Arjan Hut skriuwt yn citybook oer de krêften yn syn buert

Publisearre op 24 mei 2018

TSJOMME DIJKSTRA – 

‘Ik hâld fan it lûd fan de trein yn de fierte’. Dat is titel fan de rige koarte ferhalen dy’t Arjan Hut oer Ljouwert skreaun hat foar it ynternasjonale ferhaleprojekt Citybooks. Opfallend oan dy titel, de fêststelling, is dat de romte der grutter yn is, as it blikfjild of de strjitte. Wylst yn de ferhalen wat fier is oer it gehiel nommen fier en ûnbeneamd bliuwt. Se spylje har foaral ôf op plakken fan de stêd dêr’t de ferteller, as er de doar útgiet, al yn de buert is. As er dy al útgiet: want ek as er yn de eftertún it petear fan de buorlju opfangt of boppe troch it rút oer de buert útsjocht, wurdt hy troch yndrukken befongen dêr’t hy de stêd mei sketse kin.

 

Sa is it citybook in rige ferhalen mei observaasjes en moaie dialogen, mar ek mei de tinzen fan de ferteller dêr’t út bliken docht hoe’t dy de stêd belibbet.

 

It ‘Citybook’ is betocht troch it Flaamsk-Nederlânske Huis deBuren dat minder bekende stêden yn Europa fia it ferhaal by minsken ûnder de oandacht bringe wol. De organisaasje freget Europeeske skriuwers, om as gastskriuwer oer in beskate stêd te skriuwen, yn gedichten, in koart ferhaal, in essay mar ek oare foarmen. Se ferskine yn trije talen as tekst op de webside en binne ek te beharkjen as podcast.

Arjan Hut waard troch Huis deBuren frege om as ‘ynheemske’ skriuwer oer Ljouwert te skriuwen. Trije gastskriuwers fan bûten de stêd waard itselde frege. Ek de Irakeeske skriuwer Hassan Blasim en de Belgyske skriuwer Erik Vlaminck hawwe har ferhaal al ôf. Foar harren wie it in spannend skriuwproses, tinkt Arjan. Se moasten yn in pear wiken besykje de stêd kennen te learen. Mar ‘nerveus’ wie hy sels likegoed even, doe’t er troch Huis deBeurs frege waard. Al wie er de earste stedsdichter fan Ljouwert en spilet de stêd yn syn wurk ek in rol. “It wie in hiel offisjeel mailtsje”, seit Arjan oer de telefoan. “Doe’t ik hun site opsocht seach ik dêr fuort Arnon Grunberg en Joost Zwagerman. Doe skrok ik wol in bytsje.”

Mar hy hie al ynstimd. Miskien mar goed ek. Ek hie er fuort in plan. Arjan hat acht koarte ferhalen skreaun foar it projekt. “In soart fan haadstikken”, fertelt er. “It is diels basearre op ferhalen dy’t ik al lizzen hie. Ik haw noch in plan foar in roman. Ik woe besykje oft ik dat al wat probearje koe. Ik ha de ferhalen yn dy trant skreaun. It is in priuwke.”

Hy hold yn gedachten dat hy, as syn idee net goed slagje soe, noch oerskeakelje koe op poëzij en begûn fol fjoer te skriuwen. De ferhalen spylje foar it grutste part yn de East-Indyske buert yn Ljouwert. Arjan: “Wat de wyk wie fan Auke de Sloper. En it Cambuurstadion, al leau ik dat dat net ien kear neamd wurdt, of miskien ien kear. It wienen eins argetypen. Ik woe de ynteraksje tusken minsken yn de wyk besykje te beskriuwen, mei de fuotbalklup en de mienskip.”

Mar de ferhalen gean ek oer feroaringen en wriuwingen yn dy mienskip. “De buert wurdt sloopt. Ferskillende krêften wurkje dêr tsjin inoar yn. Dat bart ek foar de minsken, mar dy krêften lûke de mienskip earder útelkoar. Ik wit ien dy’t al fjirtich jier frijwilliger yn it Cambuurstadion is. It is in delikaat netwurk, mar de minsken libje noch wol mei-elkoar.”

Sa is it citybook in rige ferhalen mei observaasjes en moaie dialogen, mar ek mei de tinzen fan de ferteller dêr’t út bliken docht hoe’t dy de stêd belibbet. En yn oantinkens dy’t sa no en dan yn flagen foarby komme, bygelyks ek hoe’t dy de stêd oars sjen gien is en ûntwikkeljen sjocht. En dan is de stêd samar dochs wer folle grutter as dat plak, de buert en it hûs dêr’t it ferhaal ferteld wurdt.

“Tsjuster bûten en hieltyd buien, mar de loft is waarm. De hiele stêd leit iepen. Nije autodiken, opkreaze wenwiken, alles moat klear foardat Ljouwert ‘Kulturele Haadstêd’ is. In hiel jier feest en eveneminten mei as tema: Mienskip. In dreech oer te setten Frysk wurd, mar yn it Frysk-Nederlânsk wurdboek stiet der ienfâldichwei ‘gemeenschap’.”

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels