Alles is gelok yn De profylfoto fan Klaas

Publisearre op 3 oktober 2018

RYNK BOSMA – 

Lytse wurden mei in grutte betsjutting, mar al dy wurden ferlieze it fan dat iene filmke wêrop’t in bewenner by de fraach ‘Wat is gelok?’ beide earms spriedt sûnder wat te sizzen. Mar se sei eins mei dat gebear: alles om ús hinne is gelok. It is in sêne út de foarstelling De profylfoto fan Klaas yn Wommels. As je nei it idee sjogge, dan is it eins te moai foar wurden. ‘Dat Tywerthiem it doarp op sleeptou nimt is it allermoaiste ferhaal fan de foarstelling’, sa skriuwt ien yn it progammaboekje en tichter by de wierheid kinne je net komme.

 

In blind date op it terras fan de Jimbar mei dêr tuskenyn in pear dat wat te fieren hat. Al 25 jier in pear, ek al ‘woe ik har betiden wol efter it behang plakke, mar dat jout allinne mar bobbels’.

 

Klaas Malda fan Wommels is nei Sweden ferhuze en syn profylfoto is de toer fan Wommels mei de flagge yn top, ek al wie it ivich Freuledei. In prachtich útgongspunt fan in al even prachtich idee: de bewenners fan Tywerthiem fan Talant diels de haadrol te jaan yn in foarstelling dy’t yn fjouwer dielen opdield wurdt. It earste diel yn de Wommelser tsjerke, dan in kuier oer de Terp dy’t foar ien kear de frijersleane wie mei de mannen links en de froulju rjochts. Sa gie it ea op de wei fan Wommels nei Easterein, in foarsichtich oanreitsjen, in hakkelich wurdsje mei  úteinlik as doel ea tegearre thús te kommen.

Dat dit tsjintwurdich net fanselssprekkend is, bewiist de frijersleane fan no. In blind date op it terras fan de Jimbar mei dêr tuskenyn in pear dat wat te fieren hat. Al 25 jier in pear, ek al ‘woe ik har betiden wol efter it behang plakke, mar dat jout allinne mar bobbels’. It gelok fan de ienfâld neist jonge minsken dy’t eins fan alles easkje fan it libben.

Wat der barre kin as twa minsken ien kear yn ien hûs wenje, wurdt moai yn byld brocht yn de earste sêne yn tsjerke troch in trijetal swiere froulju dy’t al easken stelle oan de poppe ear’t hy of sy op de wrâld kaam is. ‘In poppe fan fjouwer pûn is mar neat, fierstente licht’, sa seit ien fan de froulju. Dy lytse poppen kamen neffens it Wommelser ferhaal foar 1950 út de holle Wilhelminabeam, mar dat woe net ien oan want der waard grute dat dy poppe fan Fokje Baarda fan in oar wie…

De foarstelling hinget yn dy earste sêne boppe Wommels as in drone, efkes tinke oan de Freule fan 1927 doe’t it sa stoarme. In pear postrinners oan it wurd litte wylst sy de brieven en pakjes teplak bringe, ‘De grutste dogeneaten sitte it tichst by de âlderlingen’ en ek efter dy grap sit in wrâld fan opfettingen út in tiid dat de tsjerklike tsjinstellingen in gruttere rol spilen yn Wommels. Minsken op wei nei in better libben yn Kanada, in ‘ticket to heaven’ mei prachtich sjongen fan Willeke de Vries yn trije talen.

It tredde bedriuw spilet him ôf by de Suderhaven, in ramtfertelling oer in jonkje dat ea yn de Boalserterfeart it libben liet. ‘Ik zie wat ik zelf wil/ik vaar op mijn eigen zee/en vaar met de golven mee’, en sa krijt de natoer wurden dy’t betiden dwers yngeane tsjin it gelok fan de minsken, it lot dat guon minsken net âlder wurde lit as bygelyks acht jier. It libben as in papieren boatsje op it wetter, ien ferkearde golf of beweging en it papier wurdt wiet, it boatsje op wei nei de boaiem om nea wer boppe te kommen.

De fjirde en lêste sêne is wer yn tsjerke, it moderne libben fan in poppe bestelle op internet moat it úteinlik ôflizze tsjin de grutste libbenswiisheid fan de jûn: ‘Je krije net altiten wat je wolle, en je wolle net altiten wat je krije’.  Wat in foarstelling, wat in ein mei James Kuipers as in soarte fan Hazes yn de meisjonger Kleine Jongen dy’t yn elke oare foarstelling as te simpel oan ‘e kant reage wurde soe. Mar net yn de Profylfoto fan Klaas. It binne wurden fan ienfâld dy’t fertelle: wês aardich tsjin oare minsken, meitsje oare minsken bliid en doch dat no want de tiid fljocht foarby. Allegear wurden dy’t it ferlieze fan dy iene frou dy’t sûnder wurden har earms út elkoar docht, om oan te jaan dat alles om har hinne gelok is.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]