Abe!

BARELD DE VRIES –  

Op ‘e freonejûn fan 1 juny 1995 kaam eins al in sinjaal dat de kaartferkeap stûke.

In slutingsdatum fan reservearjen waard opskood. Hans Wassmer – saaklik lieder doedestiids – hie al syn registers iepenlutsen om it ‘Spektakel’ breed yn ’e publisiteit te setten. Abe! moast slagje en yn in ier stadium fan de realisaasje kamen sifers oer besikerstallen te optimistysk yn prognoazes.

De komst fan Jos Thie mei syn artistike kwaliteiten en besieling helle Tryater yn lyts oardel jier út ’e nederklits. Dy omslach makke ik mei as ‘freon’ en nij lid fan it bestjoer. Wy krigen gâns foar de kiezzen, hiene it dreech. Der moast saneard wurde en we moasten tagelyk in slach meitsje nei mear en breder publyk. It bestjoer joech romte oan de ynspirearjende Thie, dy’t mei gefoel foar minsken syn draai te pakken krige. De skathâlder hie noed: jild wie der te min. Mar Abe! soe Tryater yn Nederlân kultureel op ’e kaart sette en fluensk praat oer ‘dat toaniel yn it Frysk’ útbanne.

It is 1995; de fuotbalklup Heerenveen bestiet 75 jier. It earste seizoen yn it nije Abe Lenstra Stadion rûn as ’t spoar. No in jubileum en de kâns om dy legindaryske fuotballer yn in folslein fernijend teaterspektakel histoarysk del te setten. It plan paste prachtich yn it program fan it Frysk Festival, dat ûnder it biedwurd Salut au monde – de titel fan in gedicht fan Walt Whitman – presintearre waard. Mei it lûd fan Tsjêbbe Hettinga yn it Fries Museum bliuwt dat bysûndere gedicht myn ûnferjitlik begjin fan in spannende perioade.

Sa’n festival, mar ien kear yn fiif jier en fuort de fraach: ‘Hoefolle mei it kostje; hoe slute wy risiko’s út…’

Abe! is djoer en wurdt apart ûnderbrocht yn in nije stifting.

De earste wike fan july sitte de bestjoeren fan ‘Stifting’ en Tryater mei it swit yn ’e hannen om ’e tafel. Alle foarwurk hat saaklik te min opsmiten. Minimumdoelen fan kaartferkeap binne lang net helle.

It is freedtemoarn de sande, njoggen oere. Der moat in beslút falle: no der mei ophâlde en de skea nimme of trochsette mei de kâns op in ramp yn ’e finânsjes. De arguminten foar en tsjin de opsjes wurde op ’e nij hifke. Kin der noch skrast wurde yn guon kosten… In útfiering falle litte… Der komme mooglikheden om yn ’e promoasje mear minsken te winnen… Aansens, mids augustus, ha wy de fakânsjes hân; it fuotbaljen begjint; der komt praat oer Abe! en in trochbraak sil folgje. Hoefolle emosjonele skea ûntstiet, as wy dit enoarm útdaagjende spektakel no sjitte litte?

De telefoan rattelet allegeduerigen. In grut tal minsken is al fûl dwaande; harren entûsjasme hat jin yn ’e besnijing. Ophâlde en in brek riskearje mei kreatyf inisjatyf foar de takomst? Myn ‘nee’ dêrop bliuwt stean. Guon rinne hinne en wer of lynje op ’e bekling fan in stoel. Dan falt de fraach; it antwurd folget: in mearderheid set troch. Jos Thie ‘sitearret’ út syn draaiboek. It patroan leit fêst; de figuranten kinne komme.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2005) 7 (septimber) s. 17.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.