besiking – wer net – oansyk

HARMEN WIND –

 

BESIKING

 

In beam draacht mear as er opnimt. Sa kin,

wylst er al kroant ûnder syn eigen leaf,

in kloft protters op him delstrike. Swart

fan libben hâldt er himsels oerein om, as de

besiking him tjirgjend ôfjûn hat, oerfallen

te wurden troch iensumens en stillens.

 

En sa kin, wylst er him ôffreget, wêrom’t

yn syn grien gjin hôfdo neskje wol,

de man mei de bile kommendewei wêze.

 

 

 

WER NET

 

It moat dochs mooglik wêze soe men sizze dat

jins moarnsgroet oan âlde Knillis op ’e Púndyk

ynienen de geast krijt en oanboazjend oer it fjild

giselt, in waaksend lûd dat daveret oer it hear,

úttynt yn trochkringende fertichting, de sinne

swartfervet mei alles oerhearskjend jûgjen

de see mei it skom op ’e bek raze lit

oant de ierde sels as in bâltende

bromtop troch it hielal rikket…

 

Mar it is fan ’e moarn krektlyk as juster:

hy krijt myn goeie, ik syn heu.

It wol wer net trochsette.

 

 

OANSYK

 

Leafste ferjou my

myn ynlikste langstme:

ik wol it paad nei dy fine,

dyn grinzen kenne,

dyn tagong witte,

my op dy weromlûke;

ik wol fan dy hâlde

lykas fan in plak.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 2 (2003),  7 (septimber), s. 24-25.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.