Amarins Geveke fan de Folkshegeskoalle

FROUKJE SIJTSMA –

In heal jier lyn is de Ljouwerter Amarins Geveke oansteld as nije direkteur fan de Folkshegeskoalle Schylgeralân op waadeilan Skylge. De ôfrûne moannen hat se benammen de fokus lein op it oanheljen fan Fryske kontakten en it mear bekendheid krijen fan de Folkshegeskoalle.

Folkshegeskoalle Schylgeralân stiet midden yn de bosk fan Hoorn, op fytsôfstan fan strân en see. De skoalle waard yn 1948 oprjochte mei it doel om de Fryske identiteit út te dragen troch kursussen en aktiviteiten. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden oeral yn Nederlân folkshegeskoallen oprjochte om sa minsk en identiteit sintraal te setten. De Folkshegeskoalle Schylgeralân is hjoeddedei noch de iennichste folkshegeskoalle dy’t oerbleaun is. ‘Wy hawwe noch altyd ta doel om de Fryske identiteit sintraal te stellen, mar minsken bûten de provinsje binne fansels ek wolkom om hjir kursussen te folgjen en fan de prachtige omjouwing te genietsjen’, leit Geveke út.

Geveke ruile yn 2008 tegearre mei har man it fêste lân yn foar it waadeilan. Yn Ljouwert wurke se acht jier lang by Omrop Fryslan as nijsferslachjouwer foar radio en tillevyzje. ‘Myn man, dy’t op de seefeartsskoalle sitten hat, koe oan it wurk op dizze Maritime Akademy.’ Geveke en har man kamen altyd al graach op it waadeilân en namen dan mei tsjinsin de boat werom. ‘Dit wie ús kans om net werom te hoegen nei de wâl. We hawwe it dan ek mei beide hannen oanpakt. Nei sân jier hawwe we noch altyd gjin spyt fan dizze stap.’

As gemeenteriedslid fan de VVD en as rekreaasjeûndernimmer learde Geveke it eilân flot kennen. ‘Doe’t der in nije direkteur socht waard foar de Folkshegeskoalle wie ik fuort entûsjast. Myn kulturele en saaklike ambysjes koe ik sa prachtich kombinearje.’ Mei in soad enerzjy is Geveke dwaande om de Folkshegeskoalle op ferskate fronten te ferbetterjen, bygelyks mei it flink opknappen fan de datearre akkommodaasjes. ‘Wat goed is, kin fansels itselde bliuwe. It besteande kursusoanbod bliuwt dan ek foar it grutste part itselde. Wol binne der in tal nije kursussen bykaam, bygelyks ‘De Kreawike’ yn de simmer. In wike lang kinne bern har mei har âlden kreatyf útlibje troch tal fan útdaagjende aktiviteiten.’

Om de Folkshegeskoalle wer better ûnder de oandacht te krijen hat Geveke bot ynset op social media. ‘Op Facebook en Twitter wol ik folgers op de hichte hâlde fan ús nijste oanbod en ûntwikkelings.’ Dêrfoar hat se de lêste tiid sels aktyf aksje ûndernaam om de kontakten mei Fryske ynstellings wer op te frissen. ‘Ik wol graach dat de Folkshegeskoalle wer in bekende lokaasje wurdt der’t groepen nei ta komme om in goeie tiid mei inoar te belibjen.’

Kultureel festival Oerol is ien fan de Fryske organisaasje der’t Geveke mei yn petear is. ‘Wy biede al ûnderdak oan festivalgongers, mar wy wolle ek graach op kultureel mêd bydrage.’ Sa wurdt besjoen oft De Folkshegeskoalle noch dit jier brûkt wurde kin as lokaasje foar in foarstelling fan Oerol. ‘Wy hawwe hjir in fantastyske omjouwing dêr’t teater goed ta syn rjocht komt. Fierder binne wy ek yn gesprek mei Oerol-direkteur Joop Mulder om te sjen oft we in rol spylje kinne yn it Oerol-projekt ‘Sense of Place’. Oerol wurdt dêrmei it plak dêr’t kultuer opgiet yn lânskipsfoarming.’

Foarbyld dêrfan is ‘Wadland’ by edysje 2014. Op it Griene strân fan Skylge is doe in keunstwurk makke mei wylgetûken yn de foarm fan in keunstwurk fan Mondriaan, mei as doel sa kwelderfoarming te krijen. ‘Foar dizze nije “laboratoariumfunksje” fan Oerol sil in soad ûndersyk dien wurde moatte op it eilân. De studinten dy’t dat útfiere moatte kinne fansels perfekt in plakje krije op De Folkshegeskoalle.’

Dizze wike binne fiif nije trainees fan Omrop Fryslân te gast op De Folkshegeskoalle. Dy leare op it eilân fan Afûk-dosinten hoe’t se Frysk skriuwe moatte. Fan de Omrop út komt der alle dagen in oar om harren paadwiis te meitsjen yn it fak fan sjoernalist. ‘Dat fyn ik prachtich, dat De Folkshegeskoalle it plak is dêr’t dizze minsken bymekoar komme kinne’, beslút Geveke.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.