Anarkystack – Josse de Haan

Publisearre op 17 oktober 2018

Dit jier jout Tresoar yn it kader fan Lân fan taal yn twa ynstallaasjes yn de stúdzjeseal rom omtinken oan dichters en keunstners dêr’t (gelokkich) net sa ienfâldich in etiketsje op plakt wurde kin: Sssstt…!

De anarky’s, in unyk artistyk sjenre, fan skriuwer en dichter Josse De Haan, mochten dêryn net ûntbrekke. Sels omskreau De Haan dit sjenre sa: ‘Ofkoarting/fertichting fan anargistysk kykje; basearre op de âlde kollaazjetechniken fan de surréalisten; ek in assosjatyf prosedee, dêr’t de eleminten taal en byld osmotysk ynelkoar skowe; soms neamd: konkrete of fisuele poëzij’.

Op freed 2 novimber organiseart Tresoar de ‘Nacht fan quatrebras’. Op it programma stiet yn alle gefallen de presintaasje fan in unike útjefte mei fisuele poëzy: in fotografyske herdruk fan in bondel anarky’s dy’t Josse de Haan earder yn 1991 yn in limitearde oplage útbrocht.

Abonnees fan ‘de Moanne’ kinne mei koarting yntekenje foar in eksimplaar troch in mailtsje te stjoeren nei reaksje@demoanne.nl. Noch gjin abonnee? Dat kin al foar €10,00. Wurd no abonnee!

Kategory
Tags

Diel dit artikel!