fotografy: Linus Harms

Allegear ha wy deselde woartels

ELSKE SCHOTANUS – 

It 50-jierrich jubileum fan Tryater wurdt grut fierd mei Grûn, in kronyk fan it libben om twa boerefamyljes hinne. Dêrneist set Tryater it partisipaasje- en ynspiraasjeprojekt ‘In bosk fan minsken’ op priemmen om it fenomeen famyljeferhalen hinne: ynspiraasjejûnen, ateliers, in ynstallaasje fan Bouke Groen yn de foyer fan De Lawei, dêr’t Grûn fan 27 oktober oant 8 novimber te sjen wêze sil en de website inboskfanminsken.nl. It projekt hat itselde tema as it teaterstik, mar stiet dêr tagelyk ek los fan. Elk kin mei it tema oan de slach, yn ien fan de kreative ateliers of op eigen manneboet, thús, en syn ferhaal, keunstsinnich foarmjûn, kwyt op de website. In petear mei Anne Graswinckel, haad edukaasje by Tryater.

 

Elkenien hat syn famyljeferhalen en, goh, wat soe it moai wêze om dy te fertellen en mei elkoar te dielen. Allegear ha wy deselde woartels, we stean ticht by of fierder út elkoar, de ien yn ’e sinne, oaren mear yn it skaad en sa foarmje wy in bosk fan minsken.

 

Foar’t sy by Tryater kaam, hie Anne wurkûnderfining opdien yn de wolwêzenssektor: sa wurke sy by de dakleaze-opfang De Terp, foar de Stichting Foarwurk yn Akkrum joech sy treningen en begelieding oan wurkleazen en by de gemeente Opsterlân fersoarge sy ûnder mear de foarljochting oer it minimabelied. It besteande foarljochtingsmateriaal wie nochal saai foarmjûn, dat der kaam in foldersearje, skreaun yn heldere taal. De searje waard sa súksesfol dat immen har tipte: by Tryater sykje se ien foar de publisiteit. ‘Ik skreau in brief yn it Frysk, dat koe ik absolút net. Ik hie de tekst sels út it Nederlânsk wei oerset. Ik waard al útnûge.’ Se hat har de taal sels oanleard. ‘It wie in “uitgelezen” kâns’, seit se en lûkt de fuotten ûnder it gat. It is in waarme dei en wy sitte yn ’e tún fan wat ea in skoalle wie, oan de râne fan Poppenwier. Anne hat ús elk in glês wetter mei iisklûntsjes ynskonken. Se set de kat yn in izeren koai. It prachtich grize poezebist hat de poat yn it ferbân en jout him del. ‘Hoe seist dat? In útlêzen kâns?’

‘Publisiteitswurk is bûn oan de waan fan de dei,’ seit se, ‘edukaasje freget wat oars.’ Dêrby giet it om workshops, ynliedingen by foarstellings, lesmateriaal en lesprogramma’s foar skoallen. Har kollega Jeffrey Deelman soarget foar de praktyske kant fan it wurk, sy foar it tinkwurk en de ferdjipping. ‘It measte wat wy dogge is rjochte op bern en jongfolwoeksenen, om har mei in iepen blik nei teater sjen te litten. Gau nei in foarstelling en dan daliks rekkenjen of taal … It stik sjen allinne is net genôch. Der is in ferlet om te praten, watst sjoen hast te ferbinen mei it eigen libben. Wichtiger as de foarstelling sels, moai of net moai, al as net goed aktearre, is wat it mei dy dien hat. Holes, dêr sitte in pear sinnen yn … dy binne my sá bybleaun … Of nim Brekber.’ De haadpersoan yn Brekber hie in libben lang porslein sammele om dêr oan de ein fan har libben ôfskied fan nimme te moatten. ‘Wat bart der mei dyn neilittenskip? Mei it publyk kinst dêr moaie petearen oer ha. Dat falt faker op. Wolst “groots en meeslepend” libje of lyts en ienfâldich? Dat wie de fraach dy’t Omke Wanja oprôp. Kinst de taskôgers dêr mei elkoar oer oan ’e praat bringe.’

‘Doe’t Ira [artistyk direkteur fan Tryater en regisseur Ira Judkovskaja] mei de tariedings foar Grûn begûn, seach ik in kâns. Elkenien hat syn famyljeferhalen en, goh, wat soe it moai wêze om dy te fertellen en mei elkoar te dielen. Allegear ha wy deselde woartels, we stean ticht by of fierder út elkoar, de ien yn ’e sinne, oaren mear yn it skaad en sa foarmje wy in bosk fan minsken. Hoe ferhâldst dy ta dyn skiednis, dêr wurdt in soad oer praat. Stapst yn de fuotspoaren fan dyn heit of makkest just in oare kar … It dêroer ha liedt ta ynsicht, it is in moaie yngong om nei in foarstelling te sjen. It giet om it universele yn de famyljeferhalen yn Grûn, net om de anekdotyk. Ira hat it abstraheard. “Waarachtigheid”, sykje nei in “waarachtige” wize fan spyljen … Hoe kinst wat sizze sûnder yn tradisjonele foarmen te sjitten? As in bern in kar makket dêr’t de heit it net mei iens is, is de heit lilk. Dát is de earste, foarspelbere, reaksje, mar kin it ek oars? Ik ha sênes sjoen dêr’t Ira soks yn útsiket. Hoe makkest in ferhaal ta keunst? It giet net allinne om it moaie, it estetyske, der is ek in oare kant. Minsken tinke allinne te stean mei har ferhaal: in skieding, in broer dy’t al studearje mocht en do net, in heit dy’t sketen lit.’

 

Ferhalen lokje ferhalen út
As Anne mei foarbylden komt, wurdt it fraachpetear in petear en al gau ha wy it in skoftlang net mear oer har rol as haad edukaasje yn it oan de foarstelling Grûn liearre projekt In bosk fan minsken, mar oer in mem dy’t allegeduerigen om de sinnebril siket en in beppe dy’t de taal ferhaspele. Sawiesa sjitte, as Anne fertelt, de tinzen gauris in oare kant op. Hie ik ek net sa’n broer? Wie it dan wol gjin heit, mar foel ik net ris ûnder in baas dy’t stjonksketen liet? Ferhalen bringe assosjaasjes op gong en dat is krekt wat Anne mei it ynspiraasjeprojekt In bosk fan minsken foar eagen hat.

‘Wy wolle mei oare keunstfoarmen sykje hoe dy te fertellen. Hoe kin in selsportret sá skildere wurde dat in oar der in ferhaal út helje kin? Wie der in dominante pake? In skilderij kin ynsicht jaan. It giet net allinne om Grûn as teaterfoarstelling, Ira wol it ha oer méár. Neist de foarstelling dy’t fan ein oktober ôf yn De Lawei te sjen wêze sil – en dêr’t út tal fan plakken wei bussen hinne ride – wurde der tsien ynspiraasjejûnen mei ferneamde en minder ferneamde Friezen op priemmen set. De nammen binne noch net definityf, it wichtichste is dat sy in ferhaal te fertellen ha dat oare ferhalen oproppe kin. Dat bart yn de foarm fan in fraachpetear troch âld-kultuerdeputearre Jannewietske de Vries, tegearre mei in side-kick. It wurdt in soart fan ‘oan de keukentafel by Jannewietske’ en dejinge dy’t ynterviewd wurdt, kin in filmfragmint meinimme of bygelyks in muzykstik. We sykje nei tema’s as macht, fertriet, iensumens. Ien fan de lokaasjes is it Posthûs op It Hearrenfean. Sy soenen it moai fine as it op de ynspiraasjejûn oer sport giet.’

‘Foppe de Haan?’ It is de earste namme dy’t jin tebinnensjit as it om It Hearrenfean as sportstêd giet.

‘Wy binne dwaande mei in hiel nijsgjirrige website, dêr’t de ferhalen fan elk dy’t in ferhaal kwyt wol op komme. Dy site is écht hiel bysûnder … Stel, it is yndie Foppe dy’t wy foar in ynspiraasjejûn strikke en hy hat in beppe dy’t him as jonkje geregeld in tik mei de brijleppel joech, dan kin der in foto fan in brijleppel by. En dan rôlet it baltsje fierder: wat hat it ferhaal fan Foppe mei dat fan dy, wat hat it mei dyn libben te meitsjen?’

‘Op de Uitmarkt, ein augustus yn de Prinsetún, is in eksperimint dien en de earste ynspiraasjejûn wurdt yn septimber holden. De besikers kinne har ynspirearje litte ta it skriuwen fan poëzy of in ferhaal, mar ek fotografy, hake, skilderijen of muzykstikken. Dat kin op eigen manneboet of yn ien fan de kreative ateliers dy’t op priemmen set wurde en dêr’t de dielnimmers útnûge wurde om it eigen famyljeferhaal yn in keunstfoarm te ferwurkjen. Skilderje, skriuwe, alderhande dissiplines, wat it krekt wurde sil is noch yn ûntwikkeling. Ien fan de ateliers leit al fêst en sil op de Folkshegeskoalle op Skylge plakfine en giet oer taal. Wat binne de wurden út dyn famylje, hoe kiest dyn wurden yn it Frysk. Guon wurden wurde allinne yn dyn famylje brûkt, dy binne sá eigen…’ It petear komt op skel-, by- en flaainammen. As ik fertel dat ús heit myn jongere broer ‘Pikky’ neamde, laket se: ‘Bollewangenhapsnoet, dat wie ik.’

‘De ferhalen dy’t út it projekt fuortkomme komme op it web. Dat mei anonym, mar it hoecht net. It is in bosk, dat der is al in boskwachter en der binne boskregels, bygelyks as it om diskriminaasje giet. It jildt ek foar de ynspiraasjejûnen yn de seal. It is oan de gesprekslieder om, mocht it te swier wurde, handich nei in oar ûnderwerp of in oare besiker oer te stappen. Mar meast binne it reaksjes as: “Wat een geluksmoment, dat ik dit met jullie mag delen.”’

‘Wy ha byldzjend keunstner Bouke Groen frege om in ynstallaasje te meitsjen. It wurdt in bosk dêr’tst letterlik trochhinne rinne kinst foar yn de foyer fan De Lawei. Wat Bouke my fertelde, fûn ik hiel nijsgjirrich. Ast de nullen en de ienen dêr’t in kompjûter mei wurket har eigen gong gean litst, ûntstiet der in weefwurk fan patroanen, fractals, en al dy fractals foarmje in bosk. Bouke makket syn ynstallaasje sa dat dy, nei’t it keunstwurk yn De Lawei te sjen west hat, ek nei oare plakken kin. It bosk fan minsken as ynstallaasje is bliuwend. Op it web dêrfoaroer kin it bosk fan minsken altyd mar trochgroeie.’

 

Earder ferskynd yn de Moanne, 14 (2015), 5 (septimber), s. pag. 22 – 25

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.