Alde Friezen en oare Nederlanners

GERBEN DE VRIES – 

Wa’t oan de âlde Friezen tinkt, tinkt miskien oan in ôfskieding fan de Doopsgesinden of oan it folksliet fan dr. Eeltsje Halbertsma. Noch fierder yn de tiid werom kin tocht wurde oan de ‘ferocious Frisian fighters’ út de Midsiuwen. Of, noch fierder yn it ferline, oan de minsken dy’t stadich de earste terpen opsmieten. Fjochters en bouwers dus. Dêr tuskenyn, yn de donkere midsiuwen, stienen de Friezen yn de wrâld lykwols bekind as keaplju. Dat lês ik teminsten yn Michael Pye’s ‘Aan de rand van de wereld. Hoe de Noordzee ons vormde’, in oersetting fan ‘The Edge of the World’ (2014).

Op side 36 wurde de Friezen yntrodusearre, it earst troch Plinius de Aldere yn de 1e iuw nei it begjin fan de jiertelling. De twadde fermelding is sân iuwen letter, troch Radboud, de biskop fan Utert. De lêste skreau lykas Plinius dat dy rare Friezen as fisken yn it wetter libben en inkeld per boat reizgen. Hy fûn it mar rûch, barbaarsk en ôfhâldend folk. Wilens hiene se neffens Pye mar wol moai alle skipfeartferbiningen oer de Noardsee op ‘e nij útfûn. Dy Noardsee waard dan ek in tiidlang de Fryske See neamd. Pye hie der ek op wize kind dat dizze see krekt fanút it hjoeddeiske Fryslân de Noardsee waard, lykas letter de foarrinner fan de Iselmar ek allinne fanút Fryslân wei sjoen de Sudersee wurde koe.

 

Pye hat in moai, hast sjoernalistyk, boek skreaun oer de Noardseekultuer dêr’t de Fryske lannen ek in part fan wiene.

 

Dochs is der wat eigenaardigs mei dy Friezen en mei dat Fryslân fan Pye. Dy Friezen wenje op de ‘schorren’. Yn Noard-Nederlân praat men ornaris fan ‘kwelders’, mar goed. Foar de oarspronklike doelgroep fan lêzers, de Britten, liket my dat tige koart troch de bocht. Dy hawwe tink ik noch noait fan Friezen of Fryslân heard en sille grif witte wolle wêr’t dat folk dan presys tahold. Pye lykwols jout gjin geografske oanwizingen wêr’t Fryslân leit en de Britske lêzer sil sûnder mis tinke dat it eins itselde is as wat men dêr ‘Holland’ neamt. Mei oare wurden, it kustgebiet fan Seelân oant en mei Grinslân. Friezen binne of wienen dus yn Pye’s eagen gewoanwei ‘Dutchmen’.

Dêr falt ek wol wat foar te sizzen. It ‘hertlân’ fan it iere Frisia wie wol it hjoeddeiske Fryslân en miskien nog krekter Westergoa en dat wurdt troch Pye kenlik oer de holle sjoen. Hy sjocht mear nei de gruttere ferbannen en dan komme je al gau by bygelyks Dorestêd út. Dat wie eins ek de iennichste stêd yn dit gebiet. Yn hoefier’t Dorestêd oan de oare kant no krekt in Fryske stêd wie – suver Frysk of mear in grinsstêd – dêr wurdt al desennia lang oer stind en diskusearre. Miskien hat Pye gelyk en makket dat allegear net safolle út. It giet derom dat oan de noardwestlike kusten fan Europa ‘Friezen’ op terpen wennen dy’t yn de perioade fan sljochtwei 600 oant 800 as de frachtfarders fan noardlik Europa beskôge waarden. Sterker noch, de oantsjutting ‘Fries’ wie yn dy tiid fakentiids net in etnyske oanwizing mar in synonym foar ‘keapman’. Dat seit himsels genôch.

Dy keaplju krije fan Pye in soad eare. Hja fûnen neffens him it brûken fan jild as betel- en ruilmiddel op ‘e nij út. Nei de Romeinske tiid hie der op dat mêd lange tiid in fakuüm west en wie der amperoan sprake fan ynterlokale hannel. De Friezen folden dat gat troch mei har boaten nei Ingelân te farren, nei Denemarken en Frankryk en oer de rivieren nei de Dútske lannen. De taal fan de Friezen like in protte op dy fan de Saksen en dêrmei ek de Angelsaksen. Ik haw ris in ûndersiker fan Papoeatalen heard dy’t mei in nije teory kaam. Hy gie net út fan oerâlde stamwurden foar allegear saken. Krekt troch ûnderling kontakt waarden nije (hannels)wurden hiel hurd yn oare talen opnaam en dêrtroch lykje dizze talen en dêrmei ek de stammen besibbe. Dêrom is der faaks ek net sa’n grut ûnderskied tusken it Frysk en it Nederlânsk fan no.

Om 800 feroare de wrâld fan Noard-West Europa. Fanút it noarden plunderden en feroverden Fikingen talleaze lannen, al duorre dy ‘besetting’ meastentiids net sa lang. De driging út it suden wie grutter. It Frankyske keninkryk wreide him hieltyd mear út, ek yn de rjochting fan de Fryske lannen. Hoewol’t hjir ea keningen west hawwe, hie Frisia om 800 hinne gjin ferwar tsjin it militêr sterke, sintralistyske Frânske ryk ûnder Karel de Grutte. De takomst wie oan gruttere machten, oan de stêden en oan it skrift. En ek it ‘hillige skrift’ fansels. De tiid fan de autonome Fryske keaplju fan de terpdoarpkes wie foarby. Pye hat in moai, hast sjoernalistyk, boek skreaun oer de Noardseekultuer dêr’t de Fryske lannen ek in part fan wiene.

 

Michael Pye, ‘Aan de rand van de wereld. Hoe de Noordzee ons vormde.’ De bezige bij, 416 siden. €29,99

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.