Bilkert op wei nei San Sebastián

TSJOMME DIJKSTRA – 

It momint fan de oprop hie net better komme kind, fynt Gerard de Jong, dy’t yn maaie nei de Baskyske stêd San Sebastián ôfreizget foar it projekt Oare Wurden / Other Words. Nei André Looijenga en Bart Kingma is De Jong (37), al santjin jier haadredakteur fan de Bildtse Post, de tredde Fries dy’t útstjoerd wurdt nei in oare regio yn Europa mei in lytse taal of minderheidstaal.

Der wie dizze kear in frije ‘call’ yn Fryslân; dat hâldt yn dat skriuwers dy’t in oare skriuwtaal as it Frysk brûke har ek oppenearje koenen. De Jong rûn sels al in skoftke mei it plan om om in novelle te skriuwen doe’t dizze kâns fan Other Words him oantsjinne. It doel fan it projekt is om in bestendich Europeesk netwurk op te bouwen fan kreative plakken foar skriuwers út regio’s fan minderheidstalen. De Jong hopet dat hy it grutste part fan wat syn literêr debút wurde sil yn de Baskyske stêd oan de golf fan Biskaje skriuwe kin.

 

“Op ’t eerste plak doen ik ’t foor mysels. Dat is myn eerste ambisy. Toegelyk hoop ik ok ’n ambassadeur weze te kinnen foor ’t Bildts.”

 

Mar hy giet perfoarst net allinnich op reis om syn eigen literêr produkt wurkje te kinnen, fertelt er. Fia de frije call gie nammers de doar iepen foar it Bildtsk: it Bildtsk hat gjin literêre tradysje, stelt de sjoernalist en kranteman. “Poëzy is d’r wel. Maar d’r is gyn tradisy kwa boeken en institusys.” Alles wat der op literêr mêd útjûn wurdt yn it Bildtsk kin dan ek helpe om in tradysje yn de taal libben yn te blazen. De Jong hopet dat er soks bewurkstelligje kin; dat er wat yngong set mei de novelle dy’t er skriuwe sil – en dy’t yn alle gefallen oerset wurdt yn it Ingelsk en oare minderheidstalen.

Dat wylst er sels noch foar syn literêr debút stiet. Hy hat no allinnich noch mar it idee foar syn ferhaal en is noch net begûn te skriuwen. As er yn San Sebastián set er him dêr ta. De Jong: “’t Is nou nag planmatig. Ik prebeer ’t nag even binnen te houwen.” De Jong tinkt dat er de ynspiraasje wol fynt as er de hannen der daalk frij foar hat en leaut dat de ôfwikseling him derby ek goed dwaan sil, want nêst skriuwen docht er ek oan ferskate kulturele en literêre aktiviteiten mei yn San Sebastián.

Sels hat er it plan betocht om kontakt te lizzen mei lokale kranten en hopet er dat dêr wat bestendichs út wei komme kin. Want Baskelân en it Bildt fiere elk har taalstriid; se besykje elk har taal in promininter plak te jaan. De histoarje fan Baskelân op dat mêd fynt De Jong ek tige nijsgjirrich. “Die geskidenis, dat se foor de taal streden hewwe onder Franco. Later de ETA. Niet dat wij ok de wapens oppakke”, seit er laitsjend. Even dêrnei: “Maar taal bepaalt wel dyn idintiteit.”
Ik freegje him nochris eksplisyt nei syn reden om op de frije call yn te gean en op útwikseling te gean. Docht er foar himsels of foar de Bildtsk? Of is dat mei elkoar ferbûn? Hoe sjocht er dat sels? “Op ’t eerste plak doen ik ’t foor mysels. Dat is myn eerste ambisy. Toegelyk hoop ik ok ’n ambassadeur weze te kinnen foor ’t Bildts.”

Der spilet ommers fan alles op it Bildt; de gemeente it Bildt giet daalk op yn de nije gemeente Waadhoeke. Wat binne nei ferrin fan tiid de gefolgen foar it Bildt en wat binne dan de konsekwinsjes foar de posysje fan de taal? Dat binne fragen dy’t him bot dwaande hâlde en De Jong fernimt dat minsken om him hinne de fragen ek stelle en dat se boppedat in soad belangstelling hawwe foar syn aventoer. De sjuery fan it projekt keas boppedat net allinnich foar De Jong om’t syn skriuwplan literêr nijsgjirrich wie, hja fûn syn plan ek tsjûgen fan in sterke persoanlike driuw. De Jong: “Ik hew dy sterke innerlike drang d’r niet heel bewust inlaaid. Maar dat asemt ’t fansels wel.”

It is foar De Jong net in nije erfaring dat der wat fan him ferwachte wurdt. Hy is yn syn wurksume libben al in hoeder fan de Bildtske identeit. Dy assosjearret hy mei de taal en in beskate bining mei syn bertegrûn. Syn pake wie ek haadredakteur van de Bildtse Post en dy wie it ek yn in hiel wichtige perioade foar it Bildt. Op dy perioade – syn bernetiid – grypt hy ek werom yn syn novelle. Neffens him wie it de tiid fan ‘de geboorte fan ’t Bildtse bewustwezen.’ Yn de jierren santich kaam earst de Fryske wei bot op, leit er út, en op it Bildt kaam dêr wer in tsjinreaksje op: fan minsken dy’t har net Frysk fielden, mar har yn stee beroppen op de Bildtske identiteit. “En myn pake waar ok een fan die foorfechters.”

It bloed fan syn pake streamt ek troch syn ieren hinne, dêrmei giet er daalk nei Noard-Spanje. De Bildtse Post moat it in hoartsje sûnder syn liedende hân stelle, mar de haadredakteur hat der alle betrouwen yn dat hy even mist wurde kin. Sels lûkt er de doar ferrassend maklik ticht: “Lekker om ’t even helendal los te laten.”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.