Aldjier

KAREN BIES –  

‘Wilt u de jaarwisseling in alle rust doorbrengen? Boek dan een verblijf in een van onze vuurwerkvrije parken. Ideaal om samen met de kids en de hond veilig oudejaarsavond door te komen!’

Net foar de hûn, want dy ha wy út foarsoarch al noait nommen, mar ik soe der wol 269 euro foar oer hawwe. It liket my hearlik om in pear dagen wintersliep te hâlden yn in lûdsticht hûske op de Feluwe. Mar spitich, ik krij ‘de kids’ net mei. Sy binne gjin bange skiters sa as ik en keapje fan har bûsjild astronauten en hûnderttûzenklappers. ‘Unskuldich’ fjoerwurk, dat it op âldjiersjûn ôflizze sil tsjin de nitraatbommen dy’t de buormannen, folwoeksen keardels, de man in pear bankjes lapt, meiinoar ophelle hawwe út Dútslân of België. Aldjiersjûn, it is de hel.

Aldjiersjûn, it is de hel.

As bern fûn ik it machtich spannend. Earst dat we opbliuwe mochten en fanút de feilige foardoar mei heit en mem nei it fjoerwurk seagen. Yn de jierren santich knalde it lang sa hurd noch net. Letter, dat ik troch de buorren flanearre en mei folle lok en seine tute waard troch myn fjouwer buorjonges. De kater de oare deis hearde der gewoan by, lykas de nijjiersbesites by de beide beppes. Dêr stie de telefysje oan mei it skânsspringen yn Garmisch-Partenkirchen. Op ‘e salontafel in troch beppe mei aaien en augurken opmakke huzareslaadsje dat wy, noch hyltyd mislik, der mar in pear oerkes yn hoegden te hâlden, oant we wer thús wiene.

Aldjiersjûn nei in fjoerwurkfrij park sit der ek diskear net yn, omdat ik net allinnich wêze wol. It leafst soe ik om healwei alven al op bêd krûpe. Mar it sil gean lykas alle jierren. Ik nim middeis al in kalmearjend piltsje en slok it fuort mei wyn en in kâlde oaljebol. Jûns besjoch ik gapjend ien of oare konferense op telefysje en drink my yn foar wat noch komme moat. Yntusken bûtendoar knoopje myn bern it fjoerwurk fleurich oan elkoar en meitsje der miljoeneklappers fan. Sa no en dan rop ik benaud fanút de foardoar: ‘Hâld ferdomme dy feilichheidsbril op!’ Om tolve oere nim ik in glês sjampanje en noch in piltsje, ik lûk in kûgelfrij fest en myn kistjes oan en weagje my nei bûten, dêr’t ik nijjierstútsje sil mei de buorlju. Mar de earste buorman dy’t in nitraatbom ôfstekt, krijt in skop.

Op nijjiersmoarn sil ik myn bern besjen as se noch op bêd lizze, stjonkend nei krûddamp, de eagen feilich ticht en alle fingers der noch oan. Tankber sjoch ik dan nei bûten, dêr’t it skier is fan de rein.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.