Moardstrip

Publisearre op 3 februari 2011

MARIEKE VINCKERS –

Foar grafysk ûntwerper en striptekener Richard Bos jildt itselde as foar striptekener Charles Guthrie: beide ha se net foar it fak leard, striptekenjen sit har gewoan yn it bloed. Tegearre wurkje se oan in projekt fan Aed Levwerd. De feriening jout yn febrewaris in boek út oer de moard op Jan Wielinga. It ferhaal spilet him ôf yn de jierren tritich fan Ljouwert en is neffens de striptekeners wier te mâl foar wurden.

Yn de earste rûge sketsen foar it tekenprojekt fan Aed Levwerd (Ljouwerter Histoaryske Feriening) dy’t Richard oan Charles joech, is te sjen hoe’t de strip derút komt te sjen. Teminsten, ien dy’t der each foar hat. Striptekener Charles Guthrie: “Ik heb liever zo’n ruwe schets dan een geschreven verhaal. Op deze manier krijg ik het direct beeldend voor ogen en dat kan ik vertalen naar een strip.” De ûnderlinge ferdieling binnen dit projekt wie dêrom goed. Bos die de foarstúdzje, Guthrie makke der in strip fan.

Striptekenjen
Oer dat striptekenjen falt earst noch wol wat te sizzen, foardat wy djipper yngeane op dat ferskriklike ferhaal fan Jan Wielinga. De hegeskoalle foar de kuensten yn Swolle, ArtEZ, startte ûnder lieding fan striptekener Hanco Kolk yn 2009 de earste foltiid stúdzje foar striptekenjen: Comic Design. De tekener joech dermei in sinjaal ôf dat de kuenst fan kartoons meitsjen yn Nederlân net serieus genôch naam waard. Hy woe jong talint mear profesjonele begelieding jaan.

Yn juny 2010 joech Kolk tegearre mei Arnon Grunberg in strip út oer de skriuwer. Hy ‘ferstripte’Grunberg’s literêre reisferhaal nei Bagdad (Paranoia yn Bagdad, útjûn yn striptiidskrift Eisner, útjouwerij Podium, juny 2010). De skriuwer wie dêrmei neffens de útjouwer de earste yn Nederlân dy’t himsels ferivigje liet yn in kartoon. Sa’n literêr ferhaal wurdt op in oare wize ferteld troch der in strip fan te meitsjen. Der wurdt daliks in oare belibbingswrâld kreëard. Dat is ek it doel west fan Aed Levwerd, dy’t mei it ferhaal op de moard op Jan Wielinga fertelle wol oer de sosjale skiednis fan Ljouwert.

Projekt Aed Levwerd
De dea fan Jan Wielinga, dy’t troch Fenno Schoustra yn it boek ‘Moard en deaslach yn Fryslân’ beskreaun wurdt yn in rige fan wûnderlike misdriuwen út de Fryske skiednis, is troch skriuwer en literêr kritikus Hylke Tromp fertaald nei in histoarysk, sosjaal ferhaal. Hy skreau dêrneist in ballade dy’t troch Wiltsje fan Peazens song wurdt. Tegearre mei de strip fan Charles Guthrie en Richard Bos, foarmet it gehiel in trijelûk fan ferskillende kuensten. Mei dizze públikaasje jout Aed Levwerd tagelyk trije visies op dit histoaryske barren.

It is júst dy frijheid om in eigen visie te kreëaren op it ferhaal, dy’t de striptekeners Bos en Guthrie sa oanspruts. Bos makke him de mateerje eigen doe’t hy yn Tresoar de histoaryske stikken oer de moard bestudearre. Wylst hy oan’t lêzen wie, foarme hy al geande in byld fan de strip. De moard op Wielinga fûn plak yn de jierren tritich, mar de rjochtsaak kaam pas tweintich jier letter. De stensils dy’t Bos yn hannen hie, stamme dus út de jierren fiiftich. “Ik heb het meerdere keren overgelezen en kon er met mijn hoofd niet bij”, fertelt Bos.

Famylje drama
It ferhaal spilet him ôf yn de Keetbuurt. Wêr’st no oer it spoar riidst by de Ljouwerter Krante oan de Oostergowei, dêr wie eartiids in feart. Oan dizze feart libbe de famylje Wielinga yn grutte earmoed. Net alle bern dy’t frou Wielinga berne, bleaunen yn libben. De dochters kamen op jonge leeftiid yn de prostituusje terjochte, de jongens waarden lytse kriminelen en heit sloech him al sûpend troch de ellinde.

Oan dizze misêre beslút frou Wielinga in ein te meitsjen en fynt dat it tiid wurdt har man te fermoardzjen. “Maar dat is het bizarre van het verhaal,” fertelt Bos, “ze praat daar gewoon met iedereen over. Ze werkte in een apotheek en uit getuigenverslagen blijkt dat ze daar gewoon heeft gevraagd wat je het beste kunt gebruiken om iemand dodelijk te vergiftigen. Als de vrouw later opgepakt wordt door de politie, dan denkt ze ook nog dat ze verraden is door iemand!”

It is dit ûnwerklike diel fan de situaasje, dy’t de striptekeners brûkt ha om harren ferhaal te meitsjen. Guthrie: “Die vrouw spoorde niet, zoveel was ons duidelijk. Als je zoiets verstript, dan wordt het zwarte humor. Je moet erom lachen, terwijl je weet dat het bittere ernst is.” De strip is eins noch netsjes yn fergelyking mei wat de tekeners oan histoaryske feiten ûnder eagen krigen ha, sizze se.
De strip is echt hantwurk: nei’t Bos de rûge sketsen makke, hat Guthrie sa’n seis moanne wurke oan de tekeningen. Dêrnei hat Bos alles mei filtstiften ynkleure. Oan’t it momint dat alle bledsiden scand wurde, komt der gjin kompjoeter by te sjen. Beide tekeners jouwe de foarkar oan dizze ambachtlike wurkwize, al jouwe se ta dat mei digitaal ynkleurjen oare effekten mooglik binne: oare kleurstellingen en mear 3-dimensjonaal wurk. Guthrie: “Striptekenen blijft handwerk.”

Autodidakt
Sawol Bos as Guthrie is autodidakt. Se hawwe harsels it fak eigen makke troch, miskien wol krekt as eltsenien, eartiids yn de kantline fan harren skriften popkes te tekenjen. Mar der binne net folle yn Fryslân dy’t fan dy hobby harren wurk makke hawwe. “In Friesland bestaat niet echt een strip-scene”, fertelt Bos. “Dat komt misschien ook omdat er hier geen opleiding voor is.”
De merke foar wat sy dogge is yn Fryslân mar lyts, it is lestich om wurk te krijen. Búten dat is der in soad feroare yn de wrâld fan it striptekenjen. Wêr’t yn de jieren tachtich strips as Lucky Luke en Jan, Jans & de kinderen in sukses wienen, is dat yn it digitale tiidperk foarby.

Neffens Guthrie betsjut dat net dat striptekenjen in útstjerrend berop is, mar allinne dat de animo foar ‘graphic novels’ hieltyd lytser wurdt. Bos makket as grafysk ûntwerper mear illustraasjes foar opdrachtjouwers, dan hiele stripferhalen. “Ik vind dat mooi werk, om in één beeld alles weer te geven.” Júst dat fynt Guthrie lestich. “Ik kan pas een sfeer scheppen, als ik meerdere platen gebruik.” Hy tekent dan ek leaver paginastrips, foar bygelyks it magazine ‘Meiden’.

It projekt fan Aed Levwerd wie foar Guthrie dan ek in moaie útdaging, om’t it in langer ferhaal oanbelanget. Op basis fan âld fotomateriaal koe Guthrie it byld sketse sa’t it der yn de jierren tritich útseach. De stank dy’t der om’t hûs hingje moatten hat, koe er net tekenje. Wol de fertuteaze omjouwing en de smoargens. Brutsen rúten en kapotte dingen. Frou Wielinga dy’t it plan makket foar de moard is yn de strip in dik, ûnsjoch âld wiif. Bos laket: “Dat hebben we niet zelf bedacht, dat staat allemaal beschreven in de historische stukken”.

 

‘Het tubetje van Cath’ beljochtet it ferhaal oer in moard yn de jierren tritich fan de foarige ieu yn ’e Keetbuert fan Ljouwert. Neist de strip fan Richard Bos en Charles Guthrie skreau Hylke Tromp op basis fan argyfûndersyk nei de moard in sosjaal-histoarysk ferhaal en in humoristyske ballade. De muzikale útfiering fan it liet is yn hannen fan Wiltsje fan Peazens.

Nei oanlieding fan dy útjefte skreau teatermakker en dramadosint Gooitsen Eenling in ynteraktyf toanielstik oer de moard, dat spile wurdt troch dramastudinten fan ROC De Friese Poort. De foarstelling reizget fan 1 maart oant en mei 1 july troch de provinsje. Reservearje kin fia gooitsen@hetnet.nl.

It boek ‘Het tubetje van Cath’ (mei cd) wurdt op 7 febrewaris presintearre op ROC De Friese Poort en is te keap by it HCL en ferskate boek- en stripwinkels.

Het tubetje van Cath. Aed Levwerd € 14,50


oersetting: Nynke van der Zee

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels