Achterlik Fryslân

EELKE LOK – 

It is eins net earlik dat Ernst Bruinsma my frege hat in resinsje te skriuwen fan Douwe Koostra syn nijste boekje Achterlik Fryslân. Allegearre kollums …

… Hea. Douwe skriuwt foar op syn boekje yn it Frysk ‘columns’.  It is dochs kollums? Op ‘it each fan eelke’ hiene we it oer kollums. Mar nee, de staveringshifker wiist út dat as je kollums skriuwe, dan soenen je kollum-ist wêze. En da’s ûnsin. Je bin columnist. Dan skriuw je dus ek columns …

… oer it fryske gea yn opdracht fan it Fryske Gea. Eartiids hie Douwe Kootstra, en trouwens ek Johan Veenstra, in column foar Omrop Fryslân radio. Tusken de middei. Dêr hâlde de redaksje nei in tydsje wer mei op, yn de langst om hieltyd programma’s te wizigjen. Doe ha ’k yngrepen en beide yn ‘it Wapen fan Fryslân’ setten, it politike radioprogramma op de freedtejûns. Rjochtstreeks. In pôle publyk elke kear. Johan en Douwe diene om de wike. Mar it ferskilde net, se wiene beide sa senuweftich as de pest. Fregen faak: wolst dy column earst ek efkes hearre? Nee. Jim bin ferantwurdlik foar jim eigen ferhaal. Johan wie en is leaf, mar by Douwe ha guon lju wolris mei taknypte kont nei de column harke. Mar se seine neat. Want de columnisten krigen gol applaus fan dat publyk. Dy fine de columns altyd moaier as de lju dy’t bepraat wurde.

 

‘Wat ha je oan ‘moderne duurzame’ wenningen yn in doarp, dêr’t de minsken geregeld lêst ha fan lânskipspine.’

 

Fan Johan en Douwe ha ’k leard hoe’t je dat yn inoar skriuwe. En hoe’t je se foardrage moatte. Dat is in apart keunstke. Ien fan de bêste columnisten fan Fryslân, Bonne Stienstra, kin se bygelyks net foardrage. Hy hat gelyk, want in column is in skreaun stikje. Mar minsken kin no ienris better harkje as lêze. Douwe is foar it oare master yn skriuwen én foardragen. Myn learmaster. Hoe kin je dan objektyf wêze

Boppedat, ik fret altyd graach lytse koekjes. Dêr wie Paulus Akkerman al mei begûn doe’t ik noch amper berne wie. Syn ‘Piper en sâlt’- stikjes fan Frysk en Frij bin ek bondele. At je dy liezen, hiene je wille. ‘Hy gappe him de mûle út de heakken’, in útdrukking dy’t je nea ferjitte. Rink van der Velde hat it ek dien. Eins wiene dy syn Bokwerder ferhaaltsjes al wer folle mear in oanfal op dy ferfelende oerheid. Dat die Paulus noch net, dat hearde doe noch net sa.

Douwe Kootstra docht it wol. Fan 1999 ôf hat hy columns skreaun foar it magazine (al wer sa’n lillik Frysk wurd) fan it Fryske Gea. Dy columns bin no sammele yn in boekje. Mei as titel Achterlik Fryslân. Dat bringt je wol wat op de doele. Want Douwe fynt Fryslân net altyd efterlik, it is inkeld de titel fan ien columnke. Oer dat de deputearre hjir tinkt dat at je rôffûgels ôfsjitte, dat dêrmei de ljippestân rêden is. Douwe hâldt net fan deputearren, aaisikers en jagers. Dat blykt aloan mar wer yn dy column-kes. Se komme oan sýn natuer.

Douwe syn natuer leit foar it oare oer de hiele wrâld hinne. Hy reizget hiel wat ôf. Dêr skriuwt hy oare boeken oer. Mar hy lit de minsken fan it Fryske Gea hieltyd wol merkbite dat der folle mear is, as inkeld dy natuer fan Fryslân. Dy’t hy wol moai fynt, mar se klauwe der te bot oan om. Je soenen sizze dat rint as in preek yn in âlderling by de Fryske Gea leden, mar dat is net altyd sa. Se ha dêr sels wol wat leden ferlern fanwegen Douwe syn ‘geseur’. Sa neame dy fuortgeande leden dat, wylst wy it ha oer Douwe syn miening.

Oan de oare kant hat hy fansels ek in soad kredyt. Om’t hy sa goed wit en goed en moai beskriuwe kin, hoe’t de natuer yn inoar sit en wat dêr moai oan is. Hy sjocht sa’n soad ferskate dingen, dy’t de measte lju net iens merkbite. Floara en fauna yn de natuer, elanden yn National Parks of de katten thús, hy bringt se yn lytse sintsjes ta libben. Sa no en dan wie ’k suver nijsgjirrich en dan socht ik yn de fûgelboekjes op hoe’t de hoarnûle der ek al wer útsjocht.

Boppedat reizget Douwe in soad, mar hy hat in hekel oan auto’s. Dêrmei is hy him mear bewust fan it miljeu as de measte Fryske Gea-leden. Hy rint, hy fytst. En hy nimt it iepenbier ferfier. Mar dan rint Douwe dus wer oan tsjin de oerheid, dy’t mar net soargje kin dat soks in bytsje goed en foldwaande is. Wis yn Fryslân net. Dy selde oerheid dy’t aaisikers, jagers en boeren mar ek natuerorganisaasjes mar har gong gean lit. At hy dat beskriuwt, en hy docht dat alle geduerigen, wurdt hy wer in grimmitich wâldmantsje. Sokken sizze net ‘dat is djoer’. Nee dy sizze en skriuwe: ‘dat is rottekrûddjoer’. Sa krij je dan dochs wer in glimke wille as lêzer. Moai dat dy 17 jier columns skriuwen yn in boekje set is. Je komme saken tsjin dy’t je net iens mear wisten, mar dy’t yndertiid wol deeglik opskuor joegen. Yn elk gefal by Douwe. Mar ek wol by ús.

Douwe Kootstra beskriuwt yn syn eigen stavering achterlik Fryslân as in werklik skitterjende wrâld, wêryn lykwols minsken libje dy’t wol wat better kinnen hiene. De alderlêste rigel út syn absolute wierheid fan 17 jier column-kes skriuwen yn it magazine fan it Fryske Gea. En dy is al hiel âld mar ek wer altyd nij:

Wat ha je oan ‘moderne duurzame’ wenningen yn in doarp, dêr’t de minsken geregeld lêst ha fan lânskipspine.

 

Douwe Kootstra, Achterlik Fryslân. It Fryske Gea, Beetstersweach 2016. € 7,50. Sjoch ek: http://www.douwekootstra.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.