Bertels parttime, Van Erve fulltime by Kulturele Haadstêd

MONIQUE FLINKER – 

It is noch gjin 2018, mar de tiid hâldt gjin skoft. Dus moat ek de organisaasje fan Kulturele Haadstêd bybliuwe. Dizze simmer soe artistyk direkteur Lieven Bertels oan it wurk yn Ljouwert, mar dat wurdt wat letter. Om mear sponsoaren te lûken is yntusken Jan van Erve binnenhelle.

Artistyk direkteur Lieven Bertels fan Kulturele Haadstêd hat oan it ein fan it jier syn hannen noch fol oan it Sydney Festival yn Austraalje. Dêr is er no noch direkteur. Oarspronklik soe Bertels dizze simmer al fulltime yn Ljouwert oan de slach, mar dat wurdt no 1 jannewaris fan takom jier.

 

Dizze simmer soe artistyk direkteur Lieven Bertels oan it wurk yn Ljouwert, mar dat wurdt wat letter.

 

Dat betsjut net dat Bertels hielendal net mei Kulturele Haadstêd oan de gong is, seit wurdfierder Jacco de Boer. Hy is sûnt dizze moanne wol parttime yn tsjinst en komt yn septimber en novimber nei Ljouwert ta. Fierder hat er alle wiken skypekontakt mei de organisaasje hjir yn Ljouwert en benammen mei Oeds Westerhof. Dy is oant jannewaris ek interim-artistyk direkteur fan KH 2018. It programma fan it Sydney Festival wurdt op 21 oktober lansearre. Dat sil dêr de lêste taak fan Bertels wêze.

Yntusken giet ek it oanlûken fan sponsoaren troch. Dêrfoar hat KH2018 Jan van Erve binnehelle. De eardere kommersjeel direkteur fan SC Hearrenfean is offisjeel beneamd ta ‘Hoofd Partnership en Commercie’. Hy moat it bedriuwslibben waarm meitsje om gear te wurkjen mei, en jild te stekken yn, Kulturele Haadstêd 2018.

En oer sponsoaren sprutsen: fannemiddei makke de NPO bekend dat se mediapartner wurde fan Kulturele Haadstêd. Njonken reportaazjes oer KH2018 betsjut dit ûnder oaren dat se de iepening fan it kulturele jier live útstjoere sille.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.