mei ûnder mear Theunis Piersma (kennis) en Klaas Sietse Spoelstra (ynnovaasje). It konsert yn Beetstersweach is ien fan har earste grutte projekten op artistyk flak.

It is yn wêzen in muzikaal statement dat makke wurdt. Mei klanken en mei muzyk wol Pruiksma in ferhaal fertelle oer it lânskip. Oan de iene kant is it konsert in oade oan it lânskip en lit de muzyk minsken de rykdom fan it lânskip heare en fiele. Mar dêrmei hoecht der noch mar in lytse stap set te wurden om de oandacht te ferlizzen nei wat der misgiet mei dat lânskip. De ôfname fan it ferskaat oan planten en bisten op it lân dy’t hieltyd fierdergiet. Te folle fokus op de produksje en te min omtinken foar de besteande biosystemen, mei as gefolch dat de natuerlike balâns yn it lânskip fuort liket te wêzen.

 

Ynspirearje
“Wy meitsje ús allegear drok om de ferskraling fan it lânskip.” stelt Pruiksma. Neffens him rint it noch hieltyd stikken op it fermogen om wat oan de ferskraling te dwaan. Pruiksma hopet dat it konsert minsken ynspirearret foar in oáre omgong mei it lânskip. Sels groeide er op yn Workum, is er al syn hiele libben leafhawwer fan it fûgelrike plattelân en ken er de diskusje en de debatten dy’t oer it lânskip fierd wurde. Yn ’e lânbou sjocht er op it stuit positive ûntwikkelingen: “In stip op ’e hoarizon is bygelyks de natuerynklusive lânbou.”

Hy hopet dat troch de dialooch oan te gean mei minsken, mar fral troch ynspiraasje te finen foar oplossings, mear minsken – en yn it kylwetter fan FrieslandCampina en de Rabobank oare grutte partijen – it oandoare om nije paden te kiezen. Ynspiraasje om de ôfslach nei in oare rûte te nimmen, dat is wêr’t hy de help fan de muzikanten fan de orkesten by brûke kin. “Yn it konsert sit in grutte klimaks, wêrby’t alle orkesten tagelyk oansette en de útdaging ha om mei-elkoar ymprovisearjend fierder te kommen.” In metafoar foar wat der ek foar it lânskip noadich is.

 

Ferbine
Troch muzyk kinne je wat yn gong sette. It kin minsken ferbine, stelt Pruiksma. De orkestleden moasten dêrfoar lykwols ek oer de eigen grinzen hinne sjen, want it konsert wie mear as in útdaging foar se. “Se moasten út har comfortzone komme. Ik hâld dêrfan, mar sy fûnen it earst ferskriklik.” Dochs socht Pruiksma al yn in betiid stadium kontakt mei de HaFaBra-orkesten.

Dêr’t hy sels hope om mei twa orkesten in útdaging oangean te kinnen, krige er doe, ek tsjin syn eigen fernuvering yn, de kâns om mei njoggen orkesten oan it projekt te wurkjen. “Siepy Hoekstra fan de Federatie van Opsterlands Muziekverenigingen hat my doe skille mei de fraach in muzikale gearwurking oan te gean. It is ek goed foar de orkesten. In soad orkesten wrakselje mei subsydzjes. Muzykskoallen wurde opdûkt. En de orkesten binne op syk nei nije leden.” De orkesten kinne it neffens him ek brûke om net betrêde paden yn te slaan. Under mear om de oansluting te hâlden by de jeugd. “It is belangryk dat se har yn in nij aventoer doare te stoarten, sadat se nije ferbyntenis mei it publyk oangean kinne. Dêrfoar moatte se fan de de terpen ôfkomme.”

De orkesten spylje yn Beetstersweach neist de sels selektearre stikken, it foar de HaFaBra-orkesten arranzjearre stik Reade Skries fan Sytze Pruiksma, ynspirearre op in fûgelekspedysje yn Afrika mei Theunis Piersma en oare wittenskippers. Ek wurdt In C fan de Amearikaanse komponist Terry Riley opfierd. “It stik fan Riley is in klankstik dat in kertier duorje kin, mar ek wol trije oeren. Wy spylje twa kear trije minuten fan it stik. It is in tematysk stik, der binne in oantal regels, mar de orkesten moatte ek ymprovisearje. As de muzikant in bepaalde kant opgiet, en as de oar meigiet, dan kin der echt in trance ûntstean dy’t elk op de banken krijt.”

 

Bestimming
It konsert yn Beetstersweach, mei betocht troch Johannes Terpstra, adviseur fan Keunstwurk en dirigint fan Fanfare Wynjewâld, is in opmaat nei in noch folle grutter projekt yn 2018 dêr’t Pruiksma njoggentich orkesten út Fryslân foar by elkoar hopet te krijen foar in grutte iepenloftfoarstelling, mei dûnsers derby en fideobylden. In konsert mei de fûgel yn de haadrol. “In stik fan sân dielen, út it perspektyf fan de fûgel wei sjoen: wat heart er as er yn Afrika is, hoe gedraacht er him yn de Fryske greiden en wat fertelt er ús?”

Pruiksma hopet dat der 2.000 muzikanten oan dy útfiering meidogge. Foar dy tiid hopet er noch mei oare muzykfederaasjes oan it wurk te gean, mar nije wike sneon is de primeur foar Opsterlân yn Beesterstersweach.

 

Birds & Brass fynt plak op 30 jannewaris yn de sporthal fan Revalidatie Fryslân, Haadstrjitte 3, 9244 CL Beetsterzwaag. It konsert begjint om 20.15 oere. De entree is € 10,-.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.