Birdman

MARINTHE DE HEK – 

Birdman is in film dy’t net troch special effects of hostage dialogen oan dy optreaun wurdt, it is krekt in film dy’t op ‘e eftergrûn meisûst. Yn it skynber yn ien take filme ferhaal folgje wy akteur Riggan Thompson (Michael Keaton), dy’t mei syn bewurking fan Raymond Carver’s What We Talk About When We Talk About Love oan ‘e wrâld sjen litte wol dat hy mear is as de cartoonheld Birdman: in rol dy’t him yn it ferline in soad sukses brocht hat. Mei de tiid fan no hat hy neat: “It smells like balls”, fynt Thompson.

Begelaat troch Hill Dweller’s-eftige jazzdrums folgje wy de repetysjes yn it St. James Theatre op Broadway. Dêr besiket de ferbittere Thompson mei in lyts teaterensemble syn fertolking nei in heger artistyk nivo te bringen. Hy wol dat it grutte publyk him omearmet as in grut fakman.

Thompson siket nei de befêstiging fan de mannichte, mar it meast noch dy fan de kritisy. Hy wurdt hieltyd herinnere oan it paad fan ‘e minste wjerstân út syn ferline: kaskreakers, miljardenomset en instant succes. It leit op ‘e nij binnen hânberik. Oan de iene kant tinkt hy: it hoécht net, de striid, it wrotten, it hurde wurk. Doch no mar dêr’tst goed yn bist: Birdman úthingje. Mar giet it him oan de oare kant wol werklik om in sucht nei bewûndering troch de New York crowd? Of giet it de narsistyske Thompson noch folle mear om de leafde foar himsels? En wat is syn rol yn it deistige bestean?

De film Birdman bringt de striid tusken passy en sukses, feit en fiksje, aktearwurk en it werklike libben skerp yn byld. Striid is ek wat it brein fan Thompson sketst. Syn striid makket dúdlik hoe tin de grins is tusken it spyljen fan in rol op it toaniel en it hawwen fan ferskate rollen yn it hjoeddeistige libben: echtgenoat, heit, ensfh. Sjoch bygelyks de sêne wêrby’t taskôgers fan de dyk ôf roppe – as Thompson fan it dak driget te springen: “Is this real or are you shooting a film?” Is it neilibjen fan in passy foar de keunst de meast suvere foarm fan egoïsme, of giet it om it belang fan alle leafhawwers? It hinget faaks ôf fan it doel: applaus of foldwaning? Bewûndering of leafde foar it fak.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.