‘Aldehûnepraat, âldehûnegeseur!’

HIDDE BOERSMA –

‘Koartby noch sieten omkoal en de frou te praten oer in man út Frentsjer, krekt âlder as omkoal, dy wie in ein gien te fytsen en omfâlen en dea. In moaie dea, seine se doe, sa út it folle libben wei sûnder lijen en ellinde yn ien kear klapboem.’

Ungefear lyksa fûn dichter Piter Yedeman syn ein, al hat men noch besocht om him te reanimearjen. Dat slagge net. Piter Yedema hoecht net mear te prakkesearjen oer syn bestean en it bestean yn it algemien. Al hie er dat faaks mei sûnens noch graach in skoftke dien. Foar it haadpersonaazje út Trinus Riemersma syn op ‘e nij útjûne novelle Libben en dea neffens Jelke Bos, leit dat oars.

 

Hy wie leaver yn frede ferstoarn, mar it is syn baas ek net kwea ôf te nimmen dat er him net deagean liet.

 

Jelke Bos is in âld kreupelbyntige hûn fan wa’t de lea it bejout by it swimmen yn de Skalsumerfeart. Hy fernimt dat it syn ein is en hy fielt dêrmei in ûnbidige frede. Op ‘e wâl stiet syn baas. ‘Dach omkoal,’ tinkt er, ‘ik mocht dy wol lije.’ Omkoal, lykwols, sjocht dat syn hûn fersûpe sil en stapt nettsjinsteande syn sûgige aard it wetter yn en rêdt Jelke it libben. No is Jelke yn fertwiveling rekke oer syn bestean. Hy wie leaver yn frede ferstoarn, mar it is syn baas ek net kwea ôf te nimmen dat er him net deagean liet.

Jelke sit troch syn ûnderfining  ynienen opskipe mei in minske-eftich bewustwêzen. En dat is ferskriklik, want de minske hat oeral mar tinzen by en hy stribbet in hiel libben lang dingen nei. Doe’t Jelke ek inerlik noch in hûn wie, swom er gedachteleas yn ‘e feart en lei er sa mar wat yn it gers. No is Jelke in filosoof yn it liif fan in Labrador, mei in hûnske fariant op Descartes syn cogito ergo sum: ‘Ik rin dus ik bestan, ik yt dus ik bestan’ (side 44).

 

De earste printinge fan it boek yn 2001 hie in oare titel, ‘Tinzen oer it libben en oer de dea’, (en as skriuwernamme stie der Jelke Bos by). Dêrmei wie de ynhâld fan it boek mooglik better ferwurde, want mear as in boek oer de gedachten fan de hûn Jelke Bos is it in filosofyske ferhanneling oer it libben en de dea. De skriuwer hat him ynlibbe yn de hûn om syn krityk op it minskdom skerper te krijen. Mar dat is fansels in ûmooglike opjefte. Ek protagonist Jelke Bos komt ta dy konklúyzje:

‘It ‘hûnske tekoartsjitten’, it is flauwekul. It minsklike nei alle gedachten ek, mar dat leit net yn myn itenspanne, dêr hoech ik my de kiezzen net op stikken te gnauwen.’ (side 42)

Jelke hat ‘in heel gewoan hûnelibben’ laat. Hy hat ‘stapt, omstrúnd, draafd, sneupt, begnúfd en benoaske’. Syn libben hie oars wêze kind as er, bygelyks, yn in oare húshâlding bedarre wie. Mar dy fraach te stellen is de ‘minsklike eigenaardichheid om jin de kop te brekken oer de ûnbarde en ûnbestiene dingen.’ (side 43) En dat wylst de minske de werklikens mar mei ‘in fearnseach’ waarnimt!

Hûnen moatte der neffens Jelke om tinke ‘ierdsk te bliuwen yn al [har] dwaan en litten’ (side 44). Der is mar ien werklikheid. ‘Wat net ìs, ìs net’ (side 44). It tinken kin dêroan neat feroarje.

 

Jelke besiket yn it lyk te kommen mei de wurklikens dat syn baas him út ‘e feart helle, wylst er leaver fersûpe woe. Ungefear sa’t je dat ek moatte as je in trein misse foar in wichtige ôfspraak. De kondukteur seach jo draven, mar blaasde likegoed op it fluitsje. Do kinst dyn tiid fergrieme mei besykjen it ta in ‘útdragene saak’ út te tinken, mar ‘sa fersimpelest en skansearrest de werklikheid’ (side 70).

Jelke Bos leit ús foar om it libben te nimmen sa’t it komt. Hy moast akseptearje dat omkoal him net yn frede fersûpe liet. En no moat er him der by dellizze dat er it mei tinken net glêdstrike kin. Fan in ûnbefangen hûn is Jelke feroare yn in ‘jûnprater’, immen dy’t opskipe sit mei fragen oangeande it bestean.

Nei’t Jelke de dea ôfdriuwen seach, ferliet er it ûnoantaaste paradys fan syn hûnwêzen. Wat goed wie foar omkoal, wie min foar Jelke. Hy kin der hiele jûnen oer stinne en beare, al hat it gjin doel.

 

 

Trinus Riemersma, Libben en dea neffens Jelke Bos; Utjouwerij Elikser, 2017; 72 siden, € 14,50.

Comments
2 reaksjes oan “‘Aldehûnepraat, âldehûnegeseur!’”
  1. Marga schreef:

    Moai Hidde! Ik ha it boekje yndertiid ek besprutsen, noch foar Trotwaer wol’k leauwe…

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.