Bertegrûn revisited

Op de webside Sirkwy.nl wurdt op ’t heden de mooglikheid jûn om oan te jaan wat it earste Fryske boek wie dat je oait lêzen ha. No soe it wol aardich wêze at ik sizze koe dat dat in boek fan Durk van der Ploeg wie, mar it gie om in wurk fan Ulbe van Houten (yndie: De sûnde fan Haitze Holwerda). Van der Ploeg komt lykwols mei stip op nûmer twa. It wie syn novelle Bertegrûn en ik wit sels noch wannear’t ik it lies: yn it jier 1997.

Doedestiids wie ik der net kapot fan. Ik fûn dat de Jezus-symbolyk der wat te bot boppe-op lei (haadpersoan 33 jier, libben bedobbe, wurdt nei 3 dagen opgroeven mei in Kristusbyld stiif tsjin it boarst oan klamme). Fierders wie ik fan miening dat Van der Ploeg ‘gewild literair’ oan it dwaan wie (ik hie lêzen dat Jan Wolkers dêr gauris fan beskuldige waard) en ik wearzge fan de Hannes Meinkema-achtige passaazjes dy’t mei de húskebesite fan de nammeleaze haadpersoan en de menstruaasjeperikels fan syn freondinne Trees te krijen hienen.

Soks sei fansels allegear mear oer my as ûnerfaren lêzer as oer Van der Ploeg as betûft literator en oer it juwieltsje dat er produsearre hie. De styl is ommers prachtich: it ferhaal wurdt ferteld troch de wei fan in personaal perspektyf yn de twadde persoan inkelfâld, mei sinnen as: “Wat dochst hjir mei de wiete winter?” en “Bist in nachtminske”. Prozaïst Jabik Veenbaas skriuwt dêroer yn it Wolkeboek: “De jij-vorm versterkt de gedachte dat de man vervreemd is van zijn eigen kern. Maar de schrijver lijkt door middel van die vorm ook zichzelf en zijn lezers aan te spreken. Je denkt wel dat je heel wat voorstelt, zo lijkt hij te zeggen, maar eigenlijk ben je een wezen dat wanhopig en tevergeefs hunkert naar rust, liefde en zekerheid” (s.231).

Dat oer de nijsgjirrige fertelfoarm. Mar ek kwa ynhâld is der yn Bertegrûn mear oan de hân as dat ik yn earste ynstânsje oerflakkich konstatearre. Jawis, it giet oer in sosjale ferskoppeling dy’t him bryk sollisitearret (s.29), dy’t alles wol oanpakke wol (s.52), mar derachter komt dat de maatskippij net sit te wachtsjen op ien dy’t mar in blaumoandei op de LTS sitten hat (s.105). Dan komt syn deminte mem ek noch ris te ferstjerren en wurdt er troch syn freondinne ferlitten. Oars net as ellinde, iensumens,  ferfrjemding en labiliteit. De Nammeleaze soe sa stomme graach wat rêst en treast hawwe wolle en krûpt letterlik djip yn de grûn dêr’t oait syn bertehûs op stie, him wanhopich fêstklamjend oan in lêste restje religy, of sa’t jo wolle: sielerêst.

Op myn 24e hie ik mei dy gegevens fansels ek al wol fêststelle moatten dat de novelle in soarte fan allegoaryske kleisang wie op de postmoderne minske.  Mar pas letter waard it my dúdlik dat – sa’t Veenbaas it seit – “De zoektocht van de hoofdpersoon verwijst (…) naar de moderne mens in het algemeen, zoals die in het leven staat als verscheurd en zoekend wezen”.

Ja, dy Van der Ploeg kin wol wat. Se soenen him eigentlik de Gysbert ris jaan moatte.

Ate Grypstra

Sjuerylid fan de Gysbert Japicxpriis 2011 (mei Willem Verf en Sietske de Jong)

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.