Besprek bondel Wolf yn harnas fan Cornelis van der Wal

Publisearre op 21 december 2016

JOSSE DE HAAN – 

 

I ILLUMINATIONS
‘Dy moarns betiid wie ik noch lang net útrêst fan ’t bêd gongen yn it hûs dat myn âldelju foar fakânsje hierd hiene yn Hendaye. Ik wie nei it strân rûn, dat om acht oere noch útstoarn wie, in griis strân ûnder de Baskyske wolken dy’t leech en ticht op elkoar as in eskader bommesmiters oer de see skeaten.

Ik hie in byld fan mysels dat sa likernôch dit wie: ‘Famke dat by it opgean fan de sinne gedichten lêzen giet op it strân’ – in byld dat paste by myn fantasy, en elkenien wit hoe’t sa’n famke fan sechtjin yn dy tiid – in ûngelokkich en in ferskriklik eigenwiis wêzen – har troch har fantasijen liede lit yn har dwaan en litten.

Mei oare wurden, plat op myn liif op in baaihândoek, mei myn holle yn de iepen tinte en myn skonken oplutsen boppe it kâlde sân, sloech ik op goed gelok it wite, op stevich papier printe boek iepen dat Illuminations hite. Daalk waard ik as troch de wjerljocht troffen’:

 

‘’Ik haw de simmermoarnsdage omearme.

Blêdstil wie it noch oan it front fan de paleizen. It wetter lei

deastil. De skaadlegers setten net ôf út de boskleane. Ik haw kuiere

en makke de soele, krûdige dampen wekker, en de fonkelstiennen

seagen om har hinne, en stilwei kamen de wjokken omheech.’’

 

‘De wurden skeaten fan de blêdsiden nei boppen en botsten mei de wyn tsjin myn linnen tintedak; se foelen werom op myn holle, it iene byld folge op it oare, it prachtige op de dwylsinnigens’:

 

‘’Boppe oan de dyk, by in laurierbosk, haw ik har omsingele mei

har stellen sluiers, en efkes haw ik har oermjittich lichem field.

Moarnsdage en bern ferdwûnen yn de foet fan it wâld.  

Doe’t ik wekker waard wie it middei.’’

 

‘Sûnt de Illuminations hat de literatuer my altiten it gefoel jûn dat der earne – oeral – in brân wie, en dat ik dy blusse moast. Ik wit dat skriuwers sa út en troch nettsjinsteande harsels nei it fjoer drave, en dat sij har der likefolle oan baarne as dy lju dy’t harsels der yn smite. Om it koart te hâlden, ik ûntduts dy moarn wat myn grutte leafde wie en foar de rest fan myn libben bliuwe soe.

Reinde it by de earste tút dy’t ik krige, of sei immen mei delsleine eagen foar altiten farwol? Ik wit der neat mear fan sa’t ik my boeken heuch, ik hie it fierste drok mei mysels en myn boeken. Ik moast immen yn myn plak libje litte, ik moast lêze, mei oare wurden, om úteinlik yn alle opsichten tefreden te wêzen mei myn eigen bestean.’

 

II GJIN IMITAASJES FAN DE WURKLIKHEID
Ik wie de oantinkens (Avec mon meilleur souvenir) fan Franҫoise Sagan oan it werlêzen yn ferbân mei in nij boek oer goed fyftich jier literatuer lêzen en skriuwen dêr’t sij yn ’57 of ’58 mei Bonjour Tristesse ien fan de ykpunten wie. It krige letter in konkreet ferfolch yn Amsterdam (’85).

Ik wie dwaande yn har boek mei it lêste haadstik dat oer lêzen giet, oer de earste ûnderfinings mei literatuer dy’t in heel libben bliuwe. Op dat stuit foel de bondel Wolf yn harnas fan Cornelis van der Wal troch de brievebus. Hoewol’t ik net leau yn de teksten op achterflappen fan boeken lês ik se fakentiids wol. As it (te) ronkerich is lis ik it boek earst op in steapel boeken dy’t ik noch lêze moat.

Op de achterflap fan de bondel fan Van der Wal wurdt Illuminations fan Arthur Rimbaud neamd en útlein as ‘mominten fan geastlike ferljochting’, as ‘detaillearre fersierings’, ja sels as ‘minatuerkes (coloured plates) út de Midsieuwen’. Syn freon Paul Verlaine soe dat sein moatten hawwe…

Lit my it foarsichtich sa sizze: Sagan en ik lêze yn dizze gedichten wat oars. Dat is net tafallich fansels – de fersen fan Rimbaud kinne op ûnderskate wizen lêzen wurde, sadat it tafal fan myn werlêzen fan de oantinkens fan Sagan oer Illuminations en de brievebus mei de bondel fan Van der Wal te grut wie om net daalk de bondel iepen te slaan – nettsjinsteande de achterflap mei de tekst dat de gedichten fan Van der Wal ‘krekt sa binne as dy miniatuerkes yn Midsieuske hânskriften’, dêr’t imitaasjes fan dy wurklikheid foar master opsloegen.

Cornelis van der Wal syn poëzy hat neat te krijen mei imitaasjes fan de wrâld an sich, neat mei anekdoates, mei nostalgysk weromsjen, mei prachtige loften en wylde seeën, mei it fertellen fan ferhaaltsjes of Klaas-Faakstoarjes. Yn in earder besprek fan ien fan syn bondels (Subsydzje foar de Graal yn De Moanne/trotwaer ’04), ek publisearre yn myn Kastanjes Poffe (2005, Venus) en neamd In magnetyske trijehoeksferhâlding skreau ik dat it wurk fan Van der Wal ûnder de creatio-gedachte falt, en net ûnder dy fan de mimèsis (imitaasje fan de realiteit of in ôfspegeling fan de wrâld).

Yn dat opsicht sit er ticht by it konsept fan Rimbaud, op in wize sa’t Sagan boppe beskreaun hat en dat har fassinearre.

In kritikus as J. Veenbaas skreau oer de earste bondel In nêst jonge magneten, dat Van der Wal tefolle út wie op ‘skokkende en ekstreme bylden’, en ‘te min te sizzen hat’, dat ‘it gefaar fan leech wurdbreidzjen (tizeboel fan tipelsinnige en frijbliuwende bylden en wurden) op ‘e loer leit’. Dat is dus immen dy’t fynt dat literatuer de realiteit imitearje moat – konform oan dat wat er sels skriuwt.

Yn it gefal fan Van der Wal giet dizze poëzy folle fierder, omdat it keunst is, en dêr’t de ynterpretaasje fan wrâld en minsken it wichtichst is – de poëzy fan dizze dichter bestiet net út foto’s of imitaasjes fan de wrâld.

 

III WOLF YN HARNAS
De samling fersen Wolf yn harnas telt 33 gedichten sa’t wenst is by publikaasjes fan dizze dichter. De bondel bestiet út trije skiften: 1). Wolkens tsjin god; 2). Sibearysk mearke; 3.) Wolf yn harnas. Elk skift befettet alve gedichten.

Neffens Paul van Ostaijen yn syn Gebruiksaanwijzing der lyriek (1925/26, voordracht Brussel, Antwerpen, Music-Hall ’64) is poëzy “in bernlike útskroevenheid mei it hast ynhâldsleaze wurdboartsjen, en (skriuwt er) hoe’t de gedichten as soepele beesten, omdraaid en omheech smiten dochs elke kear wer op har poatsjes telâne komme: in gedicht fan de suvere lyriek hat de kausaliteit fan syn ûntwikkeling yn him en allinne yn himsels. De ik fan de dichter is bysaak”.

De fersen fan Van der Wal beantwurdzje oan dizze omskriuwing fan wat lyriek is, c.q. poëzy. De IK fan it gedicht is it wichtichst, net de IK fan de dichter, en yn dat opsicht rint dit idee fan Van Ostaijen parallel mei Rimbaud – je est un autre (de ik is in oare ik). It ferskil is dat it ûnbewuste en ûnderbewuste fan Van der Wal anno 2000 fieden wurde en dy fan Van Ostaijen en Rimbaud 100 jier en langer lyn – in oare tiid, in oare taal.

De bylden dy’t Van der Wal brûkt binne tagelyk byld op harsels en metafoar (soms identyk) – se passe yn de eigen wrâld dy’t kréëarre is troch de dichter. De assosjaasjes yn taal komme streekrjocht út de taalweareld fan de dichter, dêr’t it logyske fan de betsjuttings en ferbinings soms ôfwykt fan dy yn it wurdboek, en dêr’t eigen formules brûkt wurde (soms fia neologismen of nijsoartige wurdgroepen).

Meidat de dichter in soarte fan poëzyproaza of proazapoëzy skriuwt (iksels haw ea poëpro’s yn ‘Fyts mei wynflessen’ skreaun – ’95, in prosepoetry-útjefte), dêr’t de fertelling net altiten synkroan ferrint, sil de lêzer in ferbining sykje moatte mei de skepen wrâld fan it gedicht en dy fan him- of harsels. Lykas by Rimbaud.

It titelfers Wolf yn harnas (tredde skift) soarget daalk al foar ferwikseling fan de IK sa’t boppe oanjûn is:

 

WOLF YN HARNAS

 

Hy sjocht de wolf en glimket.

Yn harnas gûlt it grize dier.

Ut syn eagen rint de inket

troch syn pin op it papier.

 

Close reading en it oersetten fan wurden en útdrukkings yn metafoaren smyt net sa’n soad op. De IK fan it gedicht – it gedicht sels – wurdt hjir beselskippe troch noch twa (trije) oare ikken (de Hy, de Wolf, en heel fuort de dichter, mar dy spilet hjir gjin echte rol). De wolf is de IK yn in harnas, hy sit opsletten yn de taal, yn de winsk gedachten op te skriuwen, in sitewaasje te tekenjen, en dan iepenet him it harnas op in kierke – hy gûlt.

De triennen metamorfosearje ta inket dy’t troch de pin (fan de dichter) op it papier komme as wurden. Dat prachtige prosedee fan ferwikseling fan persoanen, dat prosedee fan assosjaasjes op it skerpst fan de taal en de ferbylding is it unike yn dizze poëzy, yn dit dichterskip.

It harnas giet even in bytsje iepen en dan rôlet it wurd/de wurden/it gedicht op it papier. Triennen feroarje yn wurden. In trien ûnder in mikroskoop jout tûzenden kleuren en betsjuttings: Dit fers is it echte begjin fan de syklus fan 33.

 

IV EVOKATIVE POËZY
It hat derfan dat hallusinaasjes, dreameleminten en evokative aspekten yn dizze poëzy in grutte rol spylje. Ik tink dat fan dy trije it evokative diel it wichtichst is, sa’t yn eardere tiden bygelyks in Gerrit Achterberg dat die yn de fersen dêr’t er de deade leafste middels de poëzy (wer) ta libben bringe woe.

Yn fersen as ‘Droomgericht’, ‘Droomballade’ en ‘Droomschuim’ hat er dat besocht. It fers ‘Osmose’ is in foarbyld fan sa’n evokatyf, hast surrealistysk besykjen om by elkoar te kommen – worden de talen in elkaar geregen/zien wij onze gezichten in spiegelbeelden samengaan.

Dat boartsjen op het skerpst fan taal, psyche en bestean die Rimbaud sa’t Sagan omskriuwt, en dat docht Van der Wal yn feite ek. Hy appellearret oan in sintúchlike byldspraak dy’t faak gebrûk makket fan krúste/mikste útdrukkings en betsjuttings: ‘út syn eagen rint inket’ bygelyks. It sa troch sok taalgebrûk immen op de ferkearde skonk setten heart by dizze poëzy dy’t sa út en troch ek protest hearre lit oangeande de wrâld en syn bewenners.

In moai foarbyld fan it streekrjocht ‘brûken’ fan iuwenâlde mearkes en/of klisjeewrâlden, dêr’t gjin byldspraak nedich is, mar wol in fenomenale assosjaasjemetoade tapast wurdt, fyn ik it fers:

 

IT STRUNDERSPAAD

 

Der wie ris efter it fjild in hûs mei in platespiler,

in âld hûs, dêr wenne in frou yn in waarm aai.

 

Bûten keakele de bosk en ik rûn ferklaaid as muonts

ûnder in slûge moanne oer it strúnderspaad.

 

Ik hearde neat doe’t ik oanskille as in kjelle

gazelle. Der hipte my in wite fûgel op it skouder.

 

It bewuste fan de kennis en it lêzen fan mearkes is mongen mei it ûn- en ûnderbewuste fan wat de wrâld, de taal en de poëzy yn dizze dichter nei foaren bringe yn in direkte wjerslach op it papier. It gedicht skriuwt himsels. Dit binne gjin direkte metafoaren hoewol’t der prachtige wurdgroepen op it kleed komme – sec, net as metafoar. Ik neam yn dit ferbân: ‘hûs mei in platespiler’, frou yn in waarm aai’, ‘keakele de bosk’, ‘slûge moanne’ en ‘kjelle gazelle’.

Je kinne sizze dat de omskriuwings ôflaat binne fan de oarspronklike ferhaaltsjes/mearkes, en dêrnei as metafoaren tsjinje, mar dan dogge je dizze poëzy tekoart. De sintúchlike byldspraak kréëarret in nij byld dêr’t de wenstige poëzy bleek by ôfstekt.

‘In hûs mei in platespiler’ bringt de tinzen fan de lêzer nei in oare en nije wrâld, is de fakto in nij mearke. Dêr wennet dy frou, mar dat hûs wurdt op itselde stuit ‘in waarm aai’. Sterker, dat aai tsjinnet as ultym feilich skûlplak foar de frou, dêr’t kjeld, oanfallers en strúnders har net pakke kinne, want nimmen hat in fermoeden dat de frou yn sa’n aai wennet.

It magyske tinken fan in bern – wenje yn in waarm aai – wurdt hjir ferbûn mei de wrâld fan in mearke, dêr’t op de achtergrûn noch meispilet dat ienris dat aai útkomme sil. En wat wurdt dêr dan berne? Magysk bernetinken yn grutteminsketaal – it Frysk.

‘In slûge moanne’ is yn kombinaasje mei de strúnder op it strúnderspaad in adekwate omskriuwing fan eat wat net helendal helder is: slûch, nije moanne, in geheim paad, in strúnder dy’t net sjoen wurde wol op wei nei syn proai, strúnjeiend op jacht nei pearkes.

Mar dan wurdt dizze gast steurd troch ‘in wite fûgel’ dy’t it plaatsje omkeart. Van der Wal brûkt hjirre in soarte fan synestesy en ferbynt saken dy’t normaliter net ferbûn wurde kinne. De wite fûgel is as de wite do dy’t lju dy’t wat frjemds yn ‘e kop hawwe op ‘e doele bringt.

‘It bosk keakele’ – protestearre, kaam yn opstân – want de strúnder is in ferklaaide muonts dy’t dêre neat te sykjen hat. De lêzer moat op syn iepenst wêze, it byld is de metafoar foar in realiteit dy’t surrealistysk wurdt, sadat de neamde eleminten ferbûn wurde kinne. De wite fûgel beskermet it frijend pearke dat net steurd wurdt yn har boarterijke.

 

V THE LONE WOLF AS FAMPIER
Sa’t de dichter yn eardere bondels it offermotyf opfierd hat – jo sjogge it elke dei op de tv-kanalen as in werhelling fan dat wat tûzen en mear jierren lyn barde – sa komt dat ek wer yn dizze bondel op it kleed.

De wolf – the lone wolf yn de mearkes – wachtet op syn proai, blaft tsjin de moanne, wachtet yn de klisjeestorys op syn leafste. It kin de dichter wêze, it kin de IK fan it gedicht wêze om te beskriuwen hoe’t (slacht)offers socht wurde en om hals brocht.

Yn Subsydzje foar de Graal kaam dat offermotyf frij sterk nei foaren. Yn In nêst jonger magneten (1e bondel fan ’91) stie al it gedicht ‘Offerskaal’. Sliten taal wurdt offere om de echte taal bleat te lizzen. Yn âlde mearkes en hillige boeken is dit in normaal barren. Troch de eagen fan de wolf (de ienling) beskriuwt de dichter wat der bart:

 

WOLF

 

In wolf slûpt de stêd yn, troch tsjustere

steechjes, oant er foar in tsjerke stiet.

De klok slacht tolve oere, in wolf wachtet,

 

sjocht bek omheech mei giele eagen.

De ljochten dôvje yn ‘e toer en it lûd

fan in foet rûgelet by de treppen del.

 

Read it sop, de teannen lakt mei ierdbei,

rint de frou yn strielen grien en blau

Op glêdskearde skonken nei ûnderen ta.

 

In wolf slikket har lytse fuotten sâlt, lang

hat er wachte, se streaket syn rûge facht.

Har sêfte wite hals mei er hawwe. Hap.

 

De wolf rint hjir (‘slûpt’) sûnder harnas (titel bondel) de stêd yn. It liket de wolf fan de mearkes dy’t de beppe opfret, dy’t gjin meilijen hat. It kin ek de plakferfanger fan de dichter wêze dy’t wraak nimt op de frou dy’t er net krije koe, en as lêste kin it de wolf yn de ‘klean’ fan de beppe wêze dy’t op dizze wize dochs krijt wat er woe.

Mar de frou streaket de rûge facht, neidat er har fuotten slikke hat. It is dus in oare wolf, in wolf dy’t weet hat fan it ritueel fan de tsjerke, dêr’t om tolve oer in frou nei ûnderen rint – reminisinsjes fan âlde myten. Hokker frou komt om tolve oere nachts út in tsjerke nei ûnderen? In tsjerke dy’t de ljochten dôvet?

Ek hjirre wurde ferbiningen en assosjaasjes lein dy’t de linéëre ferhaalstruktuer dy’t faak wenst is yn literatuer trochbrekke. De frou dy’t nei ûnderen komt yn in stream fan read sop – oankundiging fan de dea – mei readferve teannen kin in Maria wêze, de ferljochte geast dêr’t de dichter langst nei hat. Mar se hat him belazere, en as wolf slikket er har fuotsjes, om dan ‘har sêfte wite hals’ út de kastielromans en yn guon mearkes wreed iepen te ramen – hy byt har dea. Dizze Maria (Magdalena?) mei har reade teannen wie te wrâldsk, te geil, waard net langer mear ferljochte troch de tsjerke – in hoerke dat de strôt ôfbiten wurde moast. De wolf ferklaaid as duvel, satan, fampier – de tsjerke sels.

 

VI MEI FINGERS FAN REEK SKRIUWE
Wolf yn harnas kin maklik ferbûn wurde mei ‘the lone wolf’ dy’t stiet foar persoanen dy’t graach allinne wurkje en bestean, foaral net yn groepen operearje. Films mei dy titel yn fariaasjes binne der yn de 20-er en 30-er jierren fan de foarige ieu heel wat makke. Ek boeken mei dizze titel binne ferskynd.

Typearjend oan dit wurk is de protagonist dy’t solo libbet sa’t ek yn de poëzy fan Van der Wal bart. Yn dit ferbân binne in pear hele lytse gedichten allessizzend en letterlik skitterjend yn har soart – it binne hast aforismen en yn har beheindens wrâlden beskriuwend. It earste dat ik oanhelje fyn ik hast like sterk as in ‘wrâld’ferneamd fers fan Lucebert – visser van ma yuan. Van der Wal syn fers hyt:

 

FINGERS FAN REEK

 

Fisker smookt en skriuwt mei fingers fan reek

in antlit op de sakjende sinne.

Wolkens triuwe read ljocht

dea yn it wetter

 

De mytyske ‘Fisker’ tekenet de frou of de persoan (syn leafste?) dy’t er kwyt rekke is yn de loft dêr’t de sinne read sakjend yn de see ferdwynt, sadat it ljocht oergiet op swart – de dea. De fisker wit dat syn tekening mar even libbet, dat syn fata morgana in illúzje wêze sil.

Selden sa’n prachtich direkt byld fan in ferlerne leafde lêzen. Sa’t Lucebert yn Rotterdam yn de iepen romte syn Alles fan wearde is warleas te lêzen is, sa soe dit fers om de Aldehou yn in projeksje draaie moatte – by nacht yn reade kleuren, te begjinnen op 1 jannewaris ’18 as de KH Ljouwert begjint. It kin ôfwiksele wurde mei oersettings yn it Nederlânsk en it Ingelsk.

In oar koart fers dat yn in pear wurden in wrâld skilderet en opropt is:

 

FRIJ NEI IT GEORGYSK

 

Dea is libje sûnder lea,

sei in keale learde wize ea.

De swarte switterige happe

knibbelet, ik moat opstappe.

 

Hjir folget de dichter de reguliere resepten fan de technyk fan de dichtkeunst – alliteraasjes, einrym, binnenrym en op it earste each de struktuer folgjend fan in ferhaaltsje, mar dan yn omkearde foarm:

Hy begjint mei de dea en eindiget mei in reis, itsij de reis de lêste reis is. In oare mooglikheid is de reis sûnder lea mei de happe dy’t op de wolken rydt en de haadpersoan nei de oare wrâld bringt. It is de wrâld fan de skynwerklikheid…

Yn in alternatyf beskriuwt de dichter in filosofy oer libben en dea dêr’t it libjen en de ratio foar master opslane en it lichem (de lea) fan minder belang is. Faaks hat er it hjir oer in religy as it Boeddhisme dêr’t keale sjamanen studearje, in foarbyld skeppe en sels as se dea binne noch wize rie jouwe.

As it swarte switterige hynder nei in lange tocht komt om de ridder op te heljen (de boadskipper, de wolf yn harnas) – knibbelet meidat hy in wichtich persoan is – begjint de reis en it libjen sûnde lea. De Dichter hat sprutsen en set ôf, de Kening (of Keninginne) hat syn taak folbrocht.

 

VII FIGURATYF EN/OF ABSTRAKT-ASSOSJATYF
Yn in fraachpetear yn de LC fan 9 desimber ’16 beskriuwt Bartle Laverman syn eigen poëzy, en útgeande fan syn ideeën oer gedichten seit er wat oer de figurative skilderijen dy’t er makket en earder ferkocht yn syn Galerij yn Grins. De museumdirekteur Frans Haks yn Grins hâlde net sa fan figuratyf – hy preferearre abstrakt en ekspresjonistysk wurk.

Laverman presintearret him as de realist dy’t figuratyf skilderet en ek figuratyf skriuwt. Dêre leit ek it ferskil tusken in dichter as Laverman en in dichter as Van der Wal. It probleem ‘literatuer en wurklikheid’ spilet yn it wurk fan Van der Wal in grutte rol – lêzers sykje faak it anekdoatyske, it ferhaaltsje – dat se heel maklik by Laverman fine sille – mar Van der Wal bewiist (lykas Rimbaud) dat poëzy folle mear wêze kin.

Sagan hat dat heel nijsgjirrich beskreaun doe’t se op it strân fan Hendaye op har 16e Illuminations lies en troch it wjerljocht fan de taal en de poëzy troffen waard, en in leafde ûntduts dy’t har hele libben bleau. Fan leafdesoantinkens bleauden neat oars oer as folsleine dizenichheid of de befrediging fan ien sintúch.

Van der Wals poëtika moat ferovere wurde – it is eksistinsjeel wurk en gjin yllustraasje by de wurklikheid, of in imitaasje fan dat watst al om dy hinne sjochst. Dat mearsinnige makket it ferskil. De behearsking fan de taal, de útdaging om wurdgroepen te meitsjen dy’t hast as neologismen de taal aktivearje, dat allegearre makket dizze Fryske dichter ta in bysûndere skriuwer. Hjir noch in pear foarbylden om dat te ûnderstreekjen:

 

sulveren dize oer de klaai – wolkens as skyldpodden lûke/swiere grize fuorgen yn ‘e loft – ik stoart beton yn ‘e earen – snieswit rûn fan de rots – fûgelbloed yn ‘e snie rûn gear ta in rare tekening – bûgden tinne beammen har ferbjustere oer//de tsjustere symboalen – stadich waaiden wolkens my de kop fol spinnen skjin – de drompel stroffelet oer de triennen fan juster//fergetten planten roppe om helder wetter – wjerljocht fiket in smertlape út ‘e terp: syn harsens – wa wol my filmje mei de mobile sinne – in gnyskjend knyft is út syn lippen snien – it blauwe hûs docht de doarren en it rút iepen – it tinkend frysk tsjil is fan in hiel soad skonken makke – swiete happe weidzjend yn it skamhier fan it wiuwend reid.

 

En dan de lêste rigels fan de bondel (de ‘ik’-protagonist is frij!):              

 

In blikiepener as leafde: it harnas moat stikken.

Sûnder stoer skyl fan stiel, sil ik dan net stjerre?

 

 

Wolf yn harnas, Cornelis van der Wal. Útjouwerij Hispel, Wiuwert, desimber 2016, 48 siden, €12,00

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels