Bim al yn Dokkum? Wy bin it brechje krekt foarby

HENK WOLF – 

As regel krije tiidwurden yn it meartal de útgong -e of -je: wy prate, jim rekkenje, de buorlju sliepe. Der is ien tiidwurd dat dy útgong yn de skriuwtaal faak kwytrekket. Dat tiidwurd is ha(wwe). Wy hawwe en wy ha komme op skrift beide foar.

Yn ‘e sprektaal binne sokke wurden der folle mear. Ik lês faak stikken fan begjinnende Fryskskriuwers en yn har teksten kom ik foarmen tsjin lykas wy bin, jim kin, de buorlju wol. De skriuwtaalnoarm ferbiedt dy, mar yn ‘e sprektaal binne se heel gewoan.

 

Wa’t it mei myn oardeel net iens is, moat him mar oppenearje.

 

Lang net alle tiidwurden ha sa’n foarm sûnder útgong. Ik freegje my ôf oft der ek systematyk sit yn it wol of net fuortbliuwe kinnen fan de

Ik jou in pear oardelen op basis fan my eigen taalgefoel. Wa’t it mei myn oardeel net iens is, moat him mar oppenearje.

Normaal is yn myn earen:
wy ha (drokte), wy bin (ek thús), wy moat (werom), wy sil (ek fuort), dy doh (ek mei), wy gon/gean (derhinne), wy stean (efkes te praten), wy sjoh (it wol), wy jer (dy wol), wy fyn (it wol bêst).

Twivelachtich binne foar my:
wy fyn (it kaike werom), wy bliuw (ek thús), wy lit (him gewurde), wy sit (op ‘e stoel), wy skriuw (in boek), wy flean (mei Ryan Air).

Net goed binne foar my:
wy stin (derop om), wy praat (deroer), wy pak (in glês), wy lês (in boek), wy driuw (op in luchtbêd), wy mean (dat fjild), wy regel (it), jim hoop (dat it slagget).

Ien ding is foar my dúdlik: de útgong -je kin noait fuortbliuwe. Fierder sjoch ik twa tendinzen: helptiidwurden lykje de -e makliker kwyt te reitsjen as selsstannige tiidwurden. De selsstannige tiidwurden sjen, hearre en fine, dy’t grammatikaal wol wat op helptiidwurden lykje, kinne de -e ek kwytreitsje.

Opfallend is dat ‘fine’ yn de betsjutting ‘wat tsjinkomme dêr’t jo om sochten’ (wy fine it kaike werom) by my de -e net kwytreitsje kin, wylst ‘fine’ yn de sin fan ‘beskôgje’ (wy fyn it moai) dat wol kin. Tiidwurden dy’t yn de nammefoarm (de foarm dy’t yn it wurdboek stiet) gjin útgong ha, lykas dwaan, gean en stean, hoege dy yn it meartal by my ek net te krijen.

Stiet it tiidwurd foar it ûnderwerp, dan binne der (foar myn gefoel) noch fierdere ferkoartingen mooglik:

Wojm (=wolle jim) ek in dropke?
Kizze (=kinne se) der wat oan dwaan?
Dan gowwe (gonne wy) wol mei de trein.
Aanst bim (=binne jim) wer thús.

Comments
Ien reaksje oan “Bim al yn Dokkum? Wy bin it brechje krekt foarby”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.