fotografy: Jacob van Essen

‘Ik bin pas yn Fryslân lokkich wurden’

WILLEM VERF –  

Hy is in wike of trije yn funksje, mar foar de Moanne makket er graach romte yn de aginda. ‘In goed blêd, de Moanne. Doe’t ik yn Dordrecht wenne haw ik altyd in abonnemint hâlden.’

Wy fûstkje, in krêftige hândruk, in opteine man yn syn funksjoneel ynrjochte wurkromte op it Provinsjehûs. It Frysk en de kultuer, dêr komme wy fansels aanst op. Mar de ‘human interest’ komt earst.

 

Wêr komt er wei?
As katolike húshâlding wienen se in útsûndering yn wat Brok sels in ‘Refo-hoeke’ neamt, yn Leerdam, (no noch) it meast eastlike stedsje fan Súd-Hollân. Syn heit wie slachter, dat wol sizze: hy wie foaral de earste ûndernimmer dy’t in útstjoerburo foar slachterij-arbeiders opsette. ‘Meiwurkers yn de fleisferwurkjende yndustry’, seit Brok sels. Krekt en korrekt formulearje, dat sil my yn dit petear wol faker opfalle, dat docht er graach. Ik begjin oer syn jeugd, om ’t ik nijsgjirrich bin hoe’t ien út Súd-Hollân sa’n oertsjûge Fries wurdt. Weromhâldend is er net, mar hy wol al in grins stelle yn wat er wol en net fertelt, seit er. Sa’n opmerking makket wat mear nijsgjirrich…

Hja wienen echt roomsk, yn dy tradysje waard er grut, foaral syn mem hechte dêr oan. It houlik fan syn âlden wie gjin súkses. Foar de puber Arno, mei ien jongere suster, wie dat goed te merkbiten. Mar syn mem woe eins net oan in skieding – it houlik is in sakramint, dat ûntbine jo net samar. Uteinlik kaam it der al fan.

Yn dyselde perioade fernaam er hyltiid mear dat er oars wie, in fielen dat er net goed thúsbringe koe. Stadichoan kaam it besef dat er homoseksueel wie. ‘Coming Out yn Leerdam?’, freegje ik. O heden nee. ‘Dêr koe yn dy refo-krite gjin sprake fan wêze. Ik hâlde dat foar mysels.’ Hy hat der wol mei wraksele. ‘Mar ik realisearre my: ús Leave Hear hat my sa makke. Dus dan mei ik der wêze en bin ik net ferkeard.’

 

Bewuste kar foar it iepenbier bestjoer
Syn heit wie net entûsjast oer Arno syn winsk om yn de amtnerij te gean. Mar hy woe dat en keas nei de middelbere skoalle foar de Thorbecke Akademy yn Ljouwert. De jonge Brok kaam yn in flat yn Skieringen te wenjen, yn de Cederstraat. It wie in befrijing foar him. Hy koe wêze wa’t er wie, naam diel oan it buertlibben (‘autentike minsken, dêr’t ik fuort in soad mei hie’), waard folslein akseptearre, fielde him thús op de bestjoersakademy. Krekt oft syn libben doe opnij begûn: ‘Ik bin pas yn Fryslân lokkich wurden.’

 

En ferfolgens kieze foar in Fryske identiteit?
As studint op in flat yn Skieringen wurdt men net fuortdaliks Frysksinnich, liket my.

‘Ik woe witte wat Fryslân noch mear wie, dizze kontreien dêr’t ik my einliks thús fiele koe.’

It kontakt mei oare studinten, foar in flink part Friezen, dat holp. Hy ferdjippe him yn histoarje en aktualiteit, yn de Fryske kultuer. De lettere boargemaster fan Wûnseradiel, Theunis Piersma, wie ien fan syn dosinten op de Akademy.

‘Dy sei: wêrom soest net in Fryske kursus folgje? Hy rette my de Afûk oan. Ik begûn mei de kursus “Bekjegau”, foar Hollânsktaligen. Uteinlik haw ik trije kursussen efterelkoar dien. Wat in moaie taal en wat in prima ynstitút. Ik haw letter seis jier bestjoersfoarsitter fan de Afûk west. De Afûk is sa belangryk foar Fryslân.’

 

Hy bleau leauwich
‘Jawis! Ik bin meilibjend katolyk bleaun, alle wiken gean ik nei tsjerke. Neat is tafal, alles wurdt bestjoerd troch God.’

Mar de tsjerke fan Rome is dochs net echt freonlik foar homo’s?

‘Wa kin der wat op tsjin ha dat God my sa makke hat? Ik wrakselje mei net ien punt út myn libben mear. Ik fernim ek net dat der wjerstân is yn de tsjerke.’

Hy hat fan syn homoseksualiteit gjin ‘lifestyle’ makke. Hy sit net yn it sirkwy, sa’t er sels seit. Arno Brok libbet op himsels, sûnder partner. En sa is it wol moai genôch mei it hiele persoanlike yn dit petear, fynt er.

 

De ferwachtingen yn Fryslân oer de nije kommissaris binne heech
Jout dat ekstra druk?

‘Dit wie in kâns dy’t mar ien kear yn dyn libben foarbykomt. It is myn dreambaan. En no past my nederigens. It giet net om myn persoan.’

Wêrom is dit sok moai wurk?

‘Fergelike mei in wethâlder of sels in boargemaster is der mear funksjonele distânsje. Ik hoech gjin konkrete doelen te heljen. Ik bin ambassadeur, ferbiner, en dat mei ik wêze yn sa’n bysûndere provinsje. As bestjoerskundige kinst eins gjin moaiere karriêrestap meitsje. Dit is net in klus foar in pear jier. Ik kom wer thús en ik bin tige wolkom, dat is dochs prachtich?’

Dat is hiel oars as doe’t er, as man fan 39, ôfreizge nei Dordrecht.

‘Ik haw doe wol lêst hân fan dat fertrek út Fryslân. De gemeente Snits hâlde op, foar Súd-West soe der in nije boargemaster komme. Ik moast reëel wêze, der wie noch in soad te learen foar my. En Dordrecht, dat wie de grutte stêd út myn jeugd. Dat wie ek in kâns. Yn de regio haw ik dêr in soad dwaan kinnen op it mêd fan de kultuer. En de ekonomyske dynamyk is yn Súd-Hollân hiel sterk.’

Mar doe’t de CdK-post yn Fryslân frijkaam hat er net in sekonde twifele.

‘Ik mei fansels net tefolle fertelle oer de petearen yn de fertrouwenskommisje, mar it sil ek sûnder dat wol dúdlik wêze dat ik my sterk profilearre haw as man dy’t kultuer, en benammen de Fryske, fan grut belang fynt. De Steaten hawwe bewust keazen foar in Frysksinnige kommissaris.’

 

Ekonomy en kultuer
Hy is lid fan de VVD. Yn syn partij fine in protte minsken dat it jild earst wol fertsjinne wurde moat ear’t men it oan saken as kultuer útjaan kin.

‘Kultuer hat alles te krijen mei de kwaliteit fan libjen. Fansels jildt foar ús allegearre de piramide fan Maslow: iten, in dak boppe de holle, waarmte, de primêre dingen. Mar diel útmeitsje fan in mienskip, jins eigen kultuer foarmjaan, dat is sa fan belang. Dêr kinne wy net sûnder. Jild allinnich is it net. Wêrom binne Friezen it gelokkichste folk? It is hjir noch, dy kulturele basis.’

Mar hy sjocht ek de oare kant.

‘Dat yn Fryslân in tredde part fan de befolking ôfhinklik is fan in útkearing, dat soarget foar in grutte disbalâns. Foar sosjaal isolemint. Der is in omfangrike groep minsken sûnder arbeid en sûnder partisipaasje, de diskrepânsje yn de maatskippij wurdt grutter.’

De measte VVD’ers tinke by de ekonomy earder oan kânsen foar ûndernimmers as oan de swakke posysje fan minsken oan de ûnderkant, kin ik net neilitte te sizzen.

Mar Brok wifelet net.

‘Ik bin bestjoerder, sjoen myn karakter is dat in goede kar. Ik wol minsken romte en kânsen jaan, alle minsken. Dat past hiel goed by in liberaal wrâldbyld.’

 

Fryslân
Tsja, Fryslân. Idealisearret er it net tefolle? Fryslân is dochs ek net mear wat it west hat, nim no it lânskip.

‘Ik moat oppasse foar al te politike útspraken.’

Dat is te maklik.

‘Fryslân sûnder autentyk lânskip en greidefûgels, dat mei foar my eins net bestean.’

Dan is der dochs ek in belangetsjinstelling?

‘De grutskaligens op it plattelân is net fansels ûntstien, it is opsocht, der waard tocht dat dat it bêste wie. Der ûntstiet no in tsjinkrêft. Ik hoopje op in ommekear. Der komt in breuk mei it resinte ferline. De fraksjes yn de Steaten sille dit tema oppakke. Der is in protte affiniteit mei de ekologyske lânbou, ek by my. Earst gie it om hobbyisten, mar dat feroaret: soarchfâldich omgean mei iten en natoer, dat libbet breed. Der binne op it stuit grutte tsjinstellingen, mar ek moaie inisjativen. Der is perspektyf foar alle boeren. Ik tink dat it nei elkoar ta groeit.’

En, entûsjast: ‘Dit is trouwens ek in moai foarbyld hoe’t kulturele aktiviteiten de positive ûntwikkelingen fersterkje kinne. In projekt lykas “Sense of place” fan Joop Mulder, dêr stiet it harmoanysk omgean mei lânskip, kultuer en ekonomy sintraal. Dat jout krêft foar Fryslân.’

En dan it Frysk. Brok wol de taal safolle mooglik brûke, en soks rint djipfriezen lykas ik fansels as lij wetter yn de earen. Mar it brûken fan it Frysk liedt ek ta wjeraksel by aardich wat minsken.

‘Ik sjoch dat net, dy tsjinstelling.’

Konsekwint it Frysk brûke yn Fryslân, dat fine in protte minsken net normaal. Soks sil makliker sein wurde tsjin in sljochtwei Fryskprater út de Houtigehage as tsjin de CdK, rûs ik.

‘De attitude fan de Friezen sels spilet hjir in grutte rol. Brûk de taal wêr’t it ek mar kin. En dan noch wat: mei it ek leuk wêze om Frysk te praten?’

Jawis, wat leuker wat better. Likegoed kin it net ta mei “Frysk is fun” en dat soarte gjalpen, sis ik. De taal giet kwalitatyf en kwantitatyf fan ús ôf.

‘Dat is sa. Der moat in folle steviger basis komme yn it ûnderwiis. Dêr rêde wy it net mei ien kear yn de wike in healoere Jip en Janneke yn it Frysk. Mar ik wol net meidwaan mei de kultuerpessimisten. Der is oprjochte belangstelling. It tal kursisten fan de Afûk rint wer omheech. In soad minsken wolle wol oars. Mar de Friezen binne faaks te beskieden.’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.