Anton Stoelwinder syn replika’s yn ynternasjonale musea

MARITA DE JONG – 

Filmprodusint Anton Stoelwinder fan ’e Gordyk hat oan ien libben net genôch. Nei de opkomst fan it ynternet rûn it mei de filmerij stadich efterút en koe hy in twadde passy oppakke: it bouwen fan ynstruminten. Dat giet him sa goed ôf dat it wurk him somtiden boppe de holle groeit. Einliks sit hy net op publisiteit te wachtsjen, mar syn frou Joke fûn dat syn suksesfolle yntree yn de wittenskiplike wrâld wolris ferteld wurde mocht. It ferhaal lêst as in jongesdream dy’t útkomt, mar Anton is der nuchter ûnder, beskieden sels. Dochs genietet hy fan syn worldwide kontakten mei ferneamde professoaren, dy’t prate mei sa’n ‘gewoan mantsje út de Gordyk’. Syn replika’s steane yntusken yn ferskate ynternasjonale musea.

 

Op de legere skoalle makke ik al in telegraaf fan Morse.

 

‘It liket miskien hiel wat oars as wat ik die, mar einliks bin ik hjir al tweintich jier mei dwaande. Sa’n fyftjin jier ferlyn bin ik lid wurden fan de Scientific Instrument Society. Dy jout ek in blêd út en yn septimber 2013 hat dêr in wiidweidich ferhaal oer my ynstien, skreaun troch de konservator fan Teylers Museum. It blêd hat mar in oplage fan 2500 eksimplaren, mar it wurdt lêzen op universiteiten, troch wittenskippers en samlers. Dat hat it ien en oar mei op ’e kaart set.

Foar it filmjen makke ik in soad apparatuer sels. Doetiids ha ik in sân meter hege kraan boud, dêr’t de kameraman mei de hichte yn koe. Dy sjogge je no by elk popkonsert, mar yn de jierren tachtich wie dat in unikum. Ik wie de earste yn Nederlân dy’t sa’n ding hie. As selsstannich produsint en filmer ha ik in prachtige tiid hân. Jierrenlang ha ik ûnder oaren dokumintêres en promoasjefilms makke foar it ministearje fan Bûtenlânske Saken en fan Lânbou, en foar de Ryksfoarljochtingstsjinst. Oer Hollân en it wetter, oer architektuer en in protte oer blommen. Dy waarden troch hûnderten miljoenen minsken oer de hiele wrâld besjoen.

Yn Wenen ha ik bygelyks filme by it Nijjierskonsert en doe hat dirigint Lorin Maazel nei ôfrin noch tiid frijmakke sadat ik noch in pear close-ups meitsje koe. De blommen yn de seal fan de Musikverein waarden nammentlik levere troch Hollânske bedriuwen. Mar ik bewarje ek goeie herinneringen oan de opnamen fan De Fûke en oan de films dy’t ik tegearre mei Pieter Landman foar de Wereldomroep makke ha. Bygelyks dy oer de Alvestêdetocht fan 1987, dy’t we mei 13 kamera’s opnaam ha. Dy film is de hiele wrâld oergien. Wat dat oanbelanget ha ik my yn de filmerij hielendal útleve kind.

 

Morse-masine
Troch de yntrede fan it ynternet waarden de budzjetten dy’t foar films beskikber binne iderkear lytser. De earste fraach is fansels altyd: wat kostet in film? Meastentiids skrikke de opdrachtjouwers fan it bedrach. Omdat minsken no sels filmkes meitsje, ha se der gjin idee mear fan wat der nedich is om in profesjonele film te draaien. It komt foar dat je wol in jier mei in produksje dwaande binne. Yn it ferline wie it allegear makliker, dan waarden je as in autoriteit beskôge, mar no mient elkenien dat it sa klear is. Dat is no ienkear in feit en ik wol gjin konsesjes dwaan oan de kwaliteit. Dan hâldt it op.

 

De ûntwerpers-útfiners út de tiid tusken ein 1700 en begjin 1900 binne helden foar my, ik ha dêr grutte bewûndering foar.

 

As lyts jonkje wie ik altyd al mei technyk dwaande. Op de legere skoalle makke ik al in telegraaf fan Morse. Ik hie dêroer lêzen yn de technyske boekjes dy’t ik liende út de bibleteek. Op de Ambachtsskoalle op ’e Gordyk mocht ik ûnder skoaltiid in filmprojektor bouwe. Yn de kantine ha ik in foarstelling jûn. De Mulo wie gjin sukses. Dêr stie wiskunde op it programma en dat lei my totaal net. Wat ik wol koe, wie dat ik, as ik wat seach, dat sûnder in wiidweidige tekening by de hân te hawwen neibouwe koe. Dêrom hie ik it op de LTS yn Drachten ek tige nei ’t sin. Dêr krige ik, fan de direkteur fan de skoalle, myn earste opdracht om in filmke te meitsjen. Machtich fûn ik dat. Ik koe dêr myn eigen gong gean, alteast sa fielde it.

In hegere technyske oplieding wie net foar my weilein, fanwege dy wiskunde. It hat my net yn ’e wei sitten, want tsjinwurdich ha ik dochs noch in soad mei wittenskippers te krijen. Neist myn filmerij hie ik nammentlik noch in oare passy: it sammeljen fan wittenskiplik antyk, âlde ûndersyksynstruminten. Op skoalle stiene yn de kasten fan it natuerkundelokaal allegear moaie dingen, dy’t my doe al yntrigearren. Ik begûn my dêryn te ferdjipjen en se nei te bouwen.

 

Lorentz Lab
It is sa’n nijsgjirrige wrâld. De ûntwerpers-útfiners út de tiid tusken ein 1700 en begjin 1900 binne helden foar my, ik ha dêr grutte bewûndering foar. Sy stienen oan de basis fan al dy apparaten dy’t we no brûke. Bekende nammen binne bygelyks Antoni van Leeuwenhoek, Hertz, Marconi, Edison, Röntgen en Curie. Der binne fansels noch folle mear fan dy pioniers en de ferhalen dy’t dêroer te fertellen binne, binne fassinearjend en spannend. Allegear skiednislessen binne it, mar dan oer âld wittenskiplik ûndersyk.

It earste motorke dat ik boude wie in replika fan it elektromotorke fan Paul-Gustave Froment út 1844. Hy wie de allerbêste ynstrumintmakker yn Parys en ek dwaande mei it ûntwikkeljen fan in elektromotor. Allinnich siet hy op it ferkearde spoar. It motorke draaide wol, mar koe dy beweging net omsette yn fermogen. Der wie allinnich in foto, mar de replika is der kaam. Myn freonen, dy’t ek bot ynteressearre binne yn elektro-technyk, woene ek graach ien ha. Yn totaal ha ik der acht makke, dy binne allegear ferkocht.

 

It earste motorke dat ik boude wie in replika fan it elektromotorke fan Paul-Gustave Froment út 1844.

 

Nobel Museum
Al yn 1835 hie de Grinzer professor Sibrandus Stratingh (1785-1841) ek in weintsje mei in elektromotor makke, dat ride koe. Dêrfoar hie hy de earste auto op stoom fabrisearre, dêr’t er mei troch de strjitten fan Grins riden hat. It is oannimlik dat hy de reek en koalen smoarch fûn en dêrom trochgien is mei eksperimintearjen. Dêrút ûntstie dat weintsje mei in elektromotor. It orizjineel stie yn it Universiteitsmuseum, mar dat eksimplaar wurke net mear. Ik ha it model neimakke en dat rûn wol. Ik ha doe in brief skreaun om dat witte te litten en in poaske letter belle Nobelpriiswinner Ben Feringa my sels op. We koene elkoar net, mar ik wie drekt mei him thús, in hiel aardige man. Hy libbet hielendal foar de wittenskip, dat is moai om te fernimmen. Ik bin nei Grins ta gien en ha it model meinaam. Foar in stik as fiif wittenskippers ha ik it weintsje ride litten. Se fûnen it machtich. It is moai om te fernimmen dat sokke topwittenskippers út ’e skroeven binne by it sjen fan sa’n primityf dinkje. Yn dy tiid baanbrekkend fansels. Ik begryp dat hielendal want ik bin sels krektlyk. Feringa hat it weintsje fan my kocht en letter kado jûn oan it Nobel Museum yn Stockholm, en dêr stiet it no. Omdat hy syn eigen kwyt wie, ha ik him op ’e nij ien levere.

 

Au clair de la lune
Yn Amearika stiet ek in replika fan myn hân. It giet om it apparaat dêr’t Édouard Scott de Martinville syn earste lûdsopnamen mei makke hat. It is offisjeel presintearre yn de Académie de Sciences yn Parys. De Amerikaanske wittenskipper David Giovannoni hat koartlyn ûntdutsen dat net Edison de earste wie dy’t lûdsopnamen makke hat, mar dy Frânsman. Dat wie nammentlik al 25 jier earder. Giovannoni fûn it bewiis dêrfoar yn de argiven yn Parys: in strook papier dêr’t lûdstrillingen op stiene. Hy wie doe noch net by machte it ôf te spyljen. Tsjinwurdich kin it digitaal omset en belústere wurde.

It die bliken dat de man sels te hearren is. Hy sjongt it bekende Au Clair de la Lune. Dat hat de wrâldparse helle. Giovannoni en ik hiene al regelmjittich kontakt, en hy frege my om it apparaat wêrop’t Scott de Martinville dat klearkrigen hie, nei te bouwen. Der wie allinnich mar in simpel sketske yn it argyf te finen. Ik ha yn Teylers Museum de ‘opfolger’ besjoen en doe hie ik wol genôch ynformaasje om it apparaat te bouwen, omdat it net al te yngewikkeld wie. Ik ha it model sels nei Parys brocht en foar de doar útladen. Yn de eksposysje fan de Académie de Sciences krige de replika in prominint plak. Ynkoarten is it apparaat te sjen op in útstalling yn it Edison Museum yn West Orange.

Yn maaie is yn Teylers Museum it Lorentz Lab iepengien. De Nobelpriiswinner Hendrik Antoon Lorentz wurke dêr fanôf 1909 oant syn dea yn syn eigen laboratoarium. Fan de apparatuer dy’t dêr stiet, ha ik tweintich replika’s makke foar studinten om sels mei te wurkjen, om mjittingen en proeven mei te dwaan sa as dat sa’n hûndert jier ferlyn barde. Bygelyks de Buis fan De la Rive, it Rêd fan Baarlo en de transformator fan Riis. Ik ha dêr in healjier oan wurke op basis fan foto’s, eigen mjittingen en sketskes.

Oan opdrachten gjin gebrek. Foar in presyzjeklok fan 80 jier âld, ôfkomstich út in observatoarium, ha ik it meganyk makke. Dat ûntbriek. Foar teleskopesamler Louwman ha ik de allerearste Huygens-teleskoop neiboud. Dy stiet no yn syn museum yn Den Haach. In ferfolchopdracht wie it meitsjen fan in makette fan de grutste teleskoop út de santjinde iuw – fan William Herschel – dy’t flak by Windsor Castle stie, op in stellaazje fan 15 meter heech. Der wie gelokkich in beskriuwing fan te finen op ynternet. Dy makette stiet ek yn it Louwman Museum. Fierder bin ik oan it wurk foar in echtpear út Wenen, dat de grutste samling fan elektromotors yn de wrâld hat.

De tiid wurdt krap, ik bin yn ’e santich en moat skerpere keuzes meitsje. Betiid op ’en paad gean, dêr ha ik gjin nocht mear oan. In grut foardiel is dat ik no myn eigen tiid yndele kin. Mocht der in moaie filmopdracht foarbykomme, dan sis ik net fuortendaliks nee. Ik ha dat altyd in moai fak fûn en ik mis it teamwork soms ek wol. Ik soe myn ynstrumintemakkerij maklik útbouwe kinne, mar dan moat ik wer personiel yn tsjinst nimme en dat wol ik net mear. Dêrom sjoch ik kritysk nei hokker opdrachten ik wol en net oannim. Der moat foar my yn elts gefal noch wol in útdaging yn sitte.’

Comments
Ien reaksje oan “Anton Stoelwinder syn replika’s yn ynternasjonale musea”
  1. sjoerd van meteren. schreef:

    Een film over hoe u een technisch-wetenschappelijk instrument maakt/reconstrueert, lijkt me net zo interessant als een film over het maken van een muziekinstrument. En wie vindt dat laatste niet mooi? Alleen moet u dan wel kiezen tussen de rol van filmmaker en die van instrumentmaker. Of wat dacht u van een film over die verzameling elektromotoren van dat echtpaar in Wenen?

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.