Allardseach en Schylgeralân
Publisearre op 20 maart 2015
RIK KLAVER & SYDS WIERSMA –
Om 1930 hinne struts in groepke pioniers op de heide by Bakkefean del, yn it buorskip Allardseach. Se kamen om in ideaal hannen en fuotten te jaan: de oprjochting fan in skoalle foar it libben, in folkshegeskoalle. It gie om emansipaasje, troch fakûnderrjocht en kulturele en sosjale foarming, foar jongerein en folwoeksenen. Jarig van der Wielen, in garismatyske en sosjaal bewogen lânûntginner, hie in pleatske en in stik wylde grûn.
As wethâlder fan Opsterlân pleite hy der yn de jierren tweintich al foar om de wurkleazens oan te pakken troch ûntginning fan heide en bosk op de grins fan de trije noardlike provinsjes. Van der Wielen stie pal achter it ideaal fan in folkshegeskoalle yn Nederlân. Der waard in stifting oprjochte en yn 1932 gie Allardseach fan start. Dy simmer waard der in ynternasjonaal studintekamp organisearre om de boel op te bouwen: gebouwen, in grientetún, in keuken, in iepenloftteaterke, in fytspaad nei Bakkefean. Der ûntstie in mini-maatskippij fan fêste meiwurkers en passanten. It wie midden yn de krisis. Praktykûnderwiis en wurkgelegenheid foar jonge wurkleazen wie in spearpunt. Buertwurk ek. It lânboubedriuw op Allardseach waard in wichtige boarne fan ynkomsten.
Mei Allardseach as ûnderfiningsplak en foarbyld krigen Frysksinnige jongelju it idee dat de folkshegeskoalle in middel wêze koe om it Frysk en de Fryske identiteit ûnder de oandacht te bringen en út te bouwen. Yn 1939 namen Heine van der Molen, Douwe Tamminga en Marten Scholten it ynisjatyf ta de oprjochting fan de stifting Fryske Folkshegeskoalle. Tamminga hie doe al goede kontakten mei de Deenske folkshegeskoalle fan Hoptrup (Súd-Jutlân), dêr’t er op in fytstocht troch Denemarken bedarre wie en yn de winter fan 1934-35 assistint-lieder waard. De nije stifting hie earst noch gjin eigen plak. De aktiviteiten, mei Frysk as fiertaal, waarden yn Allardseach organisearre.
Halbe Doele, dy’t yn Allardseach wurke hie, wie nei de oarloch de organisator fan simmerkampen foar it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein op Skylge. Tidens it twadde kamp yn 1947 waard it bunkerkompleks tsjin it bosk by Hoarn ûntdutsen. Dat wie it ideale plak. De Stifting Schylgeralân waard oprjochte en it terrein oankocht. De Fryske Folkshegeskoalle wie los fan grutte broer Allardseach en organisearre syn kampen tenei op Skylge. It is de lêste folkshegeskoalle dy’t noch bestiet.
Fan beide folkshegeskoallen yn Fryslân bestiet filmmateriaal út de earste jierren. Dat is in bysûnder gegeven. Oer Allardseach hat it Fries Film Archief sân filmkes út de jierren tritich en fyftich. Se binne inkele jierren lyn troch bemiddeling fan histoarikus Johan Frieswijk by it Fries Film Archief ûnderbrocht. Frieswijk skreau, tegearre mei Maarten van der Linde, it boek De Volkshogeschool in Nederland, 1925-2010 (Hilversum, 2013). Fan de kampen op Schylgeralân en it begjin fan de Fryske Folkshegeskoalle op Skylge hat it filmargyf trije filmkes. Se binne makke troch Jan Bean Singelsma. Ut al dizze filmkes hat Rik Klaver fan it filmargyf in koarte kompilaasje makke.
Kategory
Tags
Allardseach, Douwe Tamminga, Fries Film Archief, Halbe Doele, Heine van der Molen, Jarig van der Wielen, Johan Frieswijk, Maarten van der Linde, Marten Scholten, Rik Klaver, Skylge, Syds Wiersma
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Essay,Reisferslach,Skiednis
KERST HUISMAN - Fjouwer maaie: dat doch ik allinnich thús. Ik doch oan de kollektive deadebetinking al jierren net mear mei nei’t al sawat fjirtich [...]
ERNST BRUINSMA - Sytse ten Hoeve, fanôf 1976 wurksum as direkteur fan it Skipfeartmuseum yn Snits, naam op 17 desimber ôfskie. It wie in sfearfol [...]
Kategory: Literatuer,Skiednis,Ynterview
ERNST BRUINSMA - Hendrik ten Hoeve (1945) is ûnderwizer, ferteller fan ferhalen en al sûnt 1974 lid fan de gemeenteried yn Ljouwert. Hy is in [...]