Kûbaard Kultureel Haaddoarp 2018

Noch mar sân jier en dan is it safier. Nei Istanboel, Pécs en Essen yn 2010, Turku en Tallinn yn 2011 en stêden as Marseille en Riga sil Fryslân yn 2018 de kulturele haadstêd fan Europa wêze. Yn dat jier sil bliken dwaan dat de Nederlânske konkurrinten De Haach, Utert en Maastricht net tsjin de stêd Fryslân op koenen.

Sis net dat Friezen net dreame kinne. Sis net dat wy net doare. Mar deputearre Jannewietske de Vries sei by de start al dat de wei nei 2018 wichtiger wie as it doel sels. Leaude sy wol echt yn de missy? En kin allinnich de wei nei 2018 ynspirearjend genôch wêze om de konkurrinsjeslach mei de oare gadingmakkers te winnen?

It probleem mei dit projekt sit him lykwols yn hiel wat oars.

Us provinsje as in stêd del te setten is sawol histoarysk as kultureel net serieus te nimmen. Fryslân hat mar ien kultureel sintrum fan kwizekwânsje en dat is Ljouwert. Troch Fryslân nei foaren te skowen, litte wy foaral sjen sels it ferskil tusken stêd en plattelân net te erkennen.

Is dat net krekt ien fan de wêzentlike problemen fan ús kultuer, dy’t troch de identifikaasje mei it Frysk sûnt de 19de ieu foaral in plattelânskultuer wurden is?

Mei in trúk makket de provinsje him fan dit probleemke ôf. Ien fan de Fryske stêden sil it bidbook ynleverje út namme fan de regio. Wy moatte dus noch mar ôfwachtsje oft dat aanst net Drylts of Warkum is. De provinsje hat it fansels oer de ferbining tusken stêden en de omjouwing. Mar is de stedskultuer dan itselde as de Fryske plattelânskultuer? Of moat Fryslân himsels op ‘e nij definiearje as ien grutte parkstêd, lykas Huub Mous graach wol? Neffens him spilet de tradisjonele tsjinstelling tusken stêd en plattelân gjin rol mear. Yn Fryslân liket my dy stelling op dit stuit noch in foarm fan polityk korrekt winsktinken.

Sa as sa faak it gefal is, kin Fryslân gewoan net kieze. It begjinsel fan de ‘verdelende rechtvaardigheid’ sit yn de genen. Yn 2018 wolle wy gjin ferskil meitsje tusken stêd en plattelân, en moat de stêd it op ‘e nij belije, lykas dat yn ús provinsje al ieuwen giet.

As Ljouwert sels dan gjin perfoarst kulturele haadstêd wurde kin, doch dan wat oars. Kies dan planút foar in nije oanpak. Rop it warbere keunstnersdoarp Kûbaard, 270 ynwenners, út ta Kultureel Haaddoarp fan Nederlân. Dy titel is noch frij, en hat oer sân jier mear kâns fan slagjen as Fryslân Kulturele Haadstêd.

Jan Folkerts

Comments
2 reaksjes oan “Kûbaard Kultureel Haaddoarp 2018”

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.