Arend

Publisearre op 7 april 2015

KAREN BIES – 

Dêr sit er wer te wachtsjen op de krommels út it tafelkleed. In swarte lyster, ús eigen húsfûgel. Nettsjinsteande syn kalm en ôfwachtsjend karakter neame wy him Arend, om him dochs wát heldhaftichs mei te jaan. As er klear is mei iten sjongt Arend wer dat it in lust is.

Wekker wurde fan sjongende fûgels is fijn, as it libben fierders in bytsje meisit. Ik krige der sels ek nocht oan. Sjonge by in koar like my hearlik en wat minder blessueregefoelich as follybal.

Ut it tsjuster klonk de bariton: ‘Hallo, mijn nachtegaaltje.’

Ik mocht in jûn op proef by in popkoar. Der stie noch ien krukje en doe’t ik dêrop delplofte frege de frou neist my: ‘Hoi, bisto ek in alt?’ ‘Ik soe it net witte,’ sei ik, ‘ik doch dit foar it earst.’ Mar doe hearde ik dus by de alten. Nei wat gimmestyk om it liif en de longen en de stimbannen los te meitsjen, begûnen wy dan te sjongen. ‘Love shine a light, in every corner of my heart’. Echt moai wie it net, it pipe nochal. Net allinnich ik; it koar as gehiel.

Ik telde de koarleden: achttjin froulju. Wêr wiene de krêftige tenoaren en de djippe bassen? De dirigint wie de iennichste man yn dit lokaal en hy kaam net boppe ús út. Hy seach wat betinklik nei dy nije prille alt en pleatste my foar Viva la Vida mar by de mezzosopranen. En doe’t we einlings oan California Dreamin’ ta wiene, mocht ik tusken de sopranen stean.

Heech sjonge, learde ik, is de winkbrauwen oplûke en de billen byinoar knipe. ‘On such a winter’s day!’ Heech kaam ik wol, mar moai wie it noch hyltyd net. De opper-alt die har beklach by de dirigint: ‘Kunnen de sopranen wat minder hard zingen want ik hoor mijn eigen melodielijn niet!’ De rest fan de Mamas & the Papas playbackte ik sa’n bytsje.

Oan de ein fan de proefsjongjûn naam ik my foar om foarearst dochs mar op follybal te bliuwen. Dat fûn de aardige dirigint in goed plan, omdat ik dêr ommers wól de hichte foar hie. Alt delete.

Thús naam ik waarme molke mei huning foar myn seare kiel en ik soe stil op bêd krûpe. Mar út it tsjuster klonk de bariton: ‘Hallo, mijn nachtegaaltje.’

De oare moarns wie Arend wer de earste. Hy helle muoiteleas de hege C.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]