Bever

KAREN BIES –  

Ik tocht dat ik in otter dearied. Mar doe’t ik út de auto stapte, seach ik dat it in murd wie. Like sneu, al is in murd gjin nijs, útsein stienmurden, as se de souder fan in gemeentehûs ferniele. In deade otter hie ik melde moatten by de Stichting Otterstation Nederland (SON) yn Ljouwert. Fannewike lies ik dit berjocht fan de stifting: ‘Een wegmedewerker die bezig was met onderhoud aan de A44 ter hoogte van Rijnsburg en Oegstgeest zag vlak voor zijn ogen dat een otter de weg overstak en twee keer door een auto geraakt werd. De otter overleed ter plekke.’

Fan alle beskerme sûchdieren hellet de otter it faakst it nijs, meastal dea.

Wat yn de jierren santich de seehûn wie, is no de otter. Otters moatte it hawwe fan donateurs en sponsors. Jo kinne op de webside fan de stifting in formulier ynfolje: ‘Klik op de poot om te verzenden.’ Ferfolgens krije jo fjouwer kear yn it jier de ‘Otterbode’ yn de bus. Foar otters wurde tunnels oanlein. Fiskers moatte roasters yn fûken oanbringe, sadat otters der net yn fersûpe. Ferweesde otters wurde ferneamd nei har finers en hjitte Arjen, Auke en Liesje. Om ynteelt tsjin te gean is foar Liesje in houlikspartner socht yn Tsjechië. Pjotr. Oare immigranten wurde it lân útset, Pjotr woene se útsette yn de Alde Feanen. Mar flak dêrfoar ‘overleed’ hy. Alwer nijs.

Sûnt de lêste otter yn 1988 ferstoar, binne der miljoenen gûnen en euro’s yn de heryntroduksje stutsen. Ferline jier wiene der sa’n 38 otters yn Fryslân. Dêrfan is in tredde part deariden. Kinst dus sizze dat it sneu jild is, mar dat fyn ik net. Leaver otters as in JSF, want in otter makket folle minder leven en ek minder oarloch. En wat de Stichting Otterstation Nederland ek docht mei it jild fan de donateurs, it giet yn alle gefallen net op oan djoer webdesign. Sjoch mar, op www.otter.to wurdt melding makke fan in súksesfolle sponsoraksje: ‘Voor elke 3 Hamka’s otterzegels die men instuurt, maakt Hamka’s fl. 2,50 over aan Otterpark Aqualutra. En als dank voor z’n inzet krijgt de consument een leuk otterspeldje kado. Men kan insturen tot 15 mei 1993.’

Nee, dan de bever. De bever is, foar it earst yn 350 jier, wer weromkaam nei Fryslân. Swimmend, op eigen houtsje, hielendal fanôf de Súdlaardermar nei Langwar, dêr’t er op it stuit syn eigen burcht oan it bouwen is. De bever rêdt himsels, sûnder gefaarlike diken oer te stekken.

Foar de deade murd haw ik trouwens in stille tocht holden. Allinnich.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.