It Alfabet-projekt

Tiid foar in update. It nije Alfabet kriget stadichoan syn foarm. Underwilens hawwe wy fan inkelde Alfabet-keunstners al in definityf einbyld ûntfongen. Sadra’t alle letters klear binne, sil it nije alfabet presintearre wurde op in Moanne-Live eskposysje. Dêrneist binne wy fan doel om it nije Alfabet ôf te printsjen yn de papieren útjefte fan de Moanne.

Wy hoopje ynkoarten ek de lêste digitale ynstjoerings foar it Alfabet-projekt op ús webside te presintearjen. Underwilens wurkje wy achter de skermen hurd oan it finen fan in geskikte eksposysjeromte. Yn it dossier ‘Alfabet Projekt’ binne alle ynterviews, fideo’s, sketsen en oare bydragen dy’t oant no ta dien binne, werom te finen. Oant gau!

 

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.