Wa’t net lêst, moat net lekskoaie

Publisearre op 31 januari 2011

Yn it Frysk Deiblêd fan 22 jannewaris stiet in besprek fan Arjan Hut syn poëzijebondel Tin, in hecht komponearre bondel dy’t ik mei nocht lêzen ha, lûdop om op dy manier de muzikaliteit fan de fersen safolste mear har gerak te jaan. It hat my dan ek ferbjustere dat it besprek sa negatyf útpakt. No mei de besprekker fan it wurk fine wat er fan it wurk fynt en as skreaun wurdt ‘geweldich, lêze dy bondel’, akseptearrest noch wol dat de besprekker gjin wurden hat om syn fyzje op it wurk út te drukken, mar seker as it negatyf útpakt, moat de argumintaasje helder wêze, sawol foar de lêzer fan it Deiblêd as nei de oanbelangjende dichter ta. Troch Van der Wal syn systematysk ûnfermogen ta argumintaasje ferwurde syn resinsjes lykwols ta middelbere skoalle-opstellen. Dat is ek yn dizzen it gefal, mei reden om mei in reaksje* op it besprek te kommen.

Neidat de resinsint opneamd hat wat Hut op it mêd fan de literatuer dien hat, sinjalearret er dat de bondel yn fjouwer skiften yndield is. No kin elkenien telle, mar it tal op himsels is net nijsgjirrich. It giet der om te beskriuwen wat yn de skiften dien wurdt, wat de tematyk is, oft der in reade tried yn sit, of krekt net. Spitigernôch mist dy ynformaasje folslein. Ek de opmerking dat Hut syn fersen ‘eigenaardige’ titels ha – ‘!!!’ bygelyks – kin de lêzer fan it besprek neat mei want titels binne by definysje eigenaardich ast dy los fan it fers lêst. Van der Wal komt mei in bewearing, mar giet net yn op de ynhâld fan de fersen wêrfan’t er de titels neamt, blykber mei de lêzer net witte wat der sa ‘eigenaardich’ oan is.

As Hut wurden en rigels ynspringe lit en spaasjes tusken de letters set, beneamt Van der Wal dat as ‘typografyske eksperiminten’. Hy brûkt dy typearring om de dichter, as wie it in snotbongel fan fjirtjin, in ringel om de earen te jaan troch derop te wizen dat, ûnder mear, Paul van Ostaijen soks folle earder al die. Wa’t it wurk fan Van Ostaijen en de oare neamde dichters ken, beseft daliks dat Hut op dat mêd hielendal net eksperimintearret, net yn de sin fan neibouwe en likemin yn de sin fan ‘it tsjil op ’e nij útfine’. It liket der net op en it is dan ek spitich dat Van der Wal him net ôffreget wat de rol fan de ynspringings en spasearring hjir wêze kinne soe. Giet it misskien om in lêsoanwizing, sa’t ek wytrigels en ynterpunksje dat binne? Mar as in dichter punten set – of júst net, skriuwst toch ek net dat er it tsjil op ’e nij útfine wol?

Dêr komt by dat Van der Wal sels fan dat iene sitaat dat er opnimt de strekking net begrypt. It giet om it folgjende:

do praatst mei kollega’s út in dream

in plakette op in prachtige karriêre

herinnert dy oan dat iene

like moaie

gedicht

o e r        de       stjerren

neat stiet dy yn it paad


Hy beweart dat Hut it oer de grutte yndruk dy’t de stjerrehimel op him makke hat, mar dat it him oan taalmacht ûntbrekt, mar hy lêst ferkeard en hat dus net it rjocht om te lekskoaien. Hut hat it nammentlik hielendal net oer de stjerrehimel en sa stiet it der ek net. Der stiet: ‘dat iene like moaie gedicht oer de stjerren’. It gefolch is dan ek dat Van der Wal de yntertekstualiteit yn dizze rigel net beneamt, ek net beneame kin, want dêrfoar moat er net allinne lêze, mar ek it oare wurk fan dizze dichter derby helje.

Fierder hat de besprekker gjin hâldfêst, seit er, en kin er gjin djippere gedachte ûntdekke. Nei de deiblêdlêzer ta wurdt lykwols net helder makke wêrom’t dat sa wêze soe. Op ’e nij – it wurdt wat in ridel – gjin inkeld argumint, gjin inkeld foarbyld.

‘Wat men net ferstanlik begripe kin, moat men net ferstanlik begripe wolle,’ sei Trinus Riemersma koartby, by de presintaasje fan it sammele wurk fan Steven de Jong, en miskien jildt dat ek foar in part fan Hut syn bondel. Mar Van der Wal besiket net iens oan te toanen op grûn wêrfan’t er syn útspraken docht. Moat de lêzer it allegear samar leauwe?

De resinsje wurdt ôfsletten mei skoalmasterachtige goerie oan de dichter. Net allinne heart soksoarte betutteling net yn in boekbesprek, ik soe ek net witte wêrom’t de strakke foarm it primaat ha moatte soe en wat by it skriuwen de mearwearde wêze soe fan it bestudearjen fan de ynternasjonale skiednis (!) fan de poëzije. Jou my mar it eigen lûd fan in dichter en as der ien is dy’t in eigen lûd hat, is it Arjan Hut wol. Yn dy sin is it spitich dat der gjin CD mei foardrachten by Tin sit.

Elske Schotanus



* Omdat it besprek yn it Frysk Deiblêd ferskynd is, is de reaksje dêr hinne stjoerd, as ynstjoerd stik. Mei it sizzen dat elk besprek by definysje subjektyf is, hat de redaksje wegere it te pleatsen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels