Big Brother

Bêste Volkert,

Kensto Willem noch, fan de earste tv-searje Big Brother? Witst wol, dy keardel dy’t it ta de ein skopte yn dat hûs, mar doe mei ien domme aksje – ik leau dat er syn kompanen Ruud en Bart in pear sinten tasei as hy winne soe – alle sympaty ferlear en as in Oekraynske Krimsoldaat de Big Brother kazerne úthune waard. Fuort nei de ein fan de tv-searje hat Willem in skoftke ûnderdûkt sitten, om oan it flymjende wurd en swurd fan it folk te ûntkommen.

It hiele lân socht him, mar nimmen koe him fine. Lykwols hied er net in oare identiteit krigen of wied er nei in oar lân flechte.

Nee, hy siet by ús yn it doarpke.

Dêr moast ik eefkes oan tinke doe’t ik fannewike alle deskundigen lûdop neitinken seach oer dyn takomst. Wêr moatsto yn godsnamme hinne? Bûtenlân skynt net te meien, in nije persoanlikheid ek net. Hurderwyk is fansels útsletten, mar yn elts oar plak sille de minsken dy as melaatske ferjeie. Is it net omdat se dy leaver dea hawwe, dan is it wol út eangst foar ûnrêst of in minne namme foar stêd of doarp.

Soest dus ris oer in doarpke yn Fryslân neitinke kinne. It leafst ien mei in Frysktalige namme, want neffens toeristyske marketeers binne dy net te finen. En gelyk hawwe se. Want it is yndied frjemd dat der noch altyd net mear nijsgjirrige minsken hjirhinne komme, wylst der hjir op it stuit sa’n aldermachtichst soad ferskuorrend ynteressante ûntwikkelings geande binne. Op allegear fronten wurdt fernijing socht en fûn. Oft it no oer keunst, energy, lânbou, arsjitektuer, lânskipsbehear, technology, muzyk of witikwat giet – der is hast gjin sektor dêr’t nét foarútstribjende diskusjes en eksperimenten geande binne.

Wier, do witst net watst sjochst. In yntelliginte jonge as dy, dy’t in frisse blik op de wrâld hat omdat er der in skoft los fan west hat, dy’t skerp fan geast is, sil dat gau genôch troch ha. Flugger as guon politisi, dy’t tinke dat we noch altyd ynvestearje moatte yn asfalt. Flugger as guon ynstânsjes, dy’t fan eameljen har berop makke ha. Flugger as guon banken, boeren, bedriuwen dy’t noch altyd koerse op domme monoculturele groei.

Wy soenen dy hjir dus wol goed brûke kinne, eins. Om ús dy spegel foar te hâlden. Om ús fierder te helpen mei dy fernijing. Utlizze hoe’t je mei ien aksje in hiele maatskiplike beweging op gong krije kinne. Sjen litte hoe’t je net as in dom skiep yn de berm hoege ta te sjen as der wat bart dat jo net noasket. We soenen noch in soad fan dy leare kinne.

Soest in moai boechbyld wêze foar wat wy ‘iepen mienskip’ neame. Kinne wy tagelyk ris sjen litte wat we echt wurdich binne. Dat we echt sa tolerant binne as dat we sizze, en dat we it hjir goed foar ha mei it ferhûddûke folk. Dat wy reedlik en fatsoenlik binne, en ús net meitroaie litte yn domme rop- en razerij. Dat wy begripe dat ús rjochtsysteem minsken nei twatredde part fan harren straf frijlit. En dat it folslein willekeurich oardieljende folk dêr gjin foech yn hat.

Do hast keurich neffens plan dyn straf útsitten en kenners sizze dat der gjin gefaar foar werhelling is. Neat stiet dy dus yn ’t paad om hjir te kommen. No ja, miskien moatst ús ien kear de kâns jaan om keihurd ‘klootzak!’ yn dyn gesicht te roppen. Mar dan is it ek wol klear, liket my.

Net ien sil dy hjir sykje. Sitst by ús sa feilich as wat. Kenst dy Fryske grap oer Dútske oarlochsmisdiedigers nei de Twadde Wrâldoarloch? Dy sieten hielendal net yn Paraguay. Dy sieten yn Parregea.

Ik bedoel mar. Dy Big Brother, dy hat noch noait fan Fryslân heard.

 

Bart Kingma

Comments
Ien reaksje oan “Big Brother”
  1. Arjan Hut schreef:

    “It leafst ien mei in Frysktalige namme, want neffens toeristyske marketeers binne dy net te finen.” Goud!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.