Amelân-brún

INGE NICOLAIJ – 

In prachtige foto. De skeve hoarizon fertelt my dat de foto nei alle gedachten fluch makke is. Yn in opwâling. Muoike, sa neam ik har foar it gemak, makket in seksy pose op it momint dat sy de kamera sjocht. De fotograaf is sa fokust op muoike en it momint, dat hy de topless frou op de eftergrûn net sjocht. Of miskien wol?

As ik dizze foto op de fotoacademie toand hie, hie ik nei alle gedachten de folgjende fraach krigen: ‘Wêrom groeit der in frou út har earm?’ Ik soe dizze foto net meitsje kinne. It is der by my sa ynstampt dat it ûnderwerp altyd frij yn it byld stean moat.

Wat ik ek nijsgjirrich fyn, is dat it gebrek oan kleuren yn de foto, de see universeel makket. De see is net Amelân-brún of Middellânske see-blau. Wol soe ik graach de kleuren fan it badpak witte wolle, ik ferwachtsje giel en blau.

 

Fotografe Inge Nicolaij sammelet âlde famyljefoto’s en sil alle moannen foar de Moanne ien foto út har samling analysearje. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer Inge Nicolaij.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.