Alliearde bommen rekken Bitgummole yn it hert

Publisearre op 6 mei 2016

MARRE SLOOTS – 

“Ik ha Jo yn it kistke sjoen. Hielendal ûnbeseard, gjin skramke te sjen. Hja liket stoarn te wezen troch de loftdruk. Is it net in griis?”

Op 17 septimber 1944 misten 215.000 kilo oan Alliearde bommen har doel, de fleanbasis by Ljouwert. Yn stee dêrfan rekken se Bitgum, Bitgummole en Ingelum. It boppesteande fragmintsje komt út in brief út it famyljeargyf fan dokumintêremakster Joke Zandstra van der Woude, dy’t de film ‘Oare JO’ makke oer har eigen famyljeskiednis.

Joke wist net in soad fan ‘oare Jo’, it eardere dochterke fan har heit en mem, dat yn 1944 om it libben kaam by it bombardemint. Allinnich dat it in fleurich famke wie. Mei blonde kroltsjes. Se mocht graach boartsje mei har âldere suske Anne-Marike. Dan kropen se yn de wasmand en sa sjouwde mem mei se om.

Dy fatale dei yn 1944 sloech letterlik in krater yn it libben fan de famylje van der Woude. Heit en de 2,5 jier âlde Anna-Marike kamen der aardich fanôf. Al wie de pjut wol yn ien kear kwyt hoe’t se rinne en prate moast. Mei mem en de lytse Jo wie it minder. Mem rekke slim ferwûne oan har rêch en bekken, mar slimmer noch, se moast yn it sikehûs fernimme dat har jongste dochterke it bombardemint net oerlibbe hie. Nei de begraffenis koe se net.

As by in wûnder krigen heit en mem flak nei de oarloch dochs wer in bern. Wer in famke, dat Joke neamd waard. Wylst dizze ‘twadde Jo’ âlder waard krige se súntsjes oan mear te hearren oer de eardere, ‘oare Jo’. Joke wie nijsgjirrich, mar praat oer it bombardemint waard der net folle. Yn ‘e hûs hong in lyts portretsje oan de muorre fan ‘Oare Jo’, dat wol. En alle jierren op 17 septimber giene se mei syn allen op famyljebesite, om stil te stean by it bombardemint. Mar opfallend genôch wie dat op sa’n dei ferfolgens gjin ûnderwerp fan petear.

Dat stilswijen is it tema fan de film ‘Oare JO’ fan Joke Zandstra van der Meulen, wêryn’t se har âldere suster Anna-Marike folget, op syk nei antwurd op de fraach: Hoe kin it dat der mar sa’n bytsje bekind is fan it bombardemint? Oan it wurd komme tsjûgen, famyljeleden en doarpsgenoaten. Ek de brieven út it famyljeargyf hawwe holpen. It doel: de lytse flarden ynformaasje dy’t se troch de jierren hinne fan famylje heard hawwe oan elkoar plakke, it ferhaal kompleet krije.

Wat blykt: yn it kristlike Bitgummole wie der benammen berêsting ûnder it wrange lot fan de slachtoffers. It moast de wil fan God west wêze, de foarsjennichheid. En dan wie der fansels noch it gefoelige feit dat it om Ingelske bommen gie. Bommen fan de befrijers. It wie in needsaaklik offer, sa tocht men deroer. Mear as 70 letter is der noch hieltyd net in soad omtinken foar it Alliearde bombardemint. Yn it Fries Fersetsmuseum is sûnt de werynrjochting in ferhaal te sjen oer de famylje Fokkema út Bitgummole. Twa jier lyn kaam der in monumintsje yn it doarp. Mar dêrop steane ek de slachtoffers fan oare oarlochshannelingen.

Foar Joke is 17 septimber noch altyd in bysûndere datum. Doe’t se yn 2014, presys 70 jier nei it bombardemint, mei har man op de kemping stie yn Súd-Frankryk, woe it mar net ophâlde mei tongerjen. Op dat momint tocht de oars hiel nochtere Joke, sjend nei de opljochtsjende himel: se bouwe dêr seker in feestje, om ús witte te litten dat se der noch binne.

De dokumintêre ‘Oare JO’ fan Joke Zandstra-van der Woude is freed 29 april yn premjêre gien.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels