Antillianen wolle Europeeske erkenning foar it Papiamentu

ONNO FALKENA – 

Taal achterút op Bonêre troch steatkundige herfoarming

‘Lit ús posityf begjinne, guon saken binne better wurden.’ Oan it wurd is foarsitter Gerladine Dammers fan de Akademia Papiamentu fan it eilân Bonêre, foarhinne ek polityk aktyf as deputearre ûnderwiis en kultuer fan it eilân, dat op mear as 8.000 kilometer fan Den Haach leit. ‘De sûnenssoarch is better wurden, eltsenien hat in medyske fersekering en der is mear plysje. Dat is posityf. Mar, omdat dy nije plysjes de taal fan it folk mar min fersteane, meie se allinnich op paad yn it selskip fan in Antilliaanske plysjeman of plysjefrou.’ Leart de plysje dan net de taal fan it folk? ‘Se sizze dat se dat graach wolle, mar yn de praktyk bliuwt it der faak by. Boppedat komme in soad fan harren mar foar in pear jier, en dan fine se it net de muoite wurdich. En wat dêr noch bykomt: de Hollanners jouwe harren der net by, mar bliuwe op harsels.’

Bonêre is eins noch hieltiten wat oan it bekommen fan de skok fan 10.10.10, de steatkundige herfoarming fan 10 oktober 2010. De Nederlânske Antillen waarden opdoekt en Bonêre waard in Nederlânsk ‘iepenbier lichem’, sis mar in bysûndere gemeente, en krige dêrtroch in lytse lawine oan Hollânske regeljouwing te ferwurkjen, sûnder dat dêr ynspraak of in referindum oan foarôfgien wie. It eilân krige bygelyks foar it earst glêsbakken, mei de boat opstjoerd troch steatssiktaris Joop Atsma, mar ek it homohoulik waard ynfierd en in regeling foar eutanasy, saken dy’t gefoelich lizze yn Súd-Amearika. En wát der allegearre ek regele waard, de status fan it Papiamentu, ien fan de offisjele talen fan de eardere Nederlânske Antillen, waard fergetten.

It Papiamentu hie net iens mear in jildige stavering.

Noch sterker, it Papiamentu hie net iens mear in jildige stavering, want dy wie fan de net mear besteande Nederlânske Antillen. Ien fan de earste maatregels fan it nije eilânbestjoer wie sadwaande it meitsjen en fêstlizzen fan in nije staveringsoardering oangeande it Papiamentu. Wa’t wit hoe swier oft in beheinde oanpassing fan de Fryske stavering keallet, kin dêr eins allinnich mar respekt foar hawwe. De staveringsoardering fan 2013 en de eilânsoardering ‘Talen yn it bestjoerlik ferkear’ koene lykwols net foarkomme dat de taal op skoalle hurd achterútbuorke.

‘It Papiamentu is no yn de measte klassen gjin fiertaal mear, mar karfak as “frjemde” taal. De skoallen wurde no direkt oanstjoerd troch it ministearje fan O.C. en W., mei as opdracht om alles op itselde nivo te bringen as yn Nederlân, mar it is mar de fraach oft dat realistysk is, mei bern foar wa’t it Nederlânsk in poerfrjemde taal is.’ Bûten it klaslokaal prate de measte bern gjin wurd Nederlânsk. Gerladine Dammers praat sels sjongerich Nederlânsk. Se learde dy taal net op skoalle, mar doe’t se yn Nederlân studearre op de havo-top en de Pedagogyske Akademy. Dammers betwivelet de relevânsje fan it Nederlânsk yn it Karibysk gebiet. Yn de buorlannen Kolombia en Fenezuëla hawwe je dêr net folle oan en itselde jildt foar grutte buorman Amearika.

Bern hawwe har eigen taal, it Papiamentu, noch mar kwalik yn ’e macht as se op skoalle lêzen en skriuwen leare moatte yn in foar harren poerfrjemde, drege taal: it Nederlânsk. De grutte buortalen Ingelsk en Spaansk – wêrfan’t de lêstneamde sterk besibbe is oan it Papiamentu – soene al in stik makliker én akseptabeler wêze foar de bern. Dammers soe dêrom graach sjen dat de skoallen op Bonêre meartalich wurde soene; mei Papiamentu, Ingelsk en Nederlânsk as fak en fiertaal. By it easke nivo fan de lêste taal soe rekken hâlden wurde moatte mei de bysûndere situaasje fan it eilân.

De praktyk fan de lêste jierren is lykwols oars: dosinten Papiamentu waarden ûntslein, en it tal oeren Papiamentu werombrocht. De ûnderwiisynspekteurs wurde ynflein út Den Haach wei, en hawwe oant no ta net folle belangstelling toand foar it Papiamentu. ‘De klam leit, hiel iensidich, op Nederlânsk, Nederlânsk, Nederlânsk, wylst it mar de fraach is oft de keazen oanpak wol wurket’, fertelt frou Dammers. De gefolgen lige der net om: in soad skoalútfal en in protte learlingen dy’t ôfstreame moatte nei in leger nivo nei de CITO-toets, of oars letter, as se oan de boppebou fan it fuortset ûnderwiis ta binne.

‘Ik meitsje my soargen oer hoe’t it komt mei it Papiamentu, no’t de bern de taal net mear goed leare. Boppedat hat de taal, folle mear as foar 2010, in twadderangs plak krigen.’

Om misferstannen te foarkommen hat de skoalle foar fuortset ûnderwiis de nije befoarderingsregels foar it earst oersette litten yn it Papiamentu, sadat ek alle âlders dy goed begripe kinne. Petearen tusken dosinten en âlders binne wolris wat ûngemaklik op Bonêre.

Yn de legere ûnderwiisnivo’s, lykas it beropsûnderwiis, is Papiamentu wol tastien as fiertaal, mar op havo en vwo net. Skoaldireksje en fierwei de measte dosinten komme út Nederlân en binne de taal net machtich. De Akademia Papiamentu hat it skoalbestjoer om in ûnderhâld frege om oer de problemen te praten, mar op dat fersyk is oant no ta net reagearre. ‘De skoalle sjocht nei wat it ministearje wol, net nei wat de minsken wolle.’ It doel fan de skoalle is om de learlingen ta te rieden op in ferfolchstúdzje yn Nederlân. Dammers fynt dat in iensidich útgongspunt, omdat yn de praktyk op syn heechst tsien persint fan de learlingen dy stap nimt.

‘Ik meitsje my soargen oer hoe’t it komt mei it Papiamentu, no’t de bern de taal net mear goed leare. Boppedat hat de taal, folle mear as foar 2010, in twadderangs plak krigen. Foarhinne koene je rûnom terjochte mei it Papiamentu, hjoeddedei is dat net mear sa.’ Amtners fan de Nederlânske Antillen wiene ferplichte om de taal ûnder de knibbel te hawwen, mar dat jildt net foar de jonge Rykstsjinst Karibysk Nederlân, de RCN. De RCN hat oant no ta net reagearre op it fersyk om dy spulregel oer te nimmen. It is net sa dat de RCN útsprutsen hat dat net te wollen. Nee, krekt oarsom, amtners jouwe oan it Papiamentu ‘aardich’ en ‘nijsgjirrich’ te finen, mar de measten komme oan it praten fan de taal net ta. ‘In Hollanner kin op Bonêre by alle tsjinsten yn ’e eigen taal terjochte, in eilanner fan Bonêre moat him al gau ferbrekke as er in iepenbiere tsjinst nedich hat. De nije steatkundige ferhâldings hawwe sa út en troch wat neokolonialistysk oer har.’

No’t Bonêre in ûnderdiel – op ôfstân – fan Nederlân wurden is, is it dêrmei ek automatysk ûnderdiel fan de Europeeske Uny en de Ried fan Europa. De measte Europeeske ferdraggen dy’t Nederlân oangien is, jilde no ek foar it eilân. ‘Wy wolle graach, krekt as it Frysk, erkend wurde yn it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa’, seit frou Dammers. Jurist Bastiaan van der Velden, dy’t yn 2004 promovearre op it Frysk yn it bestjoerlike ferkear, jout har in goeie kâns. ‘It Hânfêst jildt foar it folsleine grûngebiet fan Nederlân, sûnder útsûnderingen. No’t Bonêre der by kommen is troch in steatkundige feroaring, jildt dat automatysk ek foar Bonêre. En it Papiamentu foldocht dúdlik oan alle kritearia yn it Hânfêst foar in te erkennen taal: it is dúdlik gjin dialekt fan it Nederlânsk en it is ek de taal dy’t fanâlds op de eilannen sprutsen wurdt.’ Arûba en Kurasau kinne nei alle gedachten gjin berop dwaan op it Hânfêst, omdat dy beide eilannen selsstannige, folslein autonome lannen binnen it Keninkryk binne en net, lykas Bonêre, yntegraal ûnderdiel fan Nederlân.

‘Wy hawwe hjir Sinezen, Perûanen, Kolombianen, Fenezolanen, Kubanen. Dy prate allegearre yn in omsjoch Papiamentu en brûke dy taal ek ûnderling. Der is eins mar ien groep dy’t altiten apart bliuwt, en dat binne de Nederlanners.’

Papiamentu taalorganisaasje SPLIKA, fan Papiamentu-sprekkers yn Nederlân, is koartlyn lid wurden fan koepelorganisaasje EBLT (Europeesk Buro foar Lytse Talen), mei it doel om yngeand te lobbyen foar de taal yn Nederlân én Europa. SPLIKA hat dêr in doel by. De nije, ûnfolsleine status fan Bonêre en de beide oare lytse eilannen Saba en Sint Eustaasjes, wurdt meikoarten evaluearre. SPLIKA wol sjen it Papiamentu op de aginda te krijen. Nei de Europeeske ferkiezings fan 22 maaie, dêr’t Karibysk Nederlân foar it earst oan meidwaan mei, wol SPLIKA it Papiamentu as Europeeske minderheidstaal presintearje by Europeesk Parlemint en Ried fan Europa.

As earste stap organisearre SPLIKA ein maart in sympoasium yn it ‘Huis van Europa’ yn Den Haach, oer de erkenning fan it Papiamentu. It waard in tige libbene middei, want it Papiamentu libbet sterk by de ynwenners fan Arûba, Kurasau en Bonêre om utens. ‘Bonêre is eins hieltiid Nederlânsker oan it wurden’, fertelde frou Dammers op dat sympoasium. ‘Sûnt 2010 binne der in pear tûzen ynwenners bykaam; hast allegearre Nederlanners. Bonêre hat eins altiten hiel multykultureel west. Wy hawwe hjir Sinezen, Perûanen, Kolombianen, Fenezolanen, Kubanen. Dy prate allegearre yn in omsjoch Papiamentu en brûke dy taal ek ûnderling. Der is eins mar ien groep dy’t altiten apart bliuwt, en dat binne de Nederlanners.’

De Karibyske Nederlanners yn Den Haach hawwe wol in advys foar frou Dammers: ‘Laat die Hollanders zelf maar eens integreren! Hier moet iedereen steeds maar integreren, waarom doen zij dat niet?’

Op Bonêre makket lykwols lang net eltsenien him drok oer de takomst fan it Papiamentu. De eilanners hearre al in pear ieuwen dat it Papiamentu gjin echte taal is, mar in ‘slavetaal’. Wa’t hegerop komme wol, kin dêrom better Nederlânsk leare. ‘Dat misferstân libbet noch hieltiten. Doe’t ik noch deputearre wie, kaam in keazen lid fan de eilânsried by my om te sizzen dat it Papiamentu gjin taal is. De man sei dat yn geef Papiamentu, dat dan wer wol.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 13 (2014), 3 (juny) s. 52-55.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.