Bearn Bilker – de keunst fan it ferbinen

BART KINGMA –

As Bearn Bilker op Amelân by de studio fan Fiel de Nacht oankomt, reint it stevich. It deart him net – in echte hear toait him ommers altyd mei hoed en paraplu. De sinne komt wol werris werom. En earlik is earlik, hy hat wol trystere dagen meimakke. As boargemaster fan in gemeente dêr’t him ien fan de slimste moardsaken fan Noard-Nederlân ôfspile, en as echtgenoat fan in frou dy’t der samar by delfoel. Bearn Bilker draacht syn lot mei ynmoed. Omdat er him ferbûn fielt mei alles. Mei de skiednis, mei de natuer, mei famylje, mei de minsken, mei it libben.

Njoggen oeren prate, fan healwei de jûns oant en mei de oare moarns, it is te koart. Echt, it is te koart. Oer politike idealen, oer wethâlderskip en boargemaster wêzen, oer de Oranjes, oer syn fassinaasje foar skiednis, oer syn leafde foar biografieën, oer syn soarch om de boargers en de eangst foar populisme, oer de dea fan syn earste frou en de leafde foar syn twadde, oer de muzyk, oer komponisten, oer Dútslân, Thüringen, oer Fryslân en syn bestjoer, oer syn nijsgjirrigens nei de tsjustere side fan guon minsken… it hâldt net op en it ferfeelt net in momint. Bearn Bilker kin laitsje, skermje, fertelle, warskôgje, twivelje, ynkassearje en weromslaan yn ien sin.

Hy stiet yn in tradysje fan foarâlden dy’t ek yn it iepenbier bestjoer wurken, hy sjocht himsels ek yn in line fan de tiid stean. Wit dat er aansen in kear fan dy line ôfspringe moat, mar is dêr huverich foar. Want as er net mear midden yn de maatskippij stiet, wat moat er dan? Ferliest er dan net syn raison d’être? Hy is der de man net nei om him del te jaan mei in seizoensplak op de camping en de wrâld de wrâld te litten.

Mar hoe dan ek komt dat pensioen der aansen in kear oan. Dan sil er him stoarte op it skriuwen. Fan de biografy oer Adam Zelle, de dûmny dy’t grifformeard Fryslân yn de jierren santich sa wist te fermeitsjen dat de mannenbroeders der no noch oer prate. Dêr hat Bearn sin oan, om him op dat libbensferhaal te stoarten dêr’t sinne en reinbuien hân yn hân yn gean.

It leafst soed er noch mear skriuwe, oer oare boeiende histoaryske figueren. Mar it alderleafst soed er foar altyd boargemaster bliuwe wolle. It libben is te koart. Echt, it is te koart.

Fiel de Nacht mei Bearn Bilker. Freed 5 jannewaris op Omrop Fryslân Telefyzje, 17.15, 18.15, 19.15 oere ensafh.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.