Abe!

JOHANNEKE LIEMBURG – 

Abe! wie de bydrage fan Tryater oan it Frysk Festival fan 1995. Om’t it in bûtengewoane produksje wie fan de nije artistyk lieder Jos Thie, rôp it Tryaterbestjoer in aparte stichting yn it libben mei in gelegenheidsbestjoer. Ed Bausch waard skriuwer, Roel Vogelzang skathâlder en ik foarsitter. Nettsjinsteande de grutte belangstelling yn’t foar fan de lanlike en provinsjale parse, duorre it lang ear’t it publyk yn ‘e gaten hie dat der wat bysûnders barre soe yn dat nije stadion fan SC Heerenveen; te lang. Teaterleafhawwers woene net nei in fuotbalwedstryd en de holle fan fuotballeafhawwers stie net nei teater. Boppedat waard de bân mei it Frysk Festival ús sawat fataal. De taseine sponsorbydragen kamen net. De foarstelling sels waard in grut súkses en efternei hie de lêste foarstelling, dy’t om de skulden net noch mear oprinne te litten skrast wie, maklik trochgean kind. Folle mear as in stadion fol minsken hie efternei graach nei Abe! wold. Hiene se de kâns krigen, dan hie Abe! net allinne in artistyk súkses west, mar ek in finansjeel.

De skande fan in fallissemint is ús mar krekt besparre bleaun. Dat is te tankjen oan ien man, in Cambuurfan dy’t de foarstelling net iens sjoen hie, mar dy’t sei: ‘Dizze skande kinne wy Abe Lenstra en Fryslân net oandwaan.’ Hy kloppe mei in pear maten Jan en alleman it jild út ‘e bûse, sadat de skuldeaskers tefreden steld wurde koene en de Stichting Stadionproductie Abe! krekt net fallyt gie. Reitze Ketellapper is syn namme en hy komt fan Koarnjum. Nochris hulde oan dy man.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2005) 7 (septimber) s. 25.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.