Leafdedea: reaksje Josse de Haan

JOSSE DE HAAN –

Yn maart 2010 krige ik fan Utjouwerij Elikser yn Ljouwert de fraach oft ik tastimming jaan woe foar it opnimmen fan myn neiskrift yn de twadde printinge fan de roman leafdedea (KU, ’94) foar in nije printinge dy’t Elikser yn gearwurking mei Tresoar utjaan soe yn 2011.

Yn maaie 2011 lies ik op Sirkwy fan Tresoar dat it boek ferskynd wie. Ik hie nea wer wat heard. It lef om my te skiljen ûntbruts. Frou Agnes Caers hat in neiskrift skreaun, en de besoargers – Frou A. de Jong, en Hear T. Oppewal fan Tresoar – hawwe der in nij einhaadstikje oan tafoege. Alle ferwizings yn en bûten it boek nei it surrealistysk boartsjen dêr’t de KU de twadde printinge yn pleatst hat binne weimoffele.

Ik wie ferbaasd, en bin noch ferbaasder wurden nei myn ûndersyk en fergelykjen fan de fjouwer utjeften – trije Frysktalige en ien Frânsktalige. Tresoar hat meiwurke oan it opskjinjen fan ien fan de wichtichste utjeften ut begjin sechtiger jierren.

Neffens de neiskrift- skriuwster Frou A. Caers wie it boek rjochte TSJIN it modernisme, en net lykas de skriuwer homme eernstma, quatrebras, de KU en de besoargers fan de twadde printinge Trinus Riemersma en Josse de Haan mienden in belangryk wurk FAN it modernisme – it boek is skreaun fanut de surrealistyske tradysje. Frou De Jong hat it idee fan Frou Caers yn har artikel yn hjir-2001 streekrjocht oernommen, en no as besoarchster realisearre, ûnder tafersjoch fan Tresoar.

 

 

I. Leafdedea – ynfloed Frânske surrealist
De lytse roman leafdedea fan homme eernstma/earnstige man (anagram foar nomme heemstra, c.q. Feije Sixma van Heemstra, 1916-1999) is útjûn yn 1963 troch it tydskrift quatrebras. Fedde Schurer makke him oer ‘dit wurdbraaksel dat ik graach oan pathologen oerlit’ tige lulk (De Tsjerne-1964). De roman krige gjin kâns, omdat ‘alles wat de jonges fan quatrebras diene heechhertich negearre waard’ (Trinus Riemersma op de achterflap fan de twadde printinge yn 1994), en rekke yn it ferjitboek. De roman wie ek nearne te keap.

Yn 1966 rekke ik befreone mei Feije Sixma van Heemstra – ik trof him yn de quatrebrasrûnten en yn De Blauwe Hand yn Harns, letter fia Awyt. Ik fûn syn roman in prachtich foarbyld fan in surrealistysk wurk sa’t se yn Frankryk skreaun waarden – boartlik, assosjatyf, eroatysk, maatskippykritysk, fûl tsjin de tsjerke/c.q. religy – fol mei dreamen en harsels skriuwende groteske sênes. In literatuer dy’t de fêstige oarder de gek oanstuts, foaral provosearjend lykas wenst yn it surrealisme.

Van Heemstra fertelde my dat it boek inspirearre wie troch  in Frânske surrealist dy’t lid fan de surrealistyske bent wie. Op de achterflap fan de Frânske edysje – Amouramort, Actes Sud – Arles, 1997 – hat Van Heemstra sette litten: ‘L’écrivain dont il se sent le plus proche est André Pieyre de Mandiargues (et par certain passages de son livre)’.

Yn 1995 skreau Marianne ten Hove (doe noch Tienhoven) in skripsje oer de roman foar har Frysk-MO. De titel wie Homme Eernstma, in Homo Ludens? Se hat de opdracht yn it boek – – ‘ta de lêzer: yn wêzen is dizze roman wiswier net nij. It is suver neat oars as in fannijs biarbeide en forbettere útjefte fan de roman Homo Ludens fan Johan Huizinga, syn uxor carissima ta-eigene’ (1e pr. 1963) — op de ynhâld hifke. De reaksje fan Van Heemstra op de skripsje fan Marianne ten Hove is:

Marianne ten Hove hat har beheind ta it boartsjen, it spul, ta wat Huizinga yn syn boek nei foaren brocht, en tapast op de roman. Van Heemstra seit: ‘yn leafdedea giet it om it surrealisme, om it elemint fan spyljen binnen it surrealistysk ramt fan de roman’. Yn ’t Frânsk is it krekte tiidwurd jouir (dat genot oanjout). As lêste skriuwt er oan Marianne: ‘as it sa útkomme kin (de roman) pleatse binnen it surrealisme yn it algemien’.

De Frânske surrealist paste wat achtergrûn oanbelanget, en oangeande de ynhâld fan syn surrealistysk/eroatysk wurk perfekt by homme eernstma/c.q. Feije Sixma van Heemstra:

 

 

 

 

 

 

II. Neiskrift 2e printinge (KU, 1994) – Resepsje 1963 en yn in surrealistyske tradysje setten
Yn 1994 hat de Koperative Utjouwerij de twadde printinge fan leafdedea fersoarge. Trinus Riemersma en Josse de Haan wiene de besoargers. Riemersma paste de stavering oan, en op fersyk fan de skriuwer is it Frysk hjir en dêr byholpen. Fierder is de tekst gelyk oan dy fan de 1e printinge. Yn oerlis tusken de skriuwer en de KU (Piter Boersma, Teije Brattinga, Josse de Haan en Trinus Riemersma) hat de KU in neiwurd fersoarge, dêr’t Josse de Haan de resepsje fan de 1e printinge beskriuwt, en it boek mei op fersyk fan Van Heemstra yn de surrealistyske tradysje set. Yn it s.n. Wolkenboek (2006), fersoarge troch Tresoar, wurdt skreaun:

De famylje fan de skriuwer Van Heemstra en de oersetster yn it Frânsk (’97), Frou Agnes Caers, wiene net bliid mei de 2e printinge, net mei it troch de skriuwer autorisearre neiskrift, en ek net mei de oandacht dy’t it boek krige.

Boppe de iepen kiste fan Feije op 17 july 1999 yn Laag Zuthem fertelde Frou Agnes Caers oan my, mei in wizende rjochterfinger en yn de oare hân it kontrakt, dat se mei Feije sluten hie: ‘Mijnheer De Haan, vanaf nu bepaal ik hoe het werk van Feijo Sixma baron Van Heemstra zal verschijnen’. It hat de iennige kear west dat ik har trof.

 

 

 

III. Túnparadizen yn Leafdedea en Bruxelles – it fragmint yn Stamboekboek fan De Jong rint parallel mei Caers’ ferhaaltsje oer har tún
De besoarschster fan de 3e printinge, Frou A. de Jong, hat de bibleteek fan de skriuwer Feije Sixma van Heemstra oardere. Se is troch Frou Agnes Caers yn de kunde kommen mei de Widdo fan de skriuwer, Frou Gelbrich baronesse van Dedem, dy’t jierren mei Feije op har famyljebûten ‘’De Colckhof’ wenne.

Frou De Jong skille my yn ’98 of ’99 oer leafdedea. Se woe in fragmint opnimme yn in samling Frysk Proaza dat ûnder de namme ‘Frysk Stamboek’ (hoe kinne je it betinke?) útkomme soe by Contact. Ik haw har ferteld dat Frou Agnes Caers út Cadzand (België) de rjochten kocht hie (letter testamintêr fêstlein troch Van Heemstra).

Yn it Bulletin fan de VVL (2009-3-des.) skriuwt De Jong oer de oersetting fan it fragmint út leafdedea foar it Stamboekboek, tsien jier dêrfoar. Se neamt it ‘haar project’. Se naam net ‘de beruchte (surrealistyske, JdH) sêne dêr’t Fedde Schurer fan walge en dy’t de skriuwer fan it neiwurd (net neamd, is Josse de Haan, JdH) as evokatyf hichtepunt seach’ (ûnsin, der binne 3 evokative surrealistyske sênes, JdH), mar se joech ‘de foarkar oan it earste haadstik’.

Agnes Caers, de oersetster Frânsk, skriuwt yn in ‘Cahier anthologique – Brussel ’95’, oer har eigen ûnderfining mei Van Heemstra yn har tún yn Brussel (1989), in fragmint dat parallel rint mei dat fan Wibe en Eabeltsje út haadstik 1 fan leafdedea. Foar Caers is haadstik 1 wichtich – ‘wjirms ite en dokterkeboartsje’ yn de tun (yn leafdedea en Bruxelles).

It echte evokative hichtepunt yn leafdedea is dat dêr’t de haadpersoan Wibe al leafdebedriuwend mei de hillige Marije de himel yn dûkt – supersurrealisme, want de religy belachlik meitsjend. De sikesuster fielde har ‘de hillige Trêske fan Lizejeu’ – Thèrèse de Lisieux (Licencieux = geil; Lizejeu = Elise+spul/boartsjen; Eabeltsje = ea belle/moai) – en waard op missy stjoerd.

Doe’t Frou De Jong klear wie mei it oersetten kaam se fia Caers yn kontakt mei Van Heemstra’s Nederlânsktalige ferzy fan leafdedea, neffens De Jong bedoeld foar de oersetster Frou Caers (1989). Nei myn betinken hat it ien fan de ferzys west dy’t de skriuwer oanbean hat oan Nederlânske útjouwers. De ferzy dy’t ik haw sit heel ticht op it orizjineel, is fan 1979, en is oanbean oan in befreone útjouwer.

De Jong seit yn har stik yn it VVL-blêd dat de Nederlânske oersetting sa fier fan it orizjineel ôf stie dat streekrjocht opnimmen fan dy tekst net mooglik wie. Uteinlik besleat se mei Frou Caers de Nederlânsktalige tekst fan Van Heemstra as útgongspunt te nimmen. Ut en troch skrasten en feroaren se. It is dúdlik dat it fragmint yn ‘Fries Stamboek’ net parallel rint mei de orizjinele Fryske tekst.

 

 

 

IV. Oersette Haadstik 1 – Stamboekboek troch De Jong / Caers bewurke
Frou De Jong presintearre de blomlêzing mei Frou Caers oan de Widdo fan Van Heemstra op ‘De Colckhof’. It keazen fragmint joech gjin oanstjit lykas de edysje fan 1994 wol die.

Neffens de Bronnen is foar it fragmint fan leafdedea de twadde printinge brûkt (1994), en wol de siden 11 oant 32 (vert. F.S. Sixma baron van Heemstra).

Yn de koarte Biografie stiet: “leafdedea zorgde bij verschijnen voor enige opwinding. De wat behoudende criticus Fedde Schurer noemde het in een venijnige reactie ‘een nogal vies verhaaltje’. Pas in 1997 werd het opnieuw ontdekt en uitgegeven”. Nonsens, it ferskynde yn 1994 by de KU, ien fan de earste boeken dy’t ik as manuskripteman fan de KU utjaan woe.

By de Noten wurdt wat sein oer it manuskript: ‘na zijn dood was er een typoscript met de tekst “vertalend uit het Fries herschreven door de auteur” (1989). It typoscript wie in presintsje foar Frou Caers doe’t dy de skriuwer yn har tun ûntfong yn ’89. It gong oer leafdedea, boartsjen yn in tun.

‘Mevrouw Caers en ik (= Frou De Jong) hebben de tekst geredigeerd. De Nederlandse tekst van de baron, met zijn opvallende subjectieve en elliptische stijl en bewuste frisismen (?JdH), is daarbij uitgangspunt geweest. De schrijver heeft bij zijn bewerking van de Friese tekst het eerste gedeelte van hoofdstuk I een poëtischer einde gegeven door het terugkerend ‘refrein’ want de tuin, dat is het leven hier al in te voegen.’

Yn de 1e en de 2e printinge fan ’63 en’94 stiet dit refrein folle letter, mar dan is it want de tún, dat wie syn libben. It wurdsje syn is feroare yn het. It wurd het slacht op mear minsken, en faaks wurde hjir de tunen út leafdedea en dy yn Brussel gearfoege(?). It s.n. poëtyske is dus ûnsin.

 

 

 

 

 

V. Caers en De Jong sjogge gjin avantgardistyske, modernistyske of surrealistyske eleminten
Neffens Frou De Jong hat quatrebras yn 1963 gjin avantgardistyske roman leafdedea útjûn, mar in roman oer jild. Dat skriuwt se yn it tydskrift hjir-2001/des: ‘Wibe en Eabeltsje yn Jildlân’. Dochs kotste Schurer.

Schurer, Algra, Van Dis en oare kosmysken spuiden ek raar guod fan G.K. van het Reve, fan Trinus Riemersma. Dy moasten har ferdigenje foar de rjochter. Sechtiger jierren! Soks liket De Jong normaal te finen sjoen myn raar guod spuien.

Frou De Jong: ‘Josse de Haan spuit raar guod fan Schurer en ferklearret yn in neiskrift fan de 2e printinge (‘94) it boek ta ien fan de earste surrealistyske romans. Dat wie yn de njoggentiger jierren. Dêrmei is de roman fêst kommen te sitten tusken it fatsoen fan Schurer en de provokaasjedriuw fan De Haan’. Surrealisme provosearret by definysje – Josse de Haan  net altyd.

We hawwe as Koperative Utjouwerij beskreaun hoe’t de resepsje wie – anty-quatrebras, anty-fernijing, anty-eros – en oanjûn hoe’t it boek past by quatrebras en de surrealistyske tradysje. Bygelyks de orgastyske dea.

Ik haw yn myn neiskrift feiten jûn en in analyse fan guon literêre hichtepunten sa’t dy foarkomme yn it surrealisme. Provokaasjedriuw? Nee, dizze reaksje fan De Jong is de réaksjonêre argewaasje troch it kalvinistysk wrâldbyld fan De Jong en Oppewal, dat nea it surrealisme akseptearje en begripe sil – sels net anno 2011.

It mei dúdlik wêze dat Frou Caers net bliid wie mei de útjefte fan de KU, mei de analyse oangeande de surrealistyske eleminten. Dochs woe Van Heemstra per se dat de achterflap fan de Frânske útjefte oanjoech dat in Frânske surrealist model stien hie, sterker, dat guon passaazjes by him weikomme.  De amouramort hat mei jild neat te krijen. Dy leafdesdea is in sublym stikje surrealisme sa’t selden skreaun is. Sels net troch De Sade.

Van Heemstra sette gauris de saken op syn kop – hy boarte, ironisearre, provosearre. Wibe dy’t grof jild makket út neat is in direkte persiflaazje fan it kapitalisme dêr’t er fan walge, noch mear as fan de kalvinisten. Frou De Jong fynt soks ‘it absurd meitsjen fan de werklikheid’. Mar de realiteit fan de roman is in surrealiteit. Fansels, it is ek in krityk op it ekonomysk systeem, want maatskippijkritysk. Ynherint oan it surrealisme dat koarre fan de o sa fatsoenlike boargerij.

Frou De Jong sjocht gjin surreële eleminten – it giet om ‘werklikheden en tradisjonele wearden’, want de skriuwer moat ea sein hawwe (LC, ’68) – ‘it wie de earste realistyske roman, ik wie dêr Wadman en Riemersma mei foar’.

Dat no is it typysk spottend taalgebrûk fan Van Heemstra – ek dizze utspraak, dêr’t er mei realistysk seksueel frijmoedich bedoelt.

 

 


VI. Surrealisme is gjin mytyske tsjinpoal – It striidt tsjin myten en religieuze spoken

Wat seit Frou De Jong: ‘De ellinde mei in wurd as surrealistysk is dat der in realiteit is en noch wat oars – in mytyske tsjinpoal fan de realiteit’.

Ik stel fêst dat surrealisme neat te krijen hat mei mytysk, net mei mytologysk (ferwiist Frou De Jong ek nei) noch mei magysk (wurdt ek nei ferwiisd) of metafysysk. Surrealisme is maatskippijkritysk (fûl tsjin tsjerke en kapitalisme), literêr kritysk op pulp, hâldt fan boartsjen, is eroatysk, brûkt it ûnderbewuste (dreamen), is soms grotesk, kritisearret de boergeoisy en is faak tabûtrochbrekkend. It is striid tsjin religieuze spoken en myten. It brûken fan automatysk skriuwen en kollaazjes kinne metoaden wêze.

Nei it lêzen fan it stik fan Frou De Jong haw ik har in mail stjoerd, en ferteld dat bygelyks guon surrealistyske passaazjes yn myn Forneukte Stêd en Piksjitten op Snyp ynfloed hân hawwe fan leafdedea. Ek dat de útjefte paste yn it quatrebrasfermidden dêr’t it eksperimint, dada en surrealisme in rol spilen. We woene as KU yn 1994 in rehabilitaasje fan it boek en de skriuwer. Dat slagge.

Ik haw har oanjûn dat de suverste surrealistyske sêne dy is dêr’t Wibe mei Marije orgastysk de himel yn fart, in tige antykristlike sêne, typysk foar Feije van Heemstra – de anargist, de ateïst, de surrealist, de provo, de iroanikus, de earnstige boarter, de gekoanstekker, de omdraaier fan de realiteit. Ik haw sein: ‘Feije van Heemstra wie foar kalvinisten in gefaarlik skriuwer, mar hy moat no mar net foar de twadde kear ûnskaadlik makke wurde troch him op te sadeljen mei myten, realistyske jildferhalen, of religieuze spoken.

Frou De Jong antwurde per mail:

Hoe’t in surrealistysk boek datearre wêze kin ûntgiet my folslein. Feiten binne feiten, en surrealistyske eleminten bliuwe surrealistysk. En wat is yn ‘e goedichheid ‘subversyf karakter in provosearjend kader jaan’? De miening fan Frou Caers dat it oer jild giet, en de konklúzje fan Frou De Jong dêrut, dat it boek (dus) realistysk is feroarje neat oan leafdedea sa’t it ea publisearre is. Yn in surrealistyske roman kin jild ek in rol spylje.

Van Heemstra libbet net mear. Hy hat de útjefte fan 1994 – ynklusyf neiwurd – autorisearre, en de roman direkt en yndirekt surrealistysk neamd.

 

 

 


VII. De roman is no magysk-eroatysk: ferbean foar surrealistyke orgys, pornografyske sênes en hardcore

De roman hat no in magysk-eroatysk ritueel krigen. As je neat fan it surrealisme witte is magysk in útkomst. Magy is it manipulearjen fan de realiteit – ritueel, beswarring, religieuze trâns – om yn kontakt te kommen mei it boppe-natuerlike.

It magysk-realisme docht soks, mar it is nea kritysk tsjin maatskippij, religy of boarger sa’t it surrealisme is, dat erotyk en it ûnbewuste as fiedende boarnen kent, altyd ree foar révolusjes op maatskiplik en keunstgebiet. Gefaarlik dus!

Neffens Frou De Jong (echo Frou Caers) is leafdedea net surrealistysk. Oer de 2e printinge fan 1994 (KU) – dêr’t it boek kwa resepsje, literêre foarm en ynhâld yn de surrealistyske tradysje setten wurdt – komt de lêzer no mei de 3e printinge neat te witten.

Besoarchster Alpita de Jong fermeldt op de achterflap fan de tredde printinge har werskreaune fragmintsje fan leafdedea yn har Stamboekboek, sadat Atte Jongstra opfierd wurde kin. Jongstra dy’t mar in part fan it boek lêzen hat – net de orizjinele Fryske tekst, mar de bewurke fan De Jong en Caers –  ferwiist nei L’oeil (It each) fan Georges Bataille (in surrealistyske tekst notabene!). Mar dat wit De Jong uteraard net.

Jan Jongsma wurdt opfierd, mar net folslein sitearre, ‘fergetten’ is: ‘De surrealistyske eleminten yn leafdedea wiene yn de jierren sechtich folslein wat nijs, benammen yn de Fryske literatuer’.

Oan dizze 3e printinge is in slot tafoege dat Frou Caers – de Frânske oersetster  – yn har ferzy opnommen hat. Se beweart dat Van Heemstra dat nei ’89 skreaun hat. Dat hat mei it Fryske orizjineel neat te krijen.

It wurd en it begryp surrrealisme skine foar de kosmysken yn Fryslân in soarte fan porno te wêzen. Dizze tredde printinge ferwiist net mear nei de 2e printinge dêr’t it surrealistysk aspekt yn útwurke wurdt, hat alle ferwizingen yn en op it boek nei surrealisme derút smiten, en docht oft it in gewoan leafdesromantsje oer jild is.

Hear T. Oppewal, de literatuerbefoarderer, hat surrealisme al earder ôfwiisd. Doe’t yn 1993 de 1e Spiegel gearstald waard hie er te krijen mei Utjouwerij Meulenhoff. De direkteur Laurens van Krevelen sei: ‘Ik heb voor mijn Spiegel van de surrealistische poëzie uit 1989 dertien surrealistische gedichten van Josse de Haan opgenomen. Hij is de enige Friese dichter die zo schrijft. Waarom neemt U niet een paar van deze gedichten op in Uw Spiegel”. Oppewal: ‘Surrealisme is geen literatuur’ (NB: Van Krevelen skriuwt en publisearret ûnder de namme Laurens Vancrevel surrealistische gedichten – Crevel wie in Frânske surrealist).

 

 

 

VIII. Slaafske hâlding Tresoar / De Jong tsjinoer Caers – nij slot is s.n. ‘poëtysker’, en magysk/religieuzer
Jitske Kingma frege my maart ’10 om tastimming foar it brûken fan myn neiskrift yn de 2e printinge fan leafdedea foar in tredde printinge. Yn maaie ’11 skille ik har en hearde dat Frou Caers dat ferbean hie. As Elikser en Tresoar trochsetten hiene dan hie Caers har dage. Sij woe har eigen Neiskrift by de roman skriuwe? De roman ‘ûntsurrealiste’ en ‘kuise’.

Der wurdt yn dit Neiskrift fan Frou Caers net praten oer myn neiskrift yn de 2e printinge, noch oer de roerige skiednis, noch oer de surrealistyske eleminten. De tekst is deselde as dy fan ’63 en ’94 + in nij (‘poëtysk’) einhaadstikje.  Frou Caers beweart dat nei ’89 de tekst troch Van Heemstra yngripend feroare is – de skriuwer wol no 4 haadstikken sa’t er dat altyd wollen hie. Tsjinoer de KU, besoargers fan de 2e printinge yn ‘94, hat er hjiroer neat sein.

Frou Caers seit dat de skriuwer nei ’86 begûn mei oersettings yn it Nederlânsk en it Frânsk. Mar ein santiger jierren hie ik dy al sjoen. De Frânske wurdt letter as âldfrinzich op side skood. Se seit dat er dêre it fyfde haadstik fuortlit – it soe it poëzygehalte mear rjocht dwaan. Yn syn brief oan Caers hat Van Heemstra it oer it ‘slothoofdstuk over de erfenis’, net oer in poëtysker ferzy.

Hy lit dan neffens Frou Caers it diel V falle dêr’t de sikesuster har fisioen oer Wibe en Maria oer de buorren ropt. Se wurdt yn dit haadstik nei in missypost stjoerd, sûnder yninting en stjêrt (dus) frij gau, mar krijt gjin sakkerminten (se sloech blasfemysk praat ut, sadat se de ‘deastraf’ krige). Op Holdingastate komme sûplappen, nij ljocht wurdt yn de buorren oanlein, en letter ferskine asosjale fammen út de grutte stêden op de State – dúdlik in streek fan de âlde Wibe, sizze se op it doarp.

Dit ein past perfekt by it boek – it janusgesicht fan de tsjerke toanend, en geile fammen – is helendal de styl fan it boek, yllustrearret de wize fan praten fan de skriuwer as er oer dit soart ûnderwerpen op de tekst rekke. As er ein ’89 (op oanstean fan Frou Caers?) besleat dit fragmint te skrassen, wêrom hat er dat dan net oan de KU witte litten yn ‘94, of oan my dy’t it kontakt fersoarge?

It slot fan haadstik IV is (1e + 2e druk):

It nije slot fan haadstik IV wurdt (3e druk + evt. NL-druk):

Dat is al even in oar slot as it orizjineel. Hy hat net sels syn ‘libbenswyt’ ferwêzentlike, mar in oar (god?), der is in ‘Metamorfoaze’ ta stân kommen, ‘It goud’ is fûn, ‘Himelske leafde’ wurdt net mear op ierde mei Marije preaun, de tún krijt hjir in oare lading, ûnbidige jefte fan fruchtberens is no ‘krêft’ wurden, de rin is feroare yn in ‘reis’ en ‘oerstap’, en in wichtige feroaring – bestean is ‘libben’ wurden. Yn de hele roman spilet it sjibbolet want de tún dat wie syn/har libben in grutte rol (boartersplak mei Eabel). En net syn libben yn de tún. Mei oare wurden, de boartlike eroatyske eleminten binne feroare yn religieuze. Folslein yn tsjinspraak mei de skriuwer, it surrealisme en homme eernstma sels.

My tinkt dat in ynstelling as Tresoar net  meiwurkje moatte soe oan in oantaasting fan in klassiker yn de Fryske literatuer. Yn de Nederlânsktalige oersetting en publikaasje – dêr wurket Frou  Caers oan mei Jan Mysjkin – sil ferwiisd wurde nei it neiskrift yn de tredde printinge fan it orizjinele Fryske wurk mei it nij tafoege fatsoennearre slot. Guon surrealistyske eleminten binne ynruile foar kwasy-religieuze. Jo hawwe yndie  sinsuer yn soarten (Van Heemstra, 1970).

 

 

 

IX. Tradisjonele wearden en tradysjes kontra it bedriigjende modernisme – surrealisme is noch altyd gefaarlik, fiis en provosearjend
De ynlieding fan Frou Caers yn har oersetting Amouramort is no yn de 3e printinge folslein troch de besoargers folge. Wat Frou De Jong earder yn hjir-2001 en yn it VVL-Bulletin fan 2009 skreau komt streekrjocht  ut de hoed fan Frou Caers.

Frou  De Jong sitearret Frou Caers letterlik ut it Frânsk yn it hjir-artikel: ‘It oargelpunt fan dizze finansjele algemy is in bûtenwenstich offerritueel (“Point d’orgue de cette alchimie financière…”). Yn normaal Frysk: it wichtichste punt (‘orgelpunt’ en ‘oargelpunt’ hearre je selden yn it Frysk of Nederlânsk).

Fierder seit Caers/c.q. De Jong: ‘It boek is in krityk op it ekonomysk systeem, gjin oprop ta révolusje. De realiteiten en tradisjonele wearden wurde troch de roman ferdigene tsjinoer de bedriigjende eachmerken fan it modernisme. It is it libben meitsjen fan de mytology sa’t yn it tinken fan de minsken ferankere is. Wibe syn fisioen oer en moeting mei de Hillige Marije bringe myte en wurklikheid byinoar. Dy mytyske wrâld komt yn de ‘oarde parten’ foar it ljocht. Se binne net mearke-achtich, mar sa konkreet as wat’.

Frou De Jong folget slaafsk Frou Caers. Op de achterflap fan de 3e printinge is dit magysk-eroatysk wurden. Frou de Jong hat it oer de moeting mei de Hillige Marije. Yn de roman leit Wibe mei Marije op bêd, dat is mear as in moeting:

‘Neaken fermakke de Hillige Frou har mei de Hear fan Holdinga’. As dit in normaal mytysk ritueel is sa’t Caers en De Jong beweare – frijend de himel yn, de leafdesdea (mar hoefolle geane neukend mei Maria de dea yn?, JdH), dan ûntkenne se folslein it surrealistysk boartsjen dêr’t Van Heemstra op attendearret yn syn brief oan Marianne ten Hove. Maria foarstelle as in surrealistyske geile hooker is ommers blasfemy yn de eagen fan Caers, De Jong, Oppewal en de famylje fan Feije van Heemstra.

Frou De Jong skriuwt my yn in mail dat ik it boek subversyf makke haw, wylst ik de trije prachtige surrealistyske sênes in plak jou yn Huizinga syn boartsjende mins, in plak yn it surrealistysk gek-oan-stekken fan de saneamde boargerlike kultuer, neffens de tekst fan de roman.

Tresoar hat mei it besoargjen fan dizze tredde printinge har fiat jûn oan de utlis fan Frou Caers, oan it opnimmen fan in ekstra haadstikje en straks yn de NL-ferzy it skrassen fan Haadstik V, yn feite oan it kaltstellen en oantaasten fan leafdedea, dat ynienen net mear modernistysk is, mar tradisjoneel sa’t Caers (en dus Frou De Jong)  beweart. Marije hat nea kopulearre, kopulearret net yn dit boek, en sil nea kopulearje (om oer neuken mar net te praten). De kosmysken hawwe al wer taslein (sjoch Piksjitten op Snyp, cq. Kikkerjaren).

Tresoar helpt  by it  werskriuwen fan  de literêre skiednis fan leafdedea op wei nei it boargerfatsoen en de tradysje, dêr’t Van Heemstra sa ferskriklik de pest oan hie.

Foar de tredde kear wurdt troch de literatuerbefoarderer literatuer oantaast:

1). – it saneamde Wolkenboek skoffearret in grut part moderne skriuwers;
2). –  de twadde Spiegel hat heel wat eksperimintearjende dichters ut de 70-er  jierren en letter op side skood;
3). – en no wurde in klassiker as leafdedea en  syn skriuwer homme eernstma misledige, en it modernisme ôfskaft yn de Republyk fan de Fryske Letteren anno 2011 –  in foarm fan opskjinjen en modern literatuerbefoarderjen sille we mar sizze.

Meidat der net sa’n soad op’e hispel kommen is wat oersettings oanbelanget yn de ôfrûne 18 jier giet men no sa’t it liket mei alles akkoard.

(N.B. De skriuwer fan dit stik wurdt yn De Moanne fan novimber ’11 troch de yn 1993 Provinsjaal oanstelde  literatuerbefoarderer – T. Oppewal – omskreaun as ‘immen dy’t him  mei in grutte bek  in plak yn de Fryske literatuer ferovere hat’. Ja, hy hat sels de heechste literêre wurdearring – de Gysbert Japicxpriis – krigen. Grutte bekken stjoere de wrâld, en as jo ferbiningen ha mei Snyp jildt dat dûbel. We geane 50 jier werom yn de tiid – ek Van Heemstra hearde yn ’63 ditsoart gjalpen ut de hoeke fan de reaksje.)

Hendaye (Frankryk), Maijos Baita, simmer 2011/bewurking novimber ’11.

Josse de Haan

Comments
5 reaksjes oan “Leafdedea: reaksje Josse de Haan”

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.