De beurs bliuwt baas yn Snakkerbuorren

Publisearre op 21 juli 2017

RYNK BOSMA –

 

As de romantyk it gefjocht oangean moat mei de sinten dan witte je de útslach op foarhân al. Dochs kin it dêrom noch wol in nijsgjirrige twastriid wêze mei allegeare sydpaden. Dat is it gefal by it iepenloftspul In see fan lân yn Snakkerbuorren. It ferhaal giet oer in frou fan Amsterdam mei in soan dy’t delstrykt yn in doarp. Sy wurdt de nije kroechbaas.

 

Oan helpende hannen gjin brek yn dat doarp, de biljertferiening, it froulju’s koar, doarpsbelangen, allegearre fine se harren plak yn de kroech dy’t eins ek in funksje hat as doarpshûs. It ferhaal wurdt pas yngewikkeld as haadrolspylster Simone it oanleit mei de tweintich jier jongere boerensoan Sjoerd.

 

De leafde dus dy’t tsjin de tried fan de ‘mores’ yn roeit en dat jout swierrichheden yn it doarp. No kinne je sizze dat je dêrfoar net fan Amsterdam hoege te kommen want it tema fan in âldere frou mei in jongere man is grutter as it tema fan in frjemdling fan bûten út. As der dan ek nochris praat wurde moat oer in nije rûnwei om it doarp hinne, dan sjogge je dat ek hjir de beurs baas bliuwt.

 

Elts praat neffens syn eigen beurs en dat is net nij. It is de fraach of je tsjin fernijing binne omdat der dan minder jild yn it laatsje komt of dat je tsjin fernijing binne om’t je eangst ha foar feroaringen. Dy fraach is ûndergeskikt oan de grutte leafde dy’t as twa sinneblommen oprize tusken kroech en buorkerij mei Simone en Sjoerd as beide blommen.

 

No moat sein wurde dat Elsbeth Klein Hulse as Simone hast it hiele toaniel as in moderne Helena fan Troje foar har opeasket, sa oertsjûgjend spilet sy de rol, eagen, ekspressy alles falt op syn plak by har. Fansels bliuwt der romte oer foar moaie rollen sa as dy fan Nelis Huizenga as Sjoerd. De measte personaazjes dogge wat de beurs harren ynjout en dus binne sy yn gedrach foarsisber. Der is ien útsûndering, en dat is de heit fan Sjoerd, in prachtige rol fan Piter Zwart.

 

Hy is de man dy’t troch in ûngemak net mear buorkje kin, hy is de man dy’t de oare kant fan it libben, dat fan tsjinslach, preaun hat en der deistich oan herinnere wurdt. Net in man fan wurden mar in man fan stiltes, in man dy’t mei wiisheid troch de hannelwize of it gedrach fan it doarp hinne sjocht as wiene se fan glês. Mar hy jout der gjin wurden oan, de iennige dy’t net de beurs as libbensgids hat, mar it libben sels sa’t dat as in see fan lân troch it libben kronkelt.

 

Dat alles makket it moai sitten yn de doarpstún fan Snakkerbuorren. Je wurde ferrast troch wat je tsjinkomme en litte je ferrasse troch dy moaie iepeningssêne. It earste ‘oarspronklike en nagelnije stik’ dat Snakkerbuorren sûnt it begjin yn 2008 op de planken bringt. De foarstelling In see fan lân is in reden dêr ek it oare jier mei troch te gean.

 

In see fan lân

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels